In pier is in fêste daam of in houten peallekonstruksje (staketsel) dy't fan it strân ôf in ein de see yn rint. Oarspronklik hie in pier de funksje fan in havenhaad - in linker- en rjochterpier - om skippen feilich en rêstich de haven yn en út farre te litten, lykas by de havenyngongen fan Nieuwpoort, Oostende en Blankenberge. De útein fan in pier draacht dan in ljochtbeaken of soms in fjoertoer. De konstruksje op peallen lit de wetterbeweging ûnder de pier hast hielendal betsjen sadat se gjin funksje as weachbrekker hat.
Letter waard ek in pier oanlein om toeristen in ein 'oer de see' kuierje litte te kinnen. Op de útein fan de pier kaam dan soms noch in bouwurk, bygelyks in kafee-restaurant of een observaasje-romte.
Foarbylden binne der yn Scheveningen, Blankenberge en Brighton.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Piers fan Wikimedia Commons. |