In pigmint (fan it Frânske pigment) is in stof dy't kleur oan eat jout. Dat dogge pigminten troch harren stofeigen weachlingteselektive absorpsje fan ljocht. It is in natuerkundich proses dat ferskilt fan fluoresinsje, fosforesinsje en oare foarmen fan luminesinsje (wêrby't in stof sels ljocht ôfjout). De measte materialen absorbearje beskate weachlingten fan ljocht, mei as gefolch dat se foar it each de kleur krije fan it oerbleaune, net-absorbearre ljocht. As in materiaal bygelyks alle read en alle blau ljocht absorbearret, mar gjin grien ljocht, sil it der foar it each grien útsjen, om't it ljocht fan dy kleur wjerkeatst wurdt. Pigminten dy't minsken útkeazen hawwe om as kleurstof te fungearjen, hawwe lykwols yn 'e regel bysûndere eigenskippen dy't se gaadlik meitsje om oare materialen mei te kleurjen.
Pigminten wurde brûkt foar it kleurjen fan û.m. ferve, inket, tekstyl, kosmetika, plestik en itenswaren. In betingst foar in pigmint is dat it yn hege mjitte kleur ôfjaan moat oan oare stoffen dêr't it mei yn kontakt komt. In oar betingst is dat it by keamertemperatuer in stabile fêste of eventueel floeibere foarm hawwe moat. De measte pigminten hawwe de foarm fan in fyn poeier. Om't sokke stoffen har faak min oan oare materialen hechtsje wolle, is gauris ferlet fan in bynmiddel (ek wol in 'fehikel' neamd), dat foar adheezje soarget. Pigminten dy't net in permaninte kleur ôfjouwe, wurde flechtich neamd. De kleuren dy't sokke stoffen ôfjouwe, ferdizenje troch ferrin fan tiid of troch bleatstelling oan sinneljocht. Ek komt it foar dat se krekt tadûnkerje en úteinlik swart wurde.
Pigminten komme fan natuere foar yn 'e sellen fan planten en bisten. By de minske befetsje bygelyks frijwol alle sellen pigmint dy't foarkomme oan it oerflak fan 'e hûd en de eagen en yn it hier. Wat mear pigmint in minske yn 'e hûd hat, wat dûnkerder syn hûdskleur. Minsken en bisten dy't troch de ôfwiking albinisme alhiel gjin pigmint hawwe en oanmeitsje, wurde albino's neamd. Sokken hawwe gjin beskerming tsjin 'e ultrafiolette strieling yn it sinneljocht en moatte dêrom út 'e sinne bliuwe as se net fuortendaliks ferbrând reitsje wolle. Foar kleuring fan materialen hat de minske histoarysk organyske pigminten wûn út beskate planten (lykas wede en indigo) en út beskate bisten (lykas de poarperslak). Oare, anorganyske, pigminten komme út beskate grûn- of stiensoarten. Yn 2006 waard wrâldwiid foar 7,4 ton oan pigminten ferhannele. Yn 2009 gie yn 'e ynternasjonale hannel yn pigminten sa'n $20,5 miljard om.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|