It Pier Pander Museum is it museum foar de artistyke neilittenskip fan de Fryske byldhouwer Pier Pander (1864-1919).
It museum, in ûntwerp fan stedsarsjitekt Justus Zuidema, waard oprjochte yn 1954 en is fêstige yn de Ljouwerter Prinsetún, njonken it kafee-restaurant De Koperen Tún. Nei't it wurk fan Pander hieltyd minder populêr waard en it museum en de kolleksje stadichoan fertutearzen, is it gehiel fan twadde helte njoggentiger jierren fan 'e 20e iuw opkreaze en restaurearre. It fernijde Pier Pander Museum waard fannijs iepene op 1 juny 2007, lykas ek de Pier Pandertimpel, in geboutsje op it Noarderbolwurk yn Ljouwert dat yn 1924 boud waard foar it libbenswurk fan Pander, in byldegroep fan fiif marmeren bylden. Sûnt 2007 binne beide gebouwen yn behear by it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |