It plysjeburo op It Hearrenfean.

In plysjeburo is in gebou dêr't in pleatslike ôfdieling fan 'e plysje yn húsfêste is.

Boargers kinne op it plysjeburo telâne om oanjefte te dwaan fan in misdriuw, mar tsjintwurdich kin dat yn Nederlân foar ienfâldige dingen ek oer it ynternet dien wurde. De iepeningstiden fan plysjeburo's binne net allegearre itselde. Guon binne 24 oeren deis iepen, wylst men by oaren inkeld ûnder kantoaroeren telâne kin. Yn grutte stêden besteane ek ûnfolsleine plysjeburo's dy't wykburo’s neamd wurde en saneamde stipepunten, bygelyks yn multyfunksjonele sintra, dêr't troch de plysje ienris yn 'e wike sprekoere holden wurdt.

Nei har arrestaasje foar in misdriuw wurde arrestanten nei it plysjeburo ta brocht om yn it ferhear nommen te wurden. Yn it plysjeburo wurde sokken dan fêstholden oant se wer frijlitten wurde, of oant se yn ôfwachting fan in rjochtsaak oerbrocht wurde nei in hûs fan bewar.

Plysjeburo's omfetsje ornaris de folgjende foarsjennings:

  • in resepsjebaalje foar it opfangen fan besikers.
  • kantoarromten dêr't aginten, resjersjeurs en sekretarieel meiwurkers wurkje.
  • ferhearromtes, dêr't arrestanten, fertochten en tsjûgen (fer)heard wurde kinne.
  • sellen dêr't arrestanten yn opsletten wurde kinne.
  • in bewiiskeamer dêr't bewiismateriaal en yn beslach nommen eigendommen fan arrestanten bewarre wurde.
  • klaaikeamers mei dûsen, dêr't plysjeminsken harren ferklaaie en ferskjinje kinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.