poalhazze
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skifthazze-eftigen (Lagomorphaa)
famyljehazzen en kninen (Leporidae)
skaaiechte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus arcticus
Ross, 1819
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Net te betiizjen mei de sniehazze, in oare, nau besibbe hazzesoarte.

De poalhazze (wittenskiplike namme: Lepus arcticus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dêrbinnen foarmet dit bist mei de Alaskahazze (Lepus othus) en de sniehazze (Lepus timidus) it ûnderskaai fan 'e sniehazzen (Lepus). De poalhazze komt foar yn Grienlân en it uterste noarden fan Kanada, en is tige goed oanpast om te oerlibjen yn ien fan wrâlds kâldste biotopen. Ien fan dy oanpassings wurdt foarme troch koartere earen as oare hazzesoarten, sadat de poalhazze eins mear it oansjen fan in knyn jout. In oarenien is dat dit bist winterdeis in wite pels kriget, as skutkleur yn 'e snie. De IUCN klassifisearret de poalhazze as net bedrige.

Taksonomy

De poalhazze waard yn 1819 foar it earst beskreaun troch de Britske marine-ofsier en ûntdekkingsreizger John Ross. Oarspronklik wie de wittenskiplike namme fan dit bist Lepus timidus arcticus, mei't de poalhazze lange tiid beskôge waard as in ûndersoarte fan 'e sniehazze (Lepus timidus), dy't foarkomt yn 'e noardlike kontreien fan Jeraazje. Tsjintwurdich wurdt de poalhazze lykwols algemien erkend as in selsstannige soarte.

Fersprieding

It lânseigen ferspriedingsgebiet fan 'e poalhazze beslacht de noardlikste dielen fan Kanada. Dêrta heart de hiele Arktyske Arsjipel, mei grutte eilannen as Banks, Victoria, Baffinlân en Ellesmere. Dêrnjonken komt er ek foar op it Kanadeeske fêstelân, yn frijwol hiel Nûnavût, mei dêropta it easten en noarden fan 'e Noardwestlike Territoaria, de Hudsonbaaikust fan Manitoba en noardwestlik Ontario, de noardpunt fan Kebek (Nûnavik) en de kuststripe fan Labrador yn 'e provinsje Nijfûnlân en Labrador. Ta it areaal fan 'e poalhazze hearre fierders de westlike helte fan it eilân Nijfûnlân en bûten Kanada ek noch de súdwestlike, noardlike en noardeastlike kuststripen fan Grienlân.

Uterlike skaaimerken

De poalhazze is ien fan 'e grutste libbene hazze-eftigen. Dizze soarte hat trochinoar in kop-romplingte fan 43–70 sm, mei in sturtlingte fan 41/2–10 sm en in gewicht fan 21/2–51/2 kg, mei útsjitters nei 7 kg. Poalhazzen binne tige goed oanpast oan in bestean yn 'e kjeld, mei ferkoarte earen (yn ferhâlding ta oare hazzesoarten), koartere poaten, in lytsere noas, in ûnderhûdske fetlaach dy't wol 20% fan it lichemsgewicht útmakket en in tsjûke pels. Troch de koartere earen hat de poalhazze mear it oansjen fan in knyn as fan in hazze, mar kninen kinne net oer sokke kjeld as dêr't de poalhazze wielderich yn tieret.

De pels fan poalhazzen is winterdeis wyt mei in swarte noas en swarte puntsjes oan 'e úteinen fan 'e earen. Yn 'e súdliker dielen fan it ferspriedingsgebiet, lykas op Nijfûnlân en yn súdlik Labrador, ferhierret de poalhazze by 't maityd en kriget dan in brún-grize pels foar de simmer, dy't by guon eksimplaren mear útskaait nei brún en by oaren mear nei griis. Dy feroaring fan kleur, dy't ek by oare bisten foarkomt, lykas de moerassniehin (Lagopus lagopus), de harmeling (Mustela erminea) en de poalfoks (Vulpes lagopus), soarget derfoar dat de poalhazze syn kamûflaazjekleur behâldt as de snie fuortteit. Yn it hege noarden fan Kanada en op Grienlân, dêr't de simmer mar hiel koart duorret, bliuwe poalhazzen lykwols it hiele jier rûn wyt.

In poalhazze yn syn simmerpels.

Biotoop

De biotopen dêr't de poalhazze libbet, en dêr't er tige goed foar oanpast is, binne de toendra fan it Noardpoalgebiet en oare izige en snieïge kriten.

