Petrus Camper of Petrus van Campen (Leien, 11 maaie 1722 - De Haach, 7 april 1789) wie in Nederlânske soölooch, fysiolooch, anatoom, paleontolooch en arts út de twadde helte fan de 18e iuw. Hy die ûndersyk nei de oerienkomsten yn skeletten fan wringedieren, sawol minsk as bist, dêr't hy de basis mei lei fan de soölogy. Syn ûndersyk nei de rinoserus, orang oetang, de sang fan de kikkert en nei de plasse fan in walfisk en syn publikaasjes en reizen makken him yn gâns Europa ferneamd. Hy waard as lid beneamd fan de Frânske Akademy fan Wittenskippen (Académie des sciences) en de Ingelske Royal Society. Camper wûn safolle priisfragen dat him in fersyk dien waard net langer mei te dwaan. Thomas Rosenboom brûkte in soad materiaal út it libben fan Camper foar syn roman Gewassen vlees.
Biografy
Camper wie de soan fan in begoedige predikant yn Leien. Hy wie ynteressearre yn arsjitektuer, tekenjen, wiskunde, meubelmeitsjen en byldhoukeunst. Camper studearre yn syn wenplak en promovearre op deselde dei yn de filosofy en medisinen. Op wiisgearich mêd is Camper, tegearre mei Frans Hemsterhuis, in libbenslange freon, in fertsjintwurdiger fan de proefûnderfynlike wiisbegearte fan Sir Isaac Newton, yn Nederlân ferbreide troch Willem Jacob 's Gravesande en Petrus van Musschenbroek. Camper waard yn 1749 heechlearaar oan de universiteit fan Frjentsjer en krige as opdracht wiisbegearte, anatomy en sjirurgy te dosearen. Hy boaske mei de widdo fan in boargemaster út Harns, foarhinne syn pasjint.[1]
Camper gie nei it Athenaeum Illustre yn Amsterdam (1755-1761), en wenne dêr yn de Warmoesstrjitte. Yn syn ôfskiedsrede fertelde hy dat er mear as 50 lichems yn it iepenbier ûntleed hie. Fierders is bekend dat hy alle jierren 200 liken fan dizze ynstelling iepene om de oarsaak fan de dea fêst te stellen.[2] Omdat syn frou werom woe, gie er opnij yn Lyts-Lankum yn Frjentsjer wenjen. Yn 1763 waard hy beneamd oan de universiteit yn Grins. Oant 1773 dosearde hy fysiology, ferloskunde, farmakology, sjirurgy en rjochtlike genêskunde. Camper wie in grut sprekker en ferluchtige syn kolleezjes mei tekeningen. It oantal ôfstudearre studinten groeide hurd. Ien fan syn studinten wie de patriot François Adriaan van der Kemp, dy't Camper rieplachte doe't hy lêst krige fan syn rêch. De kolleezjes fan Camper binne as hânskrift bewarre en diels útjûn.
Camper en de biology
Professor Samuel Thomas von Sömmerring kaam ek wol by him thús. Camper die ûndersyk nei antropologyske skaaimerken en ferlykjende anatomy. Yn in opskuor jaande publikaasje ûnder de titel Redevoering over den oorsprong en kleur der zwarten ... hie Camper de tradisjonele opfetting dat de swarte hûdskleur fan de neger in teken fan ynferioriteit wie, as in fabeltsje oanjûn.[3] Petrus Camper's hie in grut oandiel yn it konsept fan de gelikens fan vertebrata en syn grafyske ferbylding makke grutte yndruk op Denis Diderot en Johann Wolfgang Goethe. Goethe, mei wa't er korrespondearre oer it tuskentsjeakbien, neamde him ein Meteor von Geist, Wissenschaft, Talent und Thätigkeit.[4] Hy bestried de opfettings en tekeningen fan Bernhard Siegfried Albinus. Yn 1787 die hy ûndersyk op twa plassen fan de sa goed as útstoarne Javaanske noashoarn. Camper hie grutte ynfloed op it wurk fan Georges Cuvier.
Camper wie de earste dy't in sjirurgyske poliklinyk iepene.[5] Hy wie deskundich op it mêd fan de bestriding fan de feepest, dy't yn 1768 op it plattelân omgie en dêr't hy troch boude op de resultaten fan Geert Reinders, dy't eksperiminteel ûndersyk oan dizze sykte dien hie. Hy is ± 1781 portrettearre troch Wilhelmina fan Pruisen, neidat hy ien fan har dochters mei súkses tsjin de pokken yninte hie.[6]
Camper en de polityk
Petrus Camper wie in eksponint fan it steedhâlderlik stelsel, fûl bekritisearre ûnder steedhâlder Willem V. Hy waard bestjoerlik aktyf yn 1762 as folmacht foar Idaarderadiel nei de Fryske Steaten en yn 1783, as boargemaster fan Warkum. It stedsje hie destiids fjouwer boargemasters, dy't ien kear wyks gearkomme.[7] Troch syn drokke wurk wie Camper nei alle gedachten faak absint en benammen oanwêzich by wichtige beneamingen. Hy waard ek ôffurdige nei de Admiraliteit fan Fryslân, in post dy't troch ûnderling ruiljen langer beset hâlden wurde koe as de bedoeling wie.[8]
Yn 1783 fersette Camper him tsjin de foarstellen fan Court Lambertus fan Beyma om de steedhâlder net langer foardrachten te stjoeren, mar in rûlaasjesysteem op te setten foar wichtige funksjes yn de Provinsjale Steaten en by de Fryske Admiraliteit. Yn 1785 stimde hy foar it oanskerpjen fan de stedsregearingsregleminten, sadat net-gereformeerden bÛten de froedskip holden wurde koenen en yn septimber 1786 foar de beheining fan sensuer en frijheid fan gearkomst.[9] Yn it foarjier fan 1787 gie hy nei Parys .[10] Nei de patriottetiid waard hy beneamd as foarsitter fan de Rie fan Steat. Hy wie belutsen by it opstellen fan de Akte fan Garânsje (1788).
Camper en de keunst
Camper wie ek aktyf as byldhouwer. Om 1780 naam hy les fan Anthony Ziezenis en de Frânske byldhouwer Falconet.[11] Al yn in ier stadium makke hy in rige fan terracotta modellen, beynfloede troch de teoryen fan Johann Joachim Winckelmann. Yn 1747 tekene hy de noashoarn Clara. Yn Amsterdam wie hy beskermhear fan de stedstekenakademy en hold lykas Cornelis Ploos van Amstel redefierings. Yn Grins wie hy inisjatyfnimmer fan in priisfraach foar it ûntwerp fan it stedhûs.[12] Priisfragen wienen sûnt de oprjochting fan boargergenoatskippen yn elke stêd tige populêr. Ek de 17-jierrige Willem Bilderdijk die mei.[13] Hy wie ek beoardieler fan de ynstjoerings en de winner waard Jacob Otten Husly.
Syn soan skriuwde yn 1791 in libbensskets.[14] Hy joech yn 1803 it wurk fan syn heit yn Parys út.[15] Yn 1811 wie Lyts-Lankum noch altyd as anatomysk, geologysk en mineralogysk kabinet ynrjochte.[16] Om 1830 hinne is Lyts-Lankum sloopt.
Sjoch ek
- Johannes Mulder
- Jacob Gijsbertus Samuel fan Breda.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Petrus Camper fan Wikimedia Commons. |