De piramiden fan Gizah, yn Egypte
Piramide yn Nubje

In piramide is type bouwurk dat yn in soad âlde beskavingen boud waard. De oerienkomst tusken de ferskate piramiden is dat sy in brede basis hawwe en skean oprinne. De oarsaak fan de brede basis is nei alle gedachten dat de âlde beskavingen gjin stevige materialen hienen, lykas stiel, dy't harren by steat stelle koene om hege bouwurken te meitsjen dy't rjocht omheech gongen.

Lannen mei piramiden

Egypte

De ferneamdste piramiden binne wol dy út it âlde Egypte. Alhoewol't der nea in mummy fûn is yn in piramide, geane de skiedkundigen der fanút dat de piramiden troch de Egyptenaren brûkt binne as grêf foar harren farao's.

De âlde Egyptenaren makken de bûtenkant fan de piramiden glêd mei goud en de bêste kwaliteit kalkstien. De bekendste piramide yn Egypte is de Grutte Piramide fan Gizeh. Dizze waard yn de Klassike Aldheid rekkene ta de Sân Wrâldswûnders; it wie it âldste wûnder en is sûnt de 15e iuw it lêste dat noch bewarre bleaun is.

Bou fan de piramiden yn Egypte

De measte teorieën geane der fanút dat de piramiden troch slaven boud waarden. De earste teory hjiroer kaam fan Herodotus. Neffens him wie it mooglik om de blokken, fan om-ende-by 10 ton it stik, te ferpleatsen troch it hevelpealsysteem te brûken fan Archimedes. Oan de ein fan de 20e iuw binne der lykwols nije teoryen ûntwikkele, dy't der fanút geane dat de piramiden boud wêze kinne mei in goede organisaasje en goed-motivearre wurkers, yn stee fan mei in leger fan slaven. Foar it ferpleatsen fan enoarme stienen is ek in alternative teory oanfierd, dy't hawwe wol dat de stienen getten binnen mei in slachs beton.

Núbje

Yn Núbje, yn it suden fan Egypte, waarden ek in protte piramiden boud, dizzen wienen foaral lytser as dy fan Egypte. De piramiden yn Nubje gean wol steiler omheech en binne net boud foar grêf, mar monuminten foar deade keningen. De piramiden waarden hjir oant nei 300 n.Kr. boud.

Keppeling om utens

Bibliography

  • Wolfgang Kosack: Die altägyptischen Pyramidentexte. In neuer deutscher Uebersetzung; vollständig bearbeitet und herausgegeben von Wolfgang Kosack. Christoph Brunner, Berlin 2012, ISBN 978-3-9524018-1-1.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.