Peter O'Toole
akteur
Peter O'Toole yn 1968.
Peter O'Toole yn 1968.
persoanlike bysûnderheden
echte nammePeter Seamus Lorcan O'Toole
nasjonaliteit Britsk
Iersk
berne2 augustus 1932 (?)
berteplakConnemara (Ierlân) (?)
Leeds (Ingelân) (?)
stoarn14 desimber 2013
stjerplakLonden (Ingelân)
etnisiteit Iersk
Skotsk
jierren aktyf19542012
prizenOscar 2003
BAFTA 1963
4 × Golden Globe
Emmy Award 1999
offisjele webside
Peter O'Toole yn 'e IMDb

Peter O'Toole (folút: Peter Seamus Lorcan O'Toole; Connemara (Ierlân), 2 augustus 1932Londen, 14 desimber 2013), wie in Iersk-Britsk akteur, dy't bekend stie om syn felblauwe eagen. Hy begûn syn karriêre yn it Britske teäter, dêr't er namme makke as Shakespeare-fertolker. By it grutte publyk en bûten it Feriene Keninkryk waard er lykwols ferneamd troch syn wurk as filmakteur. Fral syn titelrol as T.E. Lawrence yn 'e histoaryske film Lawrence of Arabia makke him ta in filmstjer. Yn syn karriêre wûn er fjouwer Golden Globes, in BAFTA, in Emmy en in Oscar, wylst er fierders noch acht oare kearen foar in Oscar nominearre waard. Yn 2012 joech er it aktearjen deroan.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

O'Toole waard berne yn 1932. Guon boarnen jouwe as syn berteplak Connemara, yn County Galway, yn Ierlân, wylst oaren úthâlde dat er te wrâld kaam yn it Ingelske Leeds. O'Toole sels wie net wis fan syn berteplak of -datum; yn syn autobiografy skreau er dat er 2 augustus as syn jierdei beskôge, mar dat er sawol in Iersk as in Britsk bertesertifikaat hie, en dat er neffens it Ierske berne wie yn juny 1932. O'Toole wie de soan fan Patrick Joseph O'Toole, byneamd "Spats", in Iersk metaalarbeider, fuotballer en bookmaker op in hurddraversbaan en dy syn frou Constance Jane Eliot Ferguson, in Skotsk ferpleechster.

O'Toole waard grutbrocht as lid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, en genoat syn leger en middelber ûnderwiis oan roomske skoallen, dêr't er troch de nonnen tirannisearre waard om syn loftshandichheid ôf te learen. Nei't er fan skoalle gien wie, wurke er as sjoernalist yn oplieding en fotograaf foar de krante de Yorkshire Evening Post, oant er oproppen waard foar syn tsjinstplicht en seinder yn 'e Britske Keninklike Marine waard. Nei syn tsjinsttiid folge O'Toole fan 1952 oant 1954 in oplieding oan 'e Royal Academy of Dramatic Art (RADA) te Londen, nei't er ôfwiisd wie troch de toanielskoalle fan it Abbey Theatre yn 'e Ierske haadstêd Dublin om't er de Ierske taal net machtich wie.

Karriêre

O'Toole sette mei syn karriêre as akteur útein op it toaniel. Hy makke namme as Shakespeare-fertolker yn it Bristol Old Vic en as lid fan it toanielselskip de English Stage Company. Yn 1954 makke er syn debút op 'e tillefyzje, en yn 1959 op it wite doek, mei in lyts roltsje yn 'e Britske film The Day They Robbed the Bank of England. Hy briek yn 1962 troch mei syn rol as de Britske legerofsier en aventoersman T.E. Lawrence yn regisseur David Lean syn masterwurk Lawrence of Arabia. Foar dy rol waard er trouwens pas útkeazen doe't bliken die dat Marlon Brando oare ferplichtings hie, en nei't Albert Finney derfoar betanke hie.

Peter O'Toole as T.E. Lawrence, yn Lawrence of Arabia.

Foar syn rol yn Lawrence of Arabia waard O'Toole foar it earst nominearre foar in Oscar, en yn 'e jierren dy't folgen, soed er noch sânris sa'n nominaasje yn 'e wacht slepe, foar rollen yn 'e films Becket (1964), The Lion in Winter (1968), Goodbye, Mr. Chips (1969), The Ruling Class (1972), The Stunt Man (1980), My Favorite Year (1982) en Venus (2006). Eltse kear gie de oerwinning lykwols oan him foarby. Pas yn 2003 krige er in eare-Oscar útrikt foar syn hiele oeuvre. O'Toole is trouwens ien fan mar in pear akteurs dy't foar deselde rol mear as ien kear nominearre binne foar in Oscar: hy spile kening Hindrik II fan Ingelân sawol yn Becket as yn The Lion of Winter.

Yn dy lêste film wurke O'Toole gear mei Katharine Hepburn, en yn 1972 spile er mei Sophia Loren yn 'e film Man of La Mancha], oer de Spaanske skriuwer Miguel de Cervantes en dy syn fiktive personaazje Don Quichot. Dat er ek komyske rollen oankoe, liet O'Toole sjen yn What's New, Pussycat?, út 1965. Njonken syn karriêre as filmakteur gied er ek troch mei teäter; sa stied er yn 1970 yn it Dublinske Abbey Theatre mei in rol yn Samuel Beckett syn stik Waiting for Godot. Yn 1980 spile er de rol fan 'e Romeinske keizer Tibearius yn 'e kontroversjele (want troch it neakenblêd Penthouse produsearre en foar in diel iepentlik pornografyske) film Caligula. Hy wûn de prestizjeuze Britske Laurence Olivier Award foar syn optreden yn Jeffrey Bernard is Unwell (1989), en in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, foar syn rol yn 'e minysearje Joan of Arc (1999).

De lêste tsien jier fan syn wurkpaad spile O'Toole fral lytsere roltsjes, lykas presidint Paul von Hindenburg fan 'e Weimarrepublyk yn Hitler: The Rise of Evil (2003), de Romeinske keizer Augustus yn Imperium: Augustus (2003), de Trojaanske kening Priamos, yn 'e film Troy (2005), de âldere Giacomo Casanova yn 'e BBC-tillefyzjesearje Casanova (2005), en paus Paulus III yn 'e histoaryske dramasearje The Tudors (2008). Op 12 july 2012 makke O'Toole bekend dat er ophold fan aktearjen.

Peter O'Toole as kening Hindrik II fan Ingelân yn The Lion in Winter.

Priveelibben

Yn 1959 troude O'Toole mei de Welske aktrise Siân Phillips, mei wa't er twa dochters krige, aktrise Kate O"Toole (1960) en Patricia O'Toole (19??). It houlik rûn yn 1979 út op in skieding. Phillips skreau letter yn twa autobiografyen dat O'Toole har geastlik mishannele hie, wat benammen feroarsake waard troch syn slimme alkoholisme. Teffens hied er oanfallen fan ekstreme jaloerskens doe't se him úteinlik ferliet foar in jongere minner. Neitiid krige O'Toole in relaasje mei it folle jongere model Karen Brown (al trouden hja nea), en krige mei har noch in soan, Lorcan Patrick O'Toole (1983).

Oan 'e ein fan 'e 1970-er jierren makke slimme sykte hast in ein oan O'Toole syn libben, doe't syn maachkanker by fersin oansjoen waard foar in symptoom fan syn oerynname fan alkohol. Yn 1976 waarden by in operaasje syn alfleisklier en in grut diel fan syn mage fuorthelle, wat makke dat er tenei litte oan ynsuline-ôfhinklike sûkersykte. Yn 1978 ferstoar er suver oan in bloedkrupsje. Hy bettere lykwols wer op en kearde werom op 'e planken en foar de kamera.

Wat syn politike opfettings oanbelanget, wie O'Toole yn 'e iere jierren fyftich in fûleindich tsjinstanner fan 'e Koreaanske Oarloch. Yn 'e sechstiger jierren, ûnder de Fjetnamoarloch, wied er fannijs aktyf yn 'e anty-oarlochsbeweging. Nei't der grute wurdt, waard O'Toole yn 1987 in ridderskip oanbean (dat it predikaat sir foar syn namme pleatst hawwe soe), mar sloech er dy ôf fanwegen persoanlike en politike redens. Op religieus mêd omskreau O'Toole himsels yn in fraachpetear ris as in "kristen dy't mei pinsjoen gien is".

