Pieter Nicolaas van Eyck
skriuwer
Van Eyck yn 1914
Van Eyck yn 1914
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne1887
stoarn1954
wurk
taalNederlânsk
bekendste
  wurk(en)
De tuinman en de dood
prizenConstantijn Huygenspriis (1947)

Pieter Nicolaas van Eyck (Breukelen, 1 oktober 1887Wassenaar, 10 april 1954) wie in Nederlânske dichter, heechlearaar oan de Universiteit Leien en literatuerkritikus. Yn 1947 ûntfong er de Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre. Pieter Nicolaas wie de heit fan arsjitekt Aldo van Eyck.

Van Eyck syn bekendste gedicht is De tuinman en de dood, basearre op in tema fan de Frânske keunstner Jean Cocteau (1889 -1963) út dy syn roman Le Grand Écart. Cocteau syn ferhaal is wierskynlik wer basearre op in soefi-anekdoate fan Rûmy.[1]

Libben en wurk

Van Eyck folge it Gymnasium Haganum, die steatseksamen en studearre rjochten yn Leien, dêr't er yn 1914, allinnich op stellingen, promovearre. Dêrnei waard er skofke korrespondint foar de NRC yn Rome, wêrnei't er in pear jier sûnder betelle wurkrûnte redakteur fan it blêd De Beweging wie. Yn 1918 krige er in amtlike funksje op it Ministearje fan Lânbou. Tusken 1920 en 1935 wurke er foar de NRC as korrespondint yn Londen, dêr't er in soad omtinken oan kultuer joech. Yn 1935 waard er beneamd ta heechlearaar Nederlânske taal - en letterkunde oan de Leidske universiteit as opfolger fan Albert Verwey.

Priveelibben

Hy troude op 28 april 1914 mei Nelly Estelle Benjamins (Suriname, 17 augustus 1891 - Wassenaar, 1971), in frou fan Sefardysk komôf, hikke en tein yn Suriname. [2] Yn 1919 ferhuzen hja nei Grut-Brittanje. Sy krigen twa bern: Robert Floris van Eyck, dichter, keunstner en keunstrestaurateur yn Londen, en arsjitekt Aldo van Eyck.

Bibliografy

Sitaat út De tuinman en de dood
(P.N. van Eyckhof, Leiden)
  • 1909 - De getooide doolhof (gedichten)
  • 1910 - Worstelingen (gedichten)
  • 1911 - De sterren (gedichten)
  • 1912 - Uitzichten (gedichten)
  • 1913 - Bevrijding
  • 1916 - De plicht van Nederland
  • 1916 - Over boekkunst en De Zilverdistel (mei J.F. van Royen, juny 1916) [3]
  • 1917 - Het ronde perk
  • 1917 - Lichtende golven
  • 1918 - Opgang (gedichten)
  • 1919 - Getijden (gedichten)
  • 1921 - De Iersche kwestie
  • 1922 - Inkeer (gedichten)
  • 1923 - Uren met Platoon
  • 1926 - Voorbereiding (gedichten)
  • 1926 - De tuinman en de dood (Yn: Erts. Letterkundige Almanak)[4]
  • 1935 - Kritisch onderzoek en verbeelding (ynaugurale rede)
  • 1938 - Over leven en dood in de poëzie
  • 1941 - Verzen 1940 (gedichten)
  • 1943 - Twee gedichten (gedichten)
  • 1945 - Benaderingen
  • 1946 - Broeder Bernard (gedicht)
  • 1946 - De tuin
  • 1946 - Meesters (gedichten)
  • 1947 - Medousa
  • 1949 - Herwaarts (gedichten)
  • 1953 - In memoriam Jacob Israël de Haan
  • 1954 - Herodias, fertaling fan Mallarmés Hérodiade

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De skriuwer Herman Franke hat de speurtocht nei de boarne fan it gedicht beskreaun yn syn boek De tuinman en de dood van Diana (1999). De anekdoate wie ek de ynspiraasje foar de titel fan Appointment in Samarra fan John O'Hara.
  2. Marlene A. Eilers, Queen Victoria's Descendants (Baltimore, Maryland: Genealogical Publishing Co., 1987), s. 167
  3. Over boekkunst en De Zilverdistel, webstee KB, sjoen 18-11-2020
  4. Erts. Letterkundige Almanak, jrg. 1 (1926)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.