Peter Mayhew
akteur
Peter Mayhew yn 2015.
Peter Mayhew yn 2015.
persoanlike bysûnderheden
echte nammePeter William Mayhew
nasjonaliteit Britsk
Amerikaansk
berne19 maaie 1944
berteplakBarnes (Ingelân)
stoarn30 april 2019
stjerplakBoyd (Teksas)
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf19762019
offisjele webside
Peter Mayhew op Twitter

Peter Mayhew (folút: Peter William Mayhew; Barnes (Ingelân), 19 maaie 1944 – Boyd (Teksas), 30 april 2019) wie in Britsk-Amerikaansk akteur. Hy waard bekend troch syn fertolking fan 'e rol fan it personaazje fan 'e Wookiee Chewbacca yn 'e Star Wars-filmsearje. Hy spile dy rol yn alle live-actionoptredens fan 'e oarspronklike film Star Wars, út 1977, oant en mei Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, út 2015.

Libben en karriêre

Jonkheid

Mayhew waard yn 1944 berne yn Barnes, in bûtenwyk fan 'e Britske haadstêd Londen yn it Ingelske greefskip Surrey. Hy litte oan it syndroom fan Marfan (en net gigantisme, sa't wolris sein wurdt). Dêrtroch hied er in útsûnderlik grutte lingte, fan úteinlik 2.21 m. Mayhew folge in oplieding ta ferpleechkundige, en fûn neitiid wurk as sealfeint op 'e ôfdieling radiology fan it Londenske King's College Hospital.

Aktearkarriêre

Syn earste ûnderfining as akteur die Mayhew op doe't er yn 1976 ûntdutsen waard troch de filmprodusinten fan 'e film Sinbad and the Eye of the Tiger, dy't in tige lange man sochten foar de rol fan 'e minotaurus. Se kamen him op it spoar troch in krante-artikel oer manlju mei grutte fuotten.

Doe't de Amerikaanske filmmakker George Lucas minder as in jier letter in lange akteur socht om 'e rol fan 'e hierrige Wookiee Chewbacca te spyljen yn 'e earste film fan 'e Star Wars-rige, tocht er ynearsten oan 'e 1.98 m lange David Prowse, mar dy keas der lykwols foar om 'e rol fan 'e antagonist Darth Vader te spyljen. Sadwaande moast Lucas op 'e nij op 'e sneup, en doe ûntdiek er Mayhew, dy't noch altyd yn it sikehûs wurke. Lucas soe tsjin him sein hawwe, dat er foar de tekstleaze rol fan Chewbacca, wêrfoar't er ûnwerkenber ferklaaid wêze soe yn in hierrich pak, inkeld by steat wêze moast om te stean en te rinnen.

Mayhew sels fertelde letter yn in fraachpetear dat er lucht krigen hie fan in audysje foar Star Wars dy't yn Londen holden waard, en dat er doe foar de aardichheid besleat dêr ris del te gean. Sadree't Lucas deryn kaam en Mayhew stean gie om mei him te fûstkjen, krige er doe de rol fan Chewbacca taparte. Mayhew fertelde ek dat er foar syn earste optreden as Chewbacca de manear fan bewegen neibearde fan bisten dy't er yn dieretunen observearre hie.

Uteinlik soe Mayhew de rol fan Chewbacca yn fiif films spylje: de oarspronklike film Star Wars (1977), dy't letter mei weromwurkjende krêft omneamd waard ta Star Wars: Episode IV – A New Hope, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015). Dêrnjonken spile er deselde rol ek yn 'e tillefyzjespecial Star Wars Holiday Special (1978), yn 'e mockumentary Return of the Ewok (1982) en yn it filmke dat by de ferdivedaasjeparkattraksje Star Tours yn Disneyland yn Anaheim (Kalifornje) hearde (1987). As stimakteur wurke Mayhew mei oan 'e ôflevering Wookiee Hunt fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars.