Ferstjerren

Nei't er lang yn 'e minnichte omtoarke hie, ferstoar Peter O'Toole op 14 desimber 2013 yn 'e âlderdom fan 81 jier, yn it Wellington Hospital yn syn wenplak, de Britske haadstêd Londen. Hy liet trije bern en in pakesizzer nei.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1956The Adventures of the Scarlet Pimpernelearste soldaatgastrol; ôfl. A Tale of Two Pigtails
1961Rendezvous Johnweromkearende rol; 3 ôfl.
1968Present LaughterGarry Essendinetillefyzjefilm
1980Strumpet CityJames Larkinminysearje
1981Masadatribún Cornelius Flavius Silvaminysearje
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
1982Man and SupermanJack Tannertillefyzjefilm
1983Pygmalionprof. Henry Higginstillefyzjefilm
1983Sherlock Holmes and the Baskerville CurseSherlock Holmesas stimakteur; tillefyzjefilm
1983SvengaliAnton Bosnyaktillefyzjefilm
1984KimLamatillefyzjefilm
1986The Ray Bradbury TheaterJohn Hamptongastrol; 1 ôfl.
1987The Dark Angelomke Silasminysearje
1990Crossing to FreedomJohn Sidney Howardtillefyzjefilm
1992CivviesBarry Newmantillefyzjefilm
1994Heaven and Hell: North and South, Book IIISam Trumpminysearje
1995Heavy WeatherClarence greve fan Emsworthtillefyzjefilm
1996Gulliver's Travelskeizer fan Lilliputtillefyzjefilm
1998Coming Homekolonel Carey-Lewistillefyzjefilm
1999Joan of Arcbiskop Pierre Cauchonnom. Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn tillefyzjesearje, minysearje of tillefyzjefilm
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan akteur yn in minysearje of film
1999Jeffrey Bernard is UnwellJeffrey Bernardtillefyzjefilm
2002The Education of Max BickfordSidney McKnightgastrol; 1 ôfl.
2003Hitler: The Rise of Evilpresidint Paul von Hindenburgtillefyzjefilm
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan akteur yn in minysearje of film
2003Imperium: Augustuskeizer Augustus
2005Casanovade âldere Giacomo Casanovaminysearje
2008The Tudorspaus Paulus IIIminysearje
2008Iron RoadLionel Relicminysearje
films
1960KidnappedRobin MacGregor
1960The Savage Innocentsearste plysjeman
1960The Day They Robbed the Bank of England   kaptein Monty Fitch
1962Lawrence of ArabiaT.E. LawrenceBAFTA foar bêste Britske akteur
Golden Globe foar bêste manlike nijynkommeling
nom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1964Becketkening Hindrik II fan Ingelânnom. Oscar foar bêste akteur
nom. BAFTA foar bêste Britske akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1965Lord JimLord Jim
1965What's New Pussycat?Michael James
1965The Sandpiper ?as stimakteur, net fermeld op 'e ôftiteling
1966How to Steal a MillionSimon Dermott
1966The Bible: In the Beginning...de trije ingels
1967The Night of the Generalsgeneraal Tanz
1967Casino RoyaleSkotske doedelsekspilercameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1968The Lion in Winterkening Hindrik II fan Ingelânnom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1968Great Catherinekaptein Charles Edstaston
1969Goodbye, Mr. ChipsArthur Chippingnom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
1970Country Dancesir Charles Ferguson
1971Murphy's WarMurphy
1972Under Milk Woodkaptein Tom Cat
1972The Ruling ClassJack Gurney, 14e greve fan Gurney   nom. Oscar foar bêste akteur
1972Man of La ManchaDon Quichot
Miguel de Cervantes
Alonso Quijano
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
1975RosebudLarry Martin
1975Man FridayRobinson Crusoe
1976FoxtrotLiviu
1976Rogue Malesir Robert Thorndyke
1978Power Playkolonel Zeller
1979Zulu DawnLord Chelmsford
1979Caligulakeizer Tibearius
1980The Stunt ManEli Crossnom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1982My Favorite YearAlan Swannnom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
1983Sherlock Holmes and the Valley of FearSherlock Holmesas stimakteur
1983Sherlock Holmes and a Study in ScarletSherlock Holmesas stimakteur
1983Sherlock Holmes and the Sign of FourSherlock Holmesas stimakteur
1984SupergirlZaltar
1985Creatordokter Harry Wolper
1986Club Paradisegûverneur Anthony Cloyden Hayes
1987The Last EmperorReginald Johnstonnom. BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1988High SpiritsPeter Plunkett
1989As Long as It's Loveprof. Yan McShoul
1990Wings of FameCesar Valentin
1990The Rainbow Thiefprins Meleagre
1990The Nutcracker PrincePantaloonas stimakteur
1991King Ralphsir Cedric Charles Willingham
1992Rebecca's Daughterslord Sarn
1992Isabelle Eberhardtmajoar Lyautey
1993The Seventh CoinEmil Saber
1997FairyTale: A True StoryArthur Conan Doyle
1998Phantomsdokter Timothy Flyte
1999The ManorRavenscroft
1999Molokai: The Story of Father DamienWilliam Williamson
2002Global Heresylord Charles Foxley
2002The Final CurtainJ.J. Curtis
2003Bright Young Thingskolonel Blount
2004Troykening Priamos fan Troaje
2005Lassiede hartoch
2005Mystic Indiavoice-overdokumintêre
2006VenusMauricenom. Oscar foar bêste akteur
nom. BAFTA foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
nom. Satellite Award foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
nom. foar in Screen Actors Guild Award foar bêste akteur
2006One Night with the Kingde profeet Samuël
2007RatatouilleAnton Egoas stimakteur
2007Stardustkening fan Stormhold
2008Dean SpanleyFisk Senior
2008Christmas CottageGlen Wesman
2012Eldoradoferteller
2012Cristiadapastoar Christopher
2014Decline of an EmpireGallus
2017Diamond CartelTugboat

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.