Perth | ||
Mei de klok mei fan boppe lofts: City Beach, oan de rivier Swan, St Georges Terrace by nacht, skyline fan Kings Park wei sjoen, Sorrento Beach en Parlemintsgebou | ||
Polityk | ||
Lân | Austraalje | |
Dielsteat | West-Austraalje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.059.484↑(2018) | |
Oerflak | 5.386 km² | |
Befolkingsticht. | 320,8 / km² | |
Hichte | 2 m | |
Oar | ||
Stifting | 12 juny 1829 | |
Tiidsône | AWST (UTC+8) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Stêd Perth |
Perth is de haadstêd fan de Australyske dielsteat West-Austraalje. It is in metropoal mei in protte rânestêden en -gemeenten. Perth self hie 1.554.769 ynwenners yn 2007. Perth leit oan de westkust fan Austraalje oan de Yndyske Oseaan, oan de mûning fan de rivier de Swan. De stêd wurdt rekkene ta de stêden yn de wrâld dêr't tige goed wenjen en wurkjen is.
De stêd leit fier fan oare befolkingsintrums ôf. It spoar, de Trans-Australian Railway, ferbynt Perth mei Adelaide, in grutte stêd dy't op in ôfstân fan 2800 kilometer it tichtst by leit.
De earste delsetting waard yn 1829 