Piet Kleine
sporter
Piet Kleine (1980)
Piet Kleine (1980)
persoanlike bysûnderheden
echte nammePiet Kleine
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum17 septimber 1951
berteplakHollandscheveld
sportive ynformaasje
sportReedriden
ûnderdielLangebaan
Maraton
O.S.Innsbruck 1976,
Lake Placid 1980
debút1971
karriêre-ein2001
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1976
2x sulver Olympyske Spullen 1976, 1980
1x goud WK Allround 1976
1x brûns WK Allround 1973

Piet Kleine (Hollandscheveld, 17 septimber 1951) is in earder Nederlânsk reedrider.

Hy die njoggen kear mei oan it Wrâldkampioenskip, en it Europeesk kampioenskip allround en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1976 en 1980). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, en Europeesk kampioen allround en ien kear Olympysk kampioen. Hy waard ek ien kear Nederlânsk allround kampioen.

Yn 1981 stopte Kleine mei Langebaanriden, yn 1986 stie er foar it earst oan de start fan in grutte Maratonwedstriid. Yn 1990 waard Piet Nederlânsk kampioen Maratonriden op Keunstiis. Yn 1997 ried er as wedstriidrider de Alvestêdetocht fan 1997 út, Piet Kleine waard eins fiifde mar om't er yn Hylpen, de stimpelpost foarby riid, krige er gjin âlvestêdekrúske en kaam er net yn de útslach te stean. Dêr makke Kleine sa'n opskuor om, dat úteinlik besletten waard him dan dochs mar in Alvestêdekrúske ta te stjoeren. Dat kaam lykwols mei kearende post werom, want Kleine wie doe sa lulk dat er it net mear hawwe woe. De stimpelkaart fan Kleine is te sjen yn it Reedridersmuseum yn Hylpen. Yn 2001 hold Kleine op mei reedriden op heech nivo.

Persoanlike rekôrs

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 40,10 30 jannewaris 1981 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1000 meter 1.17,35 30 jannewaris 1981 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1500 meter 1.56,28 13 maart 1976 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
3 km 4.08,86 26 febrewaris 1981 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
5 km 7.02,38 12 maart 1976 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
10 km 14.36,03 23 febrewaris 1980 flagge fan de Feriene Steaten Olympic Skating Rink, Lake Placid

Resultaten

jier NK
Allround
NK
Maraton
keunstiis
NK
Maraton
natoeriis
EK
Allround
WK
Allround
Olympyske
Spullen
19718ste
19728ste
1973Sulver5eBrûns
1974SulverDiskwalifisearre10e
1975SulverBrûns13e
1976Sulver8steGoud1000 m, 18e
1500 m, 6e
5 km, Sulver
10 km, Goud
1977Sulver7e8ste
1978Goud9e10e
19795e13e
1980Brûns12e9e5 km, 6e
10 km, Sulver
1981Sulver8ste10e
1988Brûns
1990Goud
199114e
199225ste
199310e
199415e7e
199513e14e
19968ste8ste
199718e
1998
199930ste
200020ste
200125ste
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.