Pierre Curie, 1903
Pierre en Marie Curie yn harren laboratoarium

Pierre Curie (Parys, 15 maaie 1859 - dêre, 19 april 1906) wie in Frânsk natuerkundige.

Libben en wurk

Curie krige syn oplieding oan de Sorbonne. Tegearre mei syn broer Jacques fûn hy yn 1880 de piëzo-elektrisiteit. Hy die wiidweidich ûndersyk op it mêd fan magnetisme, wat ûnder oaren resultearre yn de nei him neamde wet fan Curie. Yn 1895 ûntduts hy de Curietemperatuer.

Fan 1897 ôf arbeide Curie, tegearre mei syn frou Marie Skłodowska, oan it ûndersyk nei radioaktiviteit. Sy ûntdutsen doe yn 1898 de eleminten radium en polonium. Dat wie dreech wurkjen omdat sy net in goed tarist laboratoarium ta harren foldwaan hienen. Curie krige it Legion d'honneur foar syn ûntdekking, mar wegere dy omdat er mear ferlet hie fan bettere ûndersyksfasiliteiten. Yn 1903 ontfongen Curie en de frou, en tagelyk ek Henri Becquerel, de Nobelpriis foar de Natuerkunde. Dy waard wol yn tank oannaam. Yn 1904 waard Pierre Curie ek noch ûnderskieden mei de Matteucci Medalje.

Yn 1904 waard Curie heechlearaar natuerkunde oan de Sorbonne sadat er fan bettere ûndersyksfasiliteiten gebrûk meitsje koe. Curie stoar lykwols twa jier letter al, in moanne foar syn 47e jierdei, doe't oerriden waard troch in hynder en wein. Marie gie fierder mei syn wurk.

Pierre Curie wie, lykas syn frou, in grut gelearde, mar Marie stiek boppe him út en waard ferneamder meidat sy mear tiid fan libjen krige.

Pierre en Marie Curie krigen twa dochters: Irène dy't ek paadsljochtsjen wurk op it mêd fan de skiekunde dien hat en Ève dy't sjoernaliste en pianiste waard.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pierre Curie fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.