Hâlden en dragen

Behalven troch harren lichaamlike adaptaasjes oan 'e kjeld bliuwe poalhazzen winterdeis yn it Noardpoalgebiet waarm troch lichemsoriïntaasje, lichemshâlding, it beskûl sykjen efter foarwerpen en it graven fan in hoale. Lichemsoriïntaasje betsjut dat it bist bgl. mei de kop of it efterliif yn 'e wynrjochting sitten giet, en net mei de folle bredere side, dy't mear wyn fange soe sadat de hazze flugger ôfkuolje soe. In gaadlike lichemshâlding om minder fluch ôf te kuoljen is om yninoar dûkt te sitten, mei de poaten ûnder it liif. Poalhazzen nimme dêrby in suver bolfoarmige hâlding oan, sadat de wyn maklik oer har hinne blaast. Se sykje beskûl efter natuerlike dingen lykas sniebanken en rotsen, mar ek efter struktueren dy't troch de minske makke en pleatst binne. It graven fan hoalen dogge se sawol yn 'e snie as yn 'e grûn. De hoalen kinne in lingte fan likernôch 188 sm berikke.

Hoewol't poalhazzen winliken solitêre bisten binne, komme se soms yn groepen foar fan soms wol 30 oant 40 eksimplaren. Yn sokke gefallen diele se by it rêsten lykwols gjin lichemswaarmte troch tsjininoar oan lizzen te gean. Poalhazzen kinne by it draven in faasje fan 60 km/h berikke. Winterdeis binne se faak oansjenlik lichter as by 't simmer. It tinken mank biologen is dat soks feroarsake wurdt troch minder beskikberheid fan fretten, minder kwaliteit fan it fretten dat àl foarhâns is, en in stadiger geande spiisfertarring as evolúsjonêre oanpassing oan dy omstannichheden.

De peartiid falt foar de poalhazze om april of maaie hinne. Nei in draachtiid fan 53 dagen smyt de moerhazze yn maaie, juny of july in nêst fan maksimaal 8 jongen mei in gemiddelde fan 5,4 stiks. Dy bliuwe by de mem oant se nei likernôch 4 wiken ôfwûn wurde en selssannich oerlibje kinne. In jier nei de berte binne se geslachtsryp. Der is net folle bekend oer de libbensspanne fan poalhazzen. Anekdoatyske ynformaasje wiist derop dat se yn it wyld 3–5 jier libje. Se dogge it yn finzenskip net goed en libje dan heechút mar 11/2 jier.

Printen yn 'e snie fan 'e poalhazze.

Fretten

De poalhazze is in herbivoar, dy't foar it meastepart bestiet fan blêden fan 'e poalwylch (Salix arctica), ferskate soarten stienbrek (Saxifraga), beikeheide (Empetrum nigrum) en de krûdwylch (Salix herbacea). Yn guon kriten wurdt mear as 90% fan it dieet foarme troch de poalwylch. Dêrnjonken kinne poalhazzen tebekfalle op 'e konsumpsje fan in breed ferskaat oan oar plantaardich materiaal, lykas de blêden, blommen, stâlen, twigen en woartels fan gerzen en oare plantesoarten en teffens moassen en koarstmoassen. Ut ferskate ûndersiken is sûnt 2000 oan it ljocht kommen dat it menu fan 'e poalhazze yn 'e koarte noardlike simmer drastysk feroaret en dan foar wol 70% út pûlfruchten bestean kin. Soms ite se ek fleis, benammen fisk. Ek is waarnommen hoe't poalhazzen by de iepenlizzende kadavers fan deade rindieren de (herbivoare) maachynhâld beplúzje. Om oan drinken te kommen, frette poalhazzen snie.

Predaasje en parasitisme

Predaasje

Natuerlike fijannen fan 'e poalhazze binne de poalfoks (Vulpes lagopus), de gewoane foks (Vulpes vulpes), de grize wolf (Canis lupus), de Kanadeeske lynks (Lynx kanadensis), de iisbear (Ursus maritimus), de harmeling (Mustela erminea), de snieûle (Bubo scandiacus), de gierfalk (Falco rusticolus) en de rûchpoatmûzefalk (Buteo lagopus). Soms wurde poalhazzen ek bejage troch de minske. De poalwolf (Canis lupus arctos), de noardlikste ûndersoarte fan 'e grize wolf, is nei alle gedachten de súksesfolste bejager fan poalhazzen. Snieûlen hawwe it benamme op jonge poalhazzen foarsjoen.

Parasiten

Der binne fjouwer groepen parasiten bekend by de poalhazze: protozoën (Protozoa), rûnwjirms (Nematoda), luzen (Phthiraptera) en flieën (Siphonaptera).

Status

De poalhazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten

Der binne 4 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e poalhazze (Lepus arcticus):

  • L. a. arcticus
  • L. a. banksii
  • L. a. groenlandicus
  • L. a. monstrabilis
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.