Pieter Izaäk Overney (Suwâld, dêr doopt 1636 - Ljouwert, nei 1711) wie in brûnsjitter (klokkejitter) út Ljouwert yn de 17e iuw.

Yn 1663 boaske er mei Cathalijntje Feyckens út Ljouwert en yn 1671 mei de widdo fan Jurjen Balthasar, Elske Folraets, ek út Ljouwert. Yn dat jier folge er Balthasar op yn de saak, en krige datselde jier fan de Fryske Steaten it allinnerjocht ta it meitsjen fan klokken yn Fryslân.

Wurk

Klok fan Overney yn Hoarnstersweach

Keramykmuseum It Princessehof yn Ljouwert hat in fizel fan him út 1692. Der hingje klokken fan him yn Hijum (1670), Loaiïngea (1670) Tsjalbert (1670), Hitsum (1671), Aldtsjerk (1671), Jelsum (1671), Kûbaard (1677), Boalsert (1680), Ljouwert (1680), Warten (1680), Himpens (1681), Sleat (1681), Harich (1682/1683), Langwar (1683), Hylpen (1683/1685), Harns (1684), Nes (Dongeradiel) (1686), Hoarnstersweach (1688), Ljouwert (1689), Terwispel (1694), Wergea (roomske tsjerke, 1694), Skuzum (1696), Drylts (1700), Poppenwier (1700), Easterbierrum (1709), Mitselwier (1711) en Wyns (1711).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Overney, Petrus.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.