Playboy | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk, ferskaat | |
sjenre | neakenfotografy | |
frekwinsje | 1x de moanne | |
bestean | 1953 – no | |
oprjochter | Hugh Hefner | |
plak haadred. | Beverly Hills (Kalifornje) | |
útjouwer | Playboy Enterprises, Inc. | |
oplaach | 1.008.000 (2014) | |
ISSN | 0032-1478 | |
offisjele webside | ||
www.playboy.com |
Playboy, ek wol Playboy Magazine, is in neakenblêd, fral ornearre foar heteroseksuële manlju, oprjochte yn 1953 troch Hugh Hefner (1926-2017). In playboy is immen dy't yn jet-set-fermiddens ferkeart, faak achter froulju oan sit en meast koarte ferhâldings hat. It blêd jout foto's fan neakene froulju, saneamde Playboy Playmates, ôfwiksele mei ynterviews en politike- en kulturele analyzes.
Bysûnderheden
It earste nûmer fan Playboy hie Marilyn Monroe op de omslach (en op de middenside-centerfold). It bleat hat altyd mear eroatysk as pornografysk west. De oplaach is, faaks troch de maklike tagong ta seks en eroatyske ôfbyldings op ynternet, tige tebekrûn. Yn 1972 waard fan in nûmer mear as 7 miljoen ferkocht. Yn 2005 wie de oplage fan de Amerikaanske útjefte noch mar 3 miljoen. Hugh Hefner's dochter Christie Hefner is tsjintwurdich de direkteur fan Playboy.
De Nederlânske en Belgyske ferzje besteane sûnt maaie 1983. Foar it Nederlânske nûmer posearre de doe 36-jierrige, neakene Jerney Kaagman. Covergirl fan dat nûmer wie Ellen Soeters. Playboy hat ek in edysje foar froulju, nammentlik Playgirl, mar dy wurdt net yn it Nederlânsk útjûn.
Yn 2005 ferskynde in wittenskiplik artikel oer de feroarings fan lichemsferhâldings fan de centerfoldmodellen yn de lêste 50 jier[1]. Der waard konludearre dat der gjin oertsjûgjende oanwizings binne foar in trend nei gruttere slankens; wol waarden ferskowings sjoen yn it oantal kearen dat fiif ferskate lichemstypen ôfbyld wienen.
Ynternasjonale edysjes
|
|
Bekende Amerikaanske Playboymodellen
Guon modellen waarden troch in fotoreportaazje yn Playboy Magazine wrâldferneamd. Oaren stiene der ien kear yn en waard dêrnei noait mear wat fan fernaam.
List fan súkselfolle karriêrefroulju:
- Pamela Anderson
- Carmen Electra
- Farrah Fawcett
- Aria Giovanni
- Rita Granberry
- Vida Guerra
- Daryl Hannah
- LaTasha Marzolla
- Marilyn Monroe
- Tera Patrick
- Dita von Teese
- Anna Nicole Smith
- Denise Richards
Bekende Nederlanners yn Playboy Magazine
Karút bekende Nederlanners dy't ferskynden yn de Nederlânske útjefte fan Playboy Magazine:
- Aukje van Ginneken (desimber 2003)
- Belinda Meuldijk (maart 1992)
- Bettine Vriesekoop (july 1995)
- Bridget Maasland (maaie 2006)
- Connie Breukhoven (1984)
- Daphne Deckers (jannewaris 1998)
- Dominique van Hulst (sjongster Do) (desimber 2008)
- Esmarel Gasman (oktober 2007)
- Froukje de Both (desimber 2001 en juny 2002)
- Georgina Verbaan (desimber 2004)
- Heleen van Royen (desimber 2006)
- Isa Hoes (maaie 1997)
- Jerney Kaagman (maaie 1983)
- Josefine van Asdonk (1998)
- Julia Samuel (maart 1999)
- Katja Schuurman (oktober 2002 en maaie 2004)
- Kelly van der Veer (febrewaris 2002)
- Klarissa Patijn (juny 2003 en july 2004)
- Leontien Ceulemans (febrewaris 1991)
- Leontine Ruiters (febrewaris 1997)
- Lieke van Lexmond (desimber 2007 en oktober 2008)
- Manuela Kemp (april 2000)
- Marian Mudder (novimber 1999)
- Patricia Paay (1984, 1996, desimber 2009)
- Rachel ter Horst (desimber 1993, jannewaris, july 1994, desimber 1994, april 1995, desimber 1999 en oktober 2001)
- Rebecca Loos (jannewaris 2006)
- Robine van der Meer (juny 2003)
- Sonja Silva (jannewaris 2003)
- Tanja Jess (desimber 2000 en jannewaris 2001)
- Tatjana Simic (desimber 1987, juny 1990, maaie 1991, augustus 1992, novimber 1993, augustus 1995, novimber 1995, novimber 1996 en febrewaris 1999)
- Tonny de Jong (maart 2002)
- Touriya Haoud (juny 2005)
- Valerie Zwikker (july 2005)
- Viola Holt (1984)
Bekende Flamingen neaken yn Playboy Magazine
- Ann Van Elsen (jannewaris 2008, opbringst foar Music For Life (2007).
- Betty Owczarek (febrewaris 2001)
- Brigitta Callens
- Eva Pauwels
- Irena Milano (desimber 2001)
- Joyce De Troch (oktober 1997 en april 1999)
- Joyce van Nimmen (novimber 2006)
- Katia Alens
- Phaedra Hoste (april 2001)
- Tanja Dexters (july 2000)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|