In playboy (útspr.: ['ple:boi̭], likernôch: "plee-boi") is in rike man dy't rom yn 'e frije tiid sit en dy't as bon vivant genietet fan it goede libben. Yn 't bysûnder siket er it selskip fan (en seksuële omgong mei) in ôfwikseling fan kreaze froulju. Fierders giet der net folle fan him út en kin er omskreaun wurde as in liddichgonger. 'Playboy' wurdt sadwaande ek wol brûkt as in synonym foar 'rokkejeier'. De oantsjutting kaam yn syn moderne betsjutting geandewei de earste helte fan 'e tweintichste iuw yn 'e Feriene Steaten yn gebrûk, en fersprate him yn 'e twadde helte fan dy iuw út it Amerikaansk-Ingelsk nei de measte oare talen fan 'e Westerske wrâld.
Untwikkeling
It wurd 'playboy' komt út it Ingelsk en betsjut fan oarsprong letterlik "spyljonge". De term ûntstie yn 'e achttjinde iuw foar jonges dy't yn it teäter spilen. Letter ferskode de betsjutting nei "boartersjonge" (om't 'spyljen' en 'boartsjen' yn it Ingelsk beide to play binne), wêrmei't ferwiisd waard nei in man dy't nea de ferantwurdlikheden fan 'e folwoeksenens op him nommen hie en derop út wie om fan it libben te genietsjen. Yn dy betsjutting waard it yn 1888 yn it toanoanjaande wurdboek it Oxford Dictionary opnommen. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw hie it wurd ek konnotaasjes krigen mei 'gokker' en 'muzikant'. Tsjin 1907, doe't J.M. Synge de komeedzje The Playboy of the Western World makke, hie 'playboy' de bybetsjutting fan 'rokkejeier' krigen, hoewol't it wurd neffens filmkritikus Shawn Levy pas yn it Ynterbellum syn folsleine moderne betsjutting krige.
De earste playboys wiene jonges út rike famyljes dy't yn 'e 1920-er en 1930-er jierren opgroeiden yn in wrâld sûnder oarloch. Harren âldelju brochten progressive, fatsoenlike, modieuze bern grut, dy't fanwegen harren maatskiplike eftergrûn net hoegden te wurkjen en dêrom har hiele bestean wije koene oan it neijeien fan genot. Doe't nei de Twadde Wrâldoarloch de earste fleantugen ynternasjonaal begûnen te fleanen, joech dat sokken tagong ta plakken dy't oars ûnberikber west hiene, lykas de Frânske Riviêra en Palm Beach, yn it suden fan it Floarida-skiereilân. Dêr sloegen se om mei froulju dy't ryk, tsjep en ferneamd wiene. Op harren reizen waarden se hjitfolge troch de earste paparazzi, dy't de rabbersblêden foarseagen fan fotomateriaal dêr't de 'gewoane man' fan smulde.
Ferneamde playboys
Ien fan 'e meast ferneamde playboys wie Hugh Hefner, dy't yn 1953 it neakenblêd Playboy oprjochte en syn libben lang in wiere playboy bleau troch yn syn Playboy Mansion yn Los Angeles gear te libjen mei in opienfolging fan kreaze jonge neakenmodellen. In oare bekende playboy wie Porfirio Rubirosa, dy't yn 1965 omkaam by in auto-ûngelok. Dat wie in diplomaat dy't bewearde dat er gjin tiid hie om te wurkjen, mei't er it fierstente drok hie mei it omslaan mei kreaze froulju, gokken, drinken, it spyljen fan polo, it racen mei auto's en it fleanen mei syn eigen fleantúch fan it iene feest nei it oare.
Oare foarbylden fan playboys binne sjonger Julio Iglesias, fuotballer George Best, cricketspiler (en letter politikus) Imran Khan, sakeman Howard Hughes, akteur Errol Flynn, FIAT-topman Gianni Agnelli, premier fan Itaalje Silvio Berlusconi en de Amerikaanske presidint John F. Kennedy. In bekende fiktive playboy fan 'e tillefyzje is Charlie Harper út 'e komeedzjesearje Two and a Half Men, spile troch akteur Charlie Sheen, dy't ek as playbloy troch it wiere libben gie oant er besmet rekke mei it HIV-firus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |