Jhr. mr. Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen (1808-1879)

Jonkhear Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen (Ljouwert, 22 juny 1808 - dêre, 29 maaie 1879) wie grytman, Frysk steatelid en lid fan de Twadde Keamer.

Libben

Pieter wie soan fan jonkhear V.L. Vegelin van Claerbergen en A.A.M. Vegelin van Claerbergen.
Hy boaske 9 oktober 1834 oan Aurelia van Beyma,( 23 maart 1815 - 29 desimber 1851 ) en krige mei har in soan en twa dochters, en 7 febrewaris 1856 troude hy mei Jacoba Johanna van Haeften, (31 desimber 1830 - 21 novimber 1913 ) by wa't hy 6 soannen en 7 dochters hie. Ien fan de soannen út it twadde houlik, jonkhear P.J. Vegelin van Claerbergen, wie earst see-offisier, dêrnei izerfabrikant yn De Bosk en lêst direkteur fan it Kabinet fan de Keninginne.

Hy waard ynskreaun yn Grins op 18 septimber 1828, dêrfoar al yn Leien op 26 maaie 1827 as studint en promovearre oan de universiteit fan Leien op 19 april 1833 op in dissertaasje De juribus summi imperantis in societates ecclesiasticas.

Yn 1835 waard er as ferfanging fan syn heit ta grytman fan Haskerlân beneamd. Op 13 july 1842 keazen de Steaten fan Fryslân him as lid fan de Twadde Keamer. Troch it ferstjerren fan syn mem en de sykte fan syn heit hat er net faak yn de Keamer west. Hy achte him dan ek ferplichte om ûntslach as Keamerlid te freegjen, dat him 7 juny 1843 ferliend waard. Hy stoarte de as lid fan rykswege ûntfongen jilden werom yn de skatkiste fan it Ryk. Ek hjirom krige hy op syn fersyk op 20 maaie 1844 earfol ûntslach as grytman fan Haskerlân.
Op 2 juny 1845 waard hy troch de ridderskip fan Fryslân as lid fan de Fryske Provinsjale steaten keazen, en op 13 febrewaris 1950 troch syn mei-steateleden ta lid fan Deputearre Steaten. Hy wie doe redlik liberaal.

Doe't troch de provinsjale wet nije ferkiezings foar de Steaten sûnder ûnderskied tusken ridderskip, stêden en plattelân hâlden waarden, waard hy op 3 septimber 850 yn de distrikten Ljouwert en Snits keazen; in beide wie hy dejinge dy't fan alle kandidaten de measte stimmen krige. Hy nom de beneaming foar Snits oan. Op 27 dêropfolgjend weaard hy ek as deputearre werkeazen; hy wie de ienige fan it âlde kolleezje, dy't by de kiezers en by syn meileden as sadanich genede fûn hie. Wyls nom hy yn septimber 1853 ûntslach as lid fan Deputearre Steaten.

Hy wie no de konservative rjochting ( in heul oar soarte as dy fan foar 1848) tadien en waard as sadanich ( it wie net lang nei de Aprilbeweging) op 18 desimber 1855 wer yn it distrikt ta lid fan de Twadde Keamer keazen. Mei it each dêrop fersocht hy, by syn ôftreden as steatelid net yn de beneaming te kommen en hy waard 27 maaie 1856 ferfongen.
Mar it Keamerlidmaatskip wie him wer te swier, want by syn periodike ôftreding frge hy, net mear yn oanmerking te komen, sadat hy 8 juny 1858 ferfongen waard. No waard hy 10 maaie 1859 wer yn it distrikt Snits as lid fan de Steaten fan Fryslân keazen en diskear bleau hy it oant syn dea.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.