Piccadilly Circus | ||
Piccadilly Circus yn 2012. | ||
De lokaasje Piccadilly Circus yn Grut-Londen. |
Piccadilly Circus is in krúspunt en plein yn it West End fan 'e Ingelske haadstêd Londen. It leit binnen de grinzen fan 'e Stêd Westminster (City of Westminster), ien fan 'e binnenste boroughs fan Londen. Piccadilly Circus waard yn 1819 oanlein om 'e strjitten Regent Street en Piccadilly mei-inoar te ferbinen. De tafoeging circus, fan it Latynske wurd dat "sirkel" betsjut, moat dêrby oanjaan dat it om in rûn plein giet, omjûn troch stedsbebouwing.
Behalven Regent Street en Piccadilly komme no ek Shaftesbury Avenue, The Haymarket, Coventry Street en Glasshouse Street út op Piccadilly Circus. It plein leit sadwaande deunby in grut tal teäters (oan Shaftesbury Avenue), de bioskopen fan Leicester Square (oan 'e oare útein fan Coventry Street) en ferskate wichtige winkelstrjitten. Piccadilly Square is ien fan 'e drokste en dêrtroch bekendste krúspunten fan Londen, en hat him sadwaande geandewei de tweintichste iuw ûntjûn ta in toeristyske trekpleister op himsels.
It plein stiet bekend om 'e neön- en fideobuorden dy't oanbrocht binne op it hoekegebou oan 'e noardkant, en teffens om 'e fontein mei it tinkteken foar Anthony Ashley Cooper, 7e greve fan Shaftesbury. It stânbyld yn dy fontein wurdt trouwens troch toeristen gauris oansjoen foar in werjefte fan 'e god Eros. Piccadilly Circus wurdt omjûn troch ferskate nijsgjirrige gebouwen, wêrûnder it London Pavillion en it Criterion Theatre. Rjocht ûnder it plein befynt him it metrostasjon Piccadilly Circus, dat diel útmakket fan 'e London Underground, oftewol de metro fan Londen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|