Petrus (Pieter) Schenck (Elberfeld, 26 desimber 1660 - Leipzig, 1711) [1] wie in Dútske graveur en kaartemakker. Tegearre mei syn soan mei deselde namme, Pieter Schenk (II), wie Schenck yn de earste helte fan de 18e iuw ien fan de wichtichste figueren fan de Saksyske kartografy. Schenck publisearre goed 800 mezzotints.
Libben en wurk
Peter Schenk ferhuze yn 1675 nei Amsterdam en waard learling fan Gerard Valck dy't spesjalisearre yn mezzotint wie.[2] Valck wie troud mei Maria Bloteling, de suster fan de Amsterdamske graveur Abraham Bloteling. Yn 1687 troude Schenk mei Gerards suster Agatha Valck. Yn 1694 kocht er tegearre mei Valck inkelde koperplaten fan de keunsthanneler en kartograaf Johannes Janssonius. Mei Valck en Bloteling makke er printen foar de Londenske merk, hoewol't it net bekend is oft er dêr ea mei hinnegong.
Oant 1700 wenne er yn de Jordaan, dêrnei ferhuze er nei de Dam of nei Leipzig,[2] dêr't er in winkel iepene, dêr't er kaarten en keunst ferkocht. Hy wie in regelmjittige besiker fan de hannelsbeurs Leipziger Messe yn Leipzig, dêr't er ek ferstoar. Hy hie trije soannen dy 't graveur waarden. [2] Syn âldste soan Peter Schenk de Jonge wie ek in bekend kartograaf en keunsthanneler dy 't de winkel fan syn heit yn Leipzig trochsette. Syn soannen Jan en Leonard bleaune yn Amsterdam en setten nei alle gedachten it atelier fan harren heit troch. Syn dochter Maria boaske mei Leonard Valck, de soan fan Gerard, dy 't Gerard syn atelier fuortsette.[3]
Galery
In kar út syn wurk:
- De Grote en Kleine Vleeshal, Amsterdam. (1710)
- Gint yn 1712
Keppeling om utens
- (dú) Biografy yn't Dútsk
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pieter Schenk (I) fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|