Pierre Boulle
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammePierre François Marie
   Louis Boulle
nasjonaliteit Frânsk
berne20 febrewaris 1912
berteplakAvignon
stoarn30 jannewaris 1994
stjerplakParys
etnisiteit Oksitaansk
wurk
taalFrânsk
sjenreoarlochslit., science fiction
bekendste
  wurk(en)
Le Pont de la rivière Kwaï
La Planète des singes
jierren aktyf19501994
offisjele webside
Pierre Boulle yn 'e IMDb

Pierre Boulle (folút: Pierre François Marie Louis Boulle; Avignon, 20 febrewaris 1912Parys, 30 jannewaris 1994) wie in Frânsk yngenieur en skriuwer, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn Súdeast-Aazje as geheim agint foar de Frije Frânsen wurke. Nei de oarloch begûn er syn skriuwkarriêre. Hy wie de auteur fan 24 romans, in grut tal koarte ferhalen en ferskate non-fiksjeboeken, mar hy waard benammen bekend troch twa bestsellers: de oarlochsroman Le Pont de la rivière Kwaï en de science fiction-roman La Planète des singes. Allebeide waarden dy adaptearre ta tige bekende en súksesfolle Ingelsktalige films: The Bridge on the River Kwai (1957), resp. Planet of the Apes (1968).

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Pierre Boulle waard yn 1912 berne yn Avignon, oan 'e Rône yn 'e Súdfrânske Provâns. Hy waard from roomsk grutbrocht, mar ûntjoech him letter yn syn libben ta agnost. Hy learde foar yngenieur oan 'e prestizjeuze École supérieure d'électricité (ornaris bekend ûnder de ôfkoarting Supélec), dêr't er yn 1933 ôfstudearre.

Yngenieur en geheim agint

Fan 1936 oant 1939 wurke Boulle as technikus op rubberplantaazjes yn Britsk-Malakka. Dêre mette er in Frânsêze op wa't er smoarfereale rekke en dy't de leafde fan syn libben wurde soe. Hja wie op dat stuit by de man wei, dy't in amtner yn Frânsk-Yndosina wie, mar kearde letter nei him werom. Nei de Twadde Wrâldoarloch soe Boulle har op 'e nij moetsje, en fan dat punt ôf ûnderholden se in platoanyske freonskip.

Doe't yn 1939 de oarloch útbriek, naam Boulle tsjinst by it Frânske Leger yn Frânsk-Yndosina. Nei't Frankryk yn 1940 troch de Dútsers beset waard, holpen dy dêr it kollaborearjende Vichy-rezjym oan 'e macht. It koloniale bestjoer fan Frânsk-Yndosina joech him ûnder it Vichy-regear del. Boulle flechte dêrop nei Singapoer, dêr't er him by de Frije Frânsen fan Charles de Gaulle oansleat.

Ferskate jierren tsjinne Boulle yn Súdeast-Aazje ûnder de skûlnamme Peter John Rule as geheim agint foar de Frije Frânsen. Yn dy hoedanichheid holp er it ferset yn Sina, Britsk-Birma en Frânsk-Yndosina. Yn 1943 waard er op 'e rivier de Mekong pakt troch loyalisten fan it Vichy-rezjym, wêrnei't er twa jier lang fêstsiet yn in jappekamp en ûnder abominabele omstannichheden twangarbeid foar de Japanners ferrjochtsje moast. Nei de oarloch waard Boulle troch it nije Frânske regear ta ridder yn it Légion d'Honneur makke, wylst him ek it Croix de Guerre ("Oarlochskrús") en de Médaille de la Résistance ("Fersetsmedalje") takend waard. Hy soe letter syn ûnderfinings yn 'e oarloch beskriuwe yn it autobiografyske Aux sources de la rivière Kwaï (1966).

Nei de oarloch gie Boulle wer oan it wurk yn rubberyndustry yn Súdeast-Aazje, mar de oanwaaksende anty-kolonialistyske sentiminten ûnder de lânseigen befolking fan 'e Jeropeeske koloanjes dêre makken it bliuwen op 'en doer neat te noflik. Sadwaande kearde er yn 1949 werom nei Frankryk, dêr't yn 't earstoan yn in hotel ferbleau om't er te earm wie om in appartemint betelje te kinnen. Uteinlik koed er by syn suster, Madeleine Perrusset, yntrekke, dy't koartby widdo wurden wie. Hy holp syn omkesizzer Françoise grut te bringen, mar syn plannen om har formeel as syn dochter te adoptearjen kamen der nea fan.

Skriuwer

Boulle sette útein mei it skriuwen fan romans. Syn earste boek, William Conrad, oer in spion, ferskynde yn 1950. Hy brûkte syn eigen oarlochsûnderfinings om Le Pont de la rivière Kwaï te skriuwen, dat yn 1952 as syn trêde roman útkaam. It wie in oarlochsroman oer Alliëarde kriichsfinzenen dy't foar de Japanners yn Tailân in spoarbrêge oer de rivier de Kwai bouwe moatte foar de beruchte Birmaspoarwei (by de oanlis wêrfan't yn it echt 16.000 kriichsfinzenen en 100.000 Aziatyske twangarbeiders omkamen). Le Pont de la rivière Kwaï foarme foar Boulle syn grutte trochbraak. It waard yn withoefolle talen oerset en der waarden miljoenen eksimplaren fan ferkocht.

It boek soarge lykwols ek foar kontroverse, mei't Boulle ien fan 'e haadpersoanen, de Britske luitenant-kolonel Nicholson, mei de Japanners kollaborearje liet. De echte kommandant fan 'e Alliëarde kriichsfinzenen dy't de beide spoarbrêgen oer de rivier de Kwai bouden, luitenant-kolonel Philip Toosey, wie gjin kollaborateur, en âld-kriichsfinzenen wiene dan ek poer oer Boulle syn skiedsferfalsking, sa't sy it seagen. Yn 1969 lei Boulle yn in fraachpetear mei de BBC út dat it nea syn bedoeling west hie om Toosey te belasterjen en dat Nicholson net basearre wie op Toosey, mar op ferskate kollaborearjende Frânske ofsieren út Boulle syn eigen ferline.

Yn 1957 ferfilme regisseur David Lean Le Pont de la rivière Kwaï yn it Ingelsk as The Bridge on the River Kwai, mei Alec Guinness yn in glânsrol as de troch syn eigen grutskens op 'e doele brochte luitenant-kolonel Nicholson. De oarlochsfilm wie in grut súkses en wûn yn 1958 sân Oscars, wêrûnder de priis foar bêste film en de priis foar bêste akteur foar Guinness. Boulle sels wûn de Oscar foar bêste adaptearre senario, al hied er it skript foar de film net skreaun en spriek er ek net genôch Ingelsk om dat te dwaan. Lean hie him yn 'e begjintitels as senarist fermeld om't de wiere senarioskriuwers, Carl Foreman en Michael Wilson, op 'e Hollywood Blacklist stiene en eins net yn 'e filmyndustry wurkje mochten omreden fan harren fermiende kommunistyske sympatyen. Op 'e útrikking fan 'e Oscars naam aktrise Kim Novak út namme fan Boulle de priis yn ûntfangst. Yn 1984 korrizjearre de Academy of Motion Picture Arts and Sciences (de organisaasje efter de Oscars) dit histoaryske ûnrjocht troch de nammen fan Foreman en Wilson oan 'e priis út 1958 ta te foegjen.

Yn 1963, nei't er ferskate oare ridlik súksesfolle romans publisearre hie, ferskynde fan 'e hân fan Boulle syn oare meast ferneamde wurk, La Planète des singes. Dat wie in satiryske beprakkesearring oer hoe't de moderne minske himsels ôfhinklik makke hat fan technology. Boulle geat dat útgongspunt yn 'e foarm fan in science fiction-roman oer de sjoernalist Ulysse Mérou, dy't yn 'e takomst nei in fiere planeet reizget en dêr in beskaving fan yntelliginte, pratende minskapen oantreft, wylst minsken der yn 'e wyldernis libje as wiene it bisten. Mérou ûntdekt úteinlik dat de minsken oarspronklik de dominante soarte op 'e planeet wiene, mar dat se almar mear wurk en ferantwurdlikheden oerdroegen oan 'e apen, dy't se earst as húsdieren holden. De apen waarden dêrtroch yntelliginter, wylst de minsken troch har omloaikjen en neatdwaan dommer waarden, oant de apen úteinlings de macht oernamen. Mérou ûntsnapt fan 'e planeet en keart werom nei de Ierde, mar troch it ferskynsel fan tiidsdilataasje is dêr ûnderwilens krapoan oardel iuw foarbygien. As er dêr arrivearret blykt op 'e Ierde presys itselde bard te wêzen en wurdt er ferwolkomme troch in gorilla yn in militêr unifoarm dy't in auto bestjoert.

Boulle kaam nei eigen sizzen ta it skriuwen fan La Planète des singes doe't er by in besyk oan 'e dieretún troch de 'minskeftige' gesichtsútdrukkings fan gorilla's ynspirearre waard ta it beprakkesearjen fan 'e relaasje tusken de minske en de minskaap. Sels fûn er it ien fan syn mindere wurken, mar de roman groeide út ta in ûnbidige bestseller, dy't yn 1964 yn it Ingelsk oerset waard troch Xan Fielding. It boek ferskynde yn it Feriene Keninkryk ûnder de titel Monkey Planet, mar yn 'e Feriene Steaten as Planet of the Apes.

De Amerikaanske filmprodusint Arthur P. Jacobs, dy't yn 1963 yn Parys op 'e sneup wie nei ferfilmbere ferhalen, waard troch Alain Bernheim, de literêr agint fan Boulle, opmerksum makke op La Planète des singes. Hy kocht de filmrjochten oan noch foar't de roman útkommen wie. Yn Hollywood seach lykwols nimmen brea yn it ferhaal, dat it duorre jierren foar't Jacobs yn 20th Century Fox in filmstudio fûn dy't de ferfilming finansiere woe. De film Planet of the Apes kaam yn 1968 yn 'e bioskopen. It ferhaal wie gâns oanpast en hie Charlton Heston yn 'e haadrol as in Amerikaanske astronaut (ynstee fan in Frânske sjoernalist). Fierders keart dyselde oan 'e ein fan 'e film net werom nei de Ierde, mar ûntdekt er dat er him al dy tiid al op 'e Ierde befûn. De film wie in grut súkses en late ta it ûntstean fan in mediafranchise dy't ek Planet of the Apes hjit. Anno 2024 bestiet dy út fjouwer ferfolchfilms, in live-actiontillefyzjesearje en in tekenfilmsearje út 'e 1970-er jierren, in remake fan 'e oarspronklike film út 2001 en in rebootfilmsearje út 'e 2010-er jierren.

Ferskate oare wurken fan Boulle waarden yn it Frânsk ferfilme. Sa wie Le Point de mire, út 1977, basearre op syn roman Le Photographe, en waarden syn romans William Conrad en Un Métier de Seigneur yn 1973, resp. 1986 ûnder deselde titels ta tillefyzjefilms makke. Yn 'e Feriene Steaten waarden ek tillefyzjefilms makke fan 'e romans William Conrad (yn 1958) en La Face (yn 1959), en fan it koarte ferhaal Le Miracle (yn 1985). Fan La Face ferskynde yn 1966 ek in Westdútske ferfilming.

Boulle gie troch mei skriuwen oant syn dea. Opmerklik mank syn lettere wurk wie de roman Les Oreilles de jungle, út 1972. Dat is in oarlochsroman oer de Fjetnamoarloch, mar ferteld út it perspektyf fan in Noardfjetnameeske ofsier.

Ferstjerren

Pierre Boulle ferstoar op 30 jannewaris 1994 yn syn wenplak Parys yn 'e âlderdom fan 81 jier.

Wurk

Romans

  • 1950 – William Conrad
  • 1951 – Le Sacrilège malais
  • 1952 – Le Pont de la rivière Kwaï
  • 1954 – Le Bourreau
  • 1955 – L'Épreuve des hommes blancs
  • 1956 – La Fac
  • 1958 – Les Voies du salut
  • 1960 – Un Métier de Seigneur
  • 1963 – La Planète des singes
  • 1964 – Le Jardin de Kanashima
  • 1967 – Le Photographe
  • 1971 – Les Jeux de l'esprit
  • 1972 – Les Oreilles de jungle
  • 1974 – Les Vertus de l'enfer
  • 1978 – Le Bon Léviathan
  • 1979 – Les Coulisses du Ciel
  • 1981 – L'Énergie du désespoir
  • 1982 – Miroitements
  • 1983 – La Baleine des Malouines
  • 1985 – Pour l'amour de l'art
  • 1988 – Le Professeur Mortimer
  • 1990 – Le Malheur des uns...
  • 1992 – À nous deux, Satan!
  • 2005 – L'Archéologue et le Mystère de Néfertiti (postúm)

Ferhalebondels

  • 1953 – Contes de l'absurde
  • 1957 – E=mc²
  • 1965 – Histoires charitables
  • 1966 – Time Out of Mind and Other Stories (allinnich yn it Ingelsk ferskynd: in blomlêzing út Boulle syn earste trije bondels)
  • 1966 – Quia absurdum: sur la Terre comme au Ciel
  • 1976 – Histoires perfides
  • 2007 – L'Enlèvement de l'obélisque (postúm)

Non-fiksje

  • 1955 – Le Siam (Walt Disney) (yn 1958 yn it Ingelsk oerset as Walt Disney's Siam; ierdrykskundige en folkekundige beskriuwing fan Siam yn 'e rige Le Monde et ses habitants / The World and its Inhabitants)
  • 1963 – L'étrange croisade de l'empereur Frédéric II (histoarysk wurk oer de Sechsde Krústocht en keizer Freark II fan it Hillige Roomsk Ryk yn 12281229)
  • 1966 – Aux sources de la rivière Kwaï (memoires oer Boulle syn ûnderfinings yn 'e Twadde Wrâldoarloch)
  • 1987 – L'univers ondoyant
  • 1990 – L'îlon (autobiografy)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.