Phoenix is in histoarysk merk fan bromfytsen. It wie in Nederlânsk fytsmerk út Ljouwert dat begjin jierren sechtich mei Fongers en Germaan ek in skoft bromfytsen levere. De trjie bedriuwen ferkochten deselde bromfytsen ûnder har' eigen namme. Sy waarden lykwols makke by Germaan. Yn 1966 gong de Phoenix-Fongers-Germaan-kombinaasje oer yn hannen fan Batavus.

Phoenix wie it ienige Nederlânske fytsmerk dat de ferneamde Switserske Mutaped traapasfersnelling hie. It fersnellingssysteem wie der yn 2- en 3-fersnellingsútfiering. At in fearns slach efterút trape waard, waard oerskeakele nei in oare fersnelling.
Typysk skaaimerk fan Phoenixfytsen wie in detail: it balkopplaatsje waard mei twa messing skroefkes op de balkopbuis fêstmakke. Eltse oare fabrikant brûkte klinkneils as transfers.

Oare merken mei de namme Phoenix binne:

  • Phoenix (Austraalje) - Phoenix (Charleroi) - Phoenix (Dútslân) - Phoenix (Grut-Brittanje) - Phoenix (Londen) - Phoenix (Wenholthausen)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.