In petrosomatoglyf is in ôfbyld yn in rots fan in diel fan it minsklik lichem of fan in bistelichem. De Kelyske folken, sa as Pikten, Skotten, Ieren, lju út Cornwall en Kumbria, Bretanjers en Welsh hawwe der in soad fan makke. Dy ôfbylden komme út de Iere Midsiuwen; oaren dêr't de bedoeling fan net dúdlik is geane werom op de tiid fan de megaliten. It wiene wichtge symboalfoarmen, dy't brûkt waarden yn religieuze en wrâldske seremoanjes, bygelyks de kroaning fan keningen. Guon wurde beskôge as artefakten dy't ferbân hâlde mei hilligen en helden út de folkloare, lykas Kening Arthur.
It wurd komt fan it Grykske πέτρα – petra ("stien"), σῶμα – soma ("lichem") en γλύφειν – glyphein ("kervje"). Fuotten wurde it meast ôfbyld, mar knibbels, earmtakken, hannen, hollen, fingers, ensafuorth., komme ek foar.
De term 'petrosomatoglyf' moat net trochelkoar helle wurde mei 'petroglyf', in term dy't ôfbylden fan alle libbebe en deade dingen bestrykt, as mei in piktogram.
In protte foarbylden fan petrosomatoglifen sille in natuerlike oarsprong hawwe, sa as troch riviere útsliten holtes yn stiennen; lykwols dogge dy ek ta de saak meidat sy ek faak yn ferbân brocht binne mei hilligen, legindaryske persoanen, feeën ensafuorthinne.
Keppelings om utens
- Fuotprint fan Jezus yn Jeruzalem
- Fuotprinten fan de duvel.
- St. Kolumba's fuotprinten yn Southend, Argyll.
- Kening Arthur's fuotprint yn Tintagel.
- Foto's fan of petrosomatoglifen
- Petroglyph National Monument, Nij Meksiko.
- Fossile fuotleast mei in trilobyt dêryn.
- Plaatsjes fan Boeda syn fuotprinten, dy fan Kristus, de duvel, de profeet Mohammed en sa mear...
- De Barrnakill Hands Neolithic rock carving ûnder Cairnbaan, Argyll.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |