Piëmont
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Turyn
Oerflakte 25.400
Befolking 4.289.000
Befolkingstichtens 166
Oare ynformaasje
Heechste punt Dufourspitze 4643
Oantal gemeenten 1206
Provinsjes Alessandria, Asty, Biella, Kuneo, Novara, Turyn, Ferbano-Kusio-Ossola, Ferselly

Piëmont (Italjaansk: Piemonte, Piëmonteesk: Piemont) is in regio yn Itaalje, oprjochte yn 1859. De haadstêd is Turyn. De namme Piemonte betsjut yn it Italjaansk letterlik 'oan de foet fan de bergen'. Piëmont grinzet oan Switserlân en Frankryk en oan de Italjaanske regio's Liguerje, Emilia-Romagna en Lombardije.

De wichtichste taal dy't brûkt wurdt is it Italjaansk, mar der wurdt ek Frânsk en wat Ositaansk sprutsen.

Lânskip

It lânskip is yn trije parten op te dielen:

  • it Alpengebiet mei as heechste berch de Gran Paradiso (4061 meter),
  • de Po-flakte mei de grutte stêden,
  • heuveleftich gebiet.


Skiednis yn it koart

Piemonte makke mear as tûzen jier part út fan it Romeinske ryk. Op de ein fan de Romeinske tiid, waard it tidens de Grutte Folkeferfarren ferskate kearen plondere troch omreizgjende folken. It kaam yn besit fan de Ostrogoaten en letter de Longobarden. Under Karel de Grutte makke it diel út fan it Frankyske ryk.

Yn de rin fan midsiuwen hienen de markizen fan Piëmont it der foar it sizzen. It Hûs fan Savoye makke Piëmont ûnderhearrich en Frankryk en de Habsburgers hawwe in soad om it gebiet fochten.

Yn 1718 waard Piëmont feriene mei Sardynje en de Habsburchske keizer skonk harren de keningstitel (Keninkryk Sardynje). Nei de besetting troch Napoleon yn 1798 kamen de Eastenrikers oan de macht. Sy makken it gebiet ta in marjonettensteat mei Klemens fan Metternich oan it haad. Sûnt 1847 kaam de befolking hieltyd faker yn opstân tsjin de Eastenrikers en yn 1859 waarden sy troch de Piemontezen en de Frânsken ferneatigjend ferslein yn de slach by Solferino.

Yn 1861 waard Victor Emanuel II ta kening fan it feriene Itaalje kroand. Sûnt dy tiid is Piemonte Italjaansk gebiet


Piëmonteeske rysfjilden tusken Novara en Ferselly

Provinsjes en wichtige stêden

ProvinsjeOfkoarting HaadstêdWichtichste plakken
Alessandria ALAlessandria Kasale Monferrato, Tortona
AstyATAsty Nizza Monferrato, Canelly
BiellaBIBiella Cossato
KuneoCNKuneo Saluzzo, Alba, Bra
NovaraNONovara Borgomanero, Arona
TurynTOTuryn Rivoly, Monsaliery, Ivrea
Ferbano Kusio Ossola VBFerbaniaDomodossola, Omegna
FersellyVC FersellySanthia
 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.