Plaidt | ||
![]() | ||
Lokaasje Plaidt (read) yn de ferbânsgemeente Pellenz (roze) - ynset lofts lokaasje gemeente yn de dielsteat Rynlân-Palts | ||
Emblemen | ||
![]() | ||
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
lânkring | ![]() | |
ferbânsgemeente | Pellenz | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.841 (31 desimber 2021) | |
Befolkingsticht. | 622 ynw./km² | |
Hichte | 107 m. | |
Offisjele webside | ||
Side Plaidt |
Plaidt is in plak yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit yn de Fulkaaneifel.
Bestjoer
Plaidt foarmet mei fjouwer oare ortsgemeinden de ferbânsgemeente Pellenz fan de lânkring Mayen-Koblenz.
Skiednis
.jpg.webp)
Plaidt hearde iuwenlang oant it ein fan de 18e iuw by it karfoarstendom Trier. Mei de Frânske besetting yn 1794 kaam der in ein oan it karfoarstendom en waard Plaidt by it kanton Andernach fan it Ryn-Mûzel-departemint yndield. Sûnt 1816 waard de regio ûnderdiel fan it Keninkryk Prusen en foel Plaidt ûnder de gemeente Mayen yn it bestjoersdistrikt Koblenz, dat sûnt 1822 oant de opheffing yn 1946 ûnderdiel foarme fan de Rynprovinsje.
Yn it sintrum sie op it plak fan de hjoeddeiske Hummerich-Halle oant 1861 de tsjerke fan Plaidt. Fanwegen brekfalligens waard dy âlde tsjerke ôfbrutsen en mei de ferkeap fan de dêrûnder lizzende tufstien waard yn 1860 bûten it âlde sintrum de Sint-Willibrordtsjerke oan de Mühlenstraße boud.
It besjen wurdich

- De roomsk-katolike Willibrordtsjerke (1859-1860) is in trijeskippige, neogoatyske basilyk.
- Vulkanpark Infozentrum (Rauschermühle 6): museum oer fulkanisme en sântûzen jier winning fan stien yn de regio.
- It Rauscherpark is in park oan de beek de Nette, dy't hjir tige moai lâns ûnbidich grutte basaltblokken streamt.
- Römerbergwerk Meurin: noardlik fan it oanbuorjende doarp Kretz leit krekt bûten Plaidt it grutste ûndergrûnske mynbougebiet foar dowestien noardlik fan de Alpen.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Plaidt fan Wikimedia Commons. |