Peter Winnen | ||
sporter | ||
Peter Winnen (1980) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Peter Johannes Gertrudis Winnen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 5 septimber 1957 | |
berteplak | Iselstein | |
lingte | 1.70 m | |
gewicht | 60 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
O.S. | Moskou 1980 | |
debút | 1976 | |
karriêre-ein | 1991 |
Peter Johannes Gertrudis Winnen (Iselstein, 5 septimber 1957), is in earder Nederlânsk hurdfytser. Winnen waard yn 1980 prof, yn dat jier waard hy as amateur noch twadde by de Omgong fan it Eastblok. Nei de Olympyske spullen fan datselde jier tekene hy in kontrakt by it Belgyske Iisboerke. Hy is yn totaal 12 jier professioneel hurdfytser west, wêrnei hy himsels op it skriuwen stoart hat.
As professional
Peter Winnen wie foaral in klimmer. Yn 1981, mei syn debút yn de Omgong fan Frankryk, wûn hy de rit nei de Alpe d'Huez. Hy einige doe foar Bernard Hinault, Lucien fan Impe en Robert Alban. Derneist behelle hy ek de wite trui, wat ynhâld dat hy de beste jongere wie fan de Omgong fan Frankryk fan dat jier. Mei in fiifde plak yn it einklassemint like Nederlân mei Winnen in grut omgong hurdfytser te hawwen. Yn de omgong fan Frankryk fan 1982 wûn hy de alpenrit nei Morzine en waard hy 4e yn it einklassiment, it jier dêrop waard er sels tredde en wûn hy alwer de etappe nei Alpe d'Huez. Troch in ûngemak yn 1984 is Winnen nea wer op syn âlde nivo kaam. Yn 1989 stapte hy op by Raleigh ploech fan Peter Post om yn 1990 te tekenen by de ploech fan Jan Raas. Hjir die hy wer fan him sprekken en waard yn 1990 sels Nederlânsk kampioen op de wei. Nei alwer in ûngemak kaam der frij ynienen in ein oan syn 12-jierrige karriêre. Hy behelle 3 etappe oerwinnings yn de Omgong fan Frankryk en 17 yn totaal as professional.
As skriuwer
Nei syn tiid as hurdfytser is Winnen kollumnist wurden foar û.o. it NRC handelsblad. Syn kollumns binne bondele yn in ferskate boeken. Mei it boek 'Van Santander naar Santander' yn 2000 waard hy entûsjast ûntfongen yn literêre kringen. Oare wurken fan him binne:
- Valse start (2002) - Samling kollums ut it NRC
- Stoempwerk en andere verhalen (2004) - Samling kollums ut it NRC en it tydskrift De Muur
- Het snot voor ogen (2005)
- Pedaalridder - de beste verhalen (2007)
- Windbreker en andere verhalen (2008)
- De Missie (2008) - 30-Minuten boekje bei in six pack Hertog Jan Grand Prestige bier
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|