Los fan 'offisjeel' aktearwurk spile Mayhew de rol fan Chewbacca ek in grut tal kearen bûten de Star Wars-films, bygelyks yn reklamespotsjes en yn in ôflevering fan The Muppet Show út 1980, mar ek by optredens yn sikehuzen foar sike bern. Yn 1997 waard er, as Chewbacca, op 'e útrikking fan 'e MTV Movie Awards eare mei in oeuvrepriis. Fanwegen minder wurdende sûnens wie Mayhew by de films Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) en Solo: A Star Wars Story (2018) inkeld belutsen yn in adivsearjende rol. Yn in diel fan 'e sênes fan Star Wars: Episode VII – The Force Awakens en yn alle lettere Star Wars-films waard de rol fan Chewbacca oernommen troch Joonas Suotamo.

Peter Mayhew yn 2008, mei efter him in ôfbylding fan Chewbacca.

Njonken syn optredens as Chewbacca spile Mayhew ek yn 'e horrorfilm Terror, út 1978. Yn 'e Ingelsk neisyngronisearre ferzje fan Dragon Ball GT: A Hero's Legacy, út 2004, liende er syn stim oan it personaazje Susha. Yn 2008 spile er yn Yesterday Was a Lie, en syn lêste filmrol hied er yn 2016 yn Killer Ink.

Skriuwwurk

Mayhew skreau en publisearre twa berneboeken dy't basearre wiene op syn eigen ûnderfinings as ûngewoan lang bern. Yn Growing Up Giant lei er út dat oars wêzen as oaren in foardiel is ynstee fan in neidiel. En My Favorite Giant giet oer narjen en wat men dêrtsjin dwaan kin.

Priveelibben

Yn 1999 troude Mayhew mei de Amerikaanse Mary Angelique Luker (ropnamme Angie), mei wa't er him nei wenjen sette yn Boyd, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Se krigen trije bern, en Mayhew sette in eigen bedriuw op. Yn 2005 liet er him by in seremoanje yn Arlington (Teksas) naturalisearje ta Amerikaansk steatsboarger. Yn in fraachpetear mei de Fort Worth Star-Telegram makke er it grapke dat er by dy seremoanje ek al gjin medalje krige (in ferwizing nei de sêne oan 'e ein fan 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope wêrby't Luke Skywalker en Han Solo in medalje krije, mar Chewbacca net). Yn 2013 krige Mayhew twa keunstknibbels, en yn jannewaris 2015 lei er koart yn it sikehûs doe't er longûntstekking oprûn hie. Yn july 2018 twittere er dat er mei súkses in fierders net spesifisearre operaasje oan syn rêchbonke ûndergien hie.

Ferstjerren

Peter Mayhew kaam op 30 april 2019 thús yn Boyd, yn 'e âlderdom fan 74 jier, te ferstjerren oan 'e gefolgen fan in hertoanfal.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1977Sinbad and the Eye of the TigerMinotonnet fermeld op 'e ôftiteling
1977Star Wars: Episode IV – A New HopeChewbaccaoarspronklik útbrocht as Star Wars
1978Terrorde monteur
1980Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back   Chewbaccaoarspronklik útbrocht as The Empire Strikes Back
1982Return of the EwokChewbaccamockumentary
1983Star Wars: Episode VI – Return of the JediChewbaccaoarspronklik útbrocht as Return of the Jedi
1987Star ToursChewbaccakoarte film by de attraksje Star Tour yn Disneyland; net fermeld op 'e ôftiteling
2004Comic Book: The Moviehimsels
2005Star Wars: Episode III – Revenge of the SithChewbacca
2008Yesterday Was a Liedeade man
2009Fanboyshimselsnet fermeld op 'e ôftiteling
2015Star Wars: Episode VII – The Force AwakensChewbaccarol dield mei Joonas Suotamo
tillefyzje
1977Donny & MarieChewbaccate gast yn in praatprogramma
1978Star Wars Holiday SpecialChewbaccatillefyzjespecial
1980The Muppet ShowChewbaccagastrol; ôfl. The Stars of Star Wars
1981Dark Towersde Lange Ridder   minysearje
1985The Kenny Everett Television Showferskaatgastoptreden; ôfl. #3.3
2004Dragon Ball GT: A Hero's LegacySusha (Gettō)as stimakteur yn 'e Ingelsktalige neisyngronisearring; tillefyzjespecial
2011Star Wars: The Clone WarsChewbaccaas stimakteur; gastrol; ôfl. Wookiee Hunt
2011GleeChewbaccagastrol; ôfl. Extraordinary Merry Christmas
2012Breaking Inhimselsgastrol; ôfl. Episode XIII

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.