In modern syljacht mei bûtenboardmotor.

In jacht is in fluch en faak lúksueus ynrjochte skip of boat, dat útslutend bestimd is foar it ferfier fan persoanen, foar it meidwaan oan races of foar rekreaasje en ferdivedaasje. Yn it lêste gefal sprekt men ek wol fan in plezierjacht. Faak is in jacht ek tsjintwurdich noch útrist mei seilen; dan wurdt it skip wol in syljacht neamd. Hat it in motor, dan kin men sprekke fan in motorjacht. Ornaris hawwe syljachten tsjintwurdich trouwens ek in motor, of alteast in bûtenboardmotor, foar as de wyn fuortfalt of te sterk oanlûkt en om 'e haven yn en út te farren.

Etymology

Etymologysk komt de oantsjutting 'jacht' út it Nederlânsk, fan 'jacht' yn 'e sin fan it jeien op wyld, fia 'jachtsjen', dat "fluch fuortbewegen" betsjut, nei in licht skipke dat him mei faasje fuortbeweecht oer it wetter.

In 18e-iuwsk jacht.
Jacob fan Strij (1756 -1815)

Skiednis

De term 'jacht' waard oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw foar it earst foar in fartúch brûkt, te witten foar de lytse, lichte skipkes dy't de Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau yn it ramt fan 'e Tachtichjierrige Oarloch foar oarlochsdoelen útstjoerde by de Flaamske kust lâns. Nei ôfrin fan dy oarloch ûntjoech dat type skip him ta in komfortabel ferfiermiddel foar oer it wetter.

Yn 'e santjinde en de achttjinde iuw kaam it Steatejacht yn gebrûk, dat bedoeld wie foar it ferfier fan pommeranten, lykas leden fan it lânsbestjoer of fan 'e Steaten, it besjoer fan 'e ôfsûnderlike gewesten. It selde type skipke waard ek brûkt foar it oerbringen fan driuwende berjochten. By de marine bleau it jacht foar soks yn 'e tsjinst oant 1843.

Yn 'e tweintichste iuw kamen jachten yn gebrûk as foarm fan ferdivedaasje foar de riken en letter ek foar de minder riken.

Beskriuwing

Der besteane gjin fêststelde noarmen foar wat as jacht betitele wurde kin en wat net. De term kin sadwaande brûkt wurde foar elts licht skipke mei in kajút of roef en foarsjennings om der de nacht op oer te bliuwen. By de term 'jacht' tinkt men gauris oan wat gruttere, langere, lúksueuzere skippen fan 'e riken, lykas de hierjachten dêr't sokken de Middellânske See mei opgeane of de superjachten fan Arabyske oaljesjeiks of Russyske oligargen. De term 'plezierjacht' ferwiist almeast nei in wat lytser en minder lúksueus skipke, dêr't in protte Nederlanners mei middenynkommens simmerdeis it wetter mei opgeane.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.