In pilaster, muorrepylder as healpylder is in rjochthoekige muorreferswiering dy't net sa fier as syn breedte foar in gevel útstekt. As wurd komt "pilaster" fan it Frânske pilastre, dat sels komt fan it Italjaanske pilastro, dat weromgiet op it Latynske pilastrum.
In healpylder is in healrûne fariant fan de pilaster. Beide termen wurde faak troch elkoar brûkt. Pilasters hawwe faak in dekorative funksje.
Pilasters wurde ûnder oare tapast yn it Hollânsk klassisisme en hawwe dan in kapiteel en basemint.
At in muorreferswiering mear as syn breedte foar in muorre útstekt, wurdt sprutsen fan in steunbear, dy't wol in skoarjende funksje hawwe kin. At it útsteksel mar in bytsje is en basemint en kapiteel ûntbrekke, is it in liseen.
Taljochting
- In basemint is yn de klassike boukeunst de foet fan in pylder, pilaster of healpylder.
Galery
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pilasters fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.