Petrus Adrianus Bergsma (Idaerd, 13 april 1830 - Ljouwert, 20 febrewaris 1915) wie in Nederlânske boargemaster fan Frysk komôf.
Bergsma wie in soan fan Petrus Adrianus Bergsma sr. en Antje Hepkes Geltema. Hy boaske oan Doetje Offerhaus (1832-1918), dochter fan Edo Johannes Offerhaus en Aafje Johanna van Sloterdijck. Harren soan Edo waard boargemaster fan It Bildt en Enschede.
Bergsma studearre rjochten oan de Universiteit Grins en waard abbekaat. Hy wie gemeentesekretaris (1858-1865) en dêrnei boargemaster fan Eaststellingwerf (1865-1870). Foar syn help ûnder de goalera-epidemy yn 1866 krige er in brûnzen medalje.
Hy ferhuze letter nei Ljouwert, dêr't er fan 1870 oant 1905 gemeentesekretaris wie. Hy stoar dêr yn de âldens fan 84 jier.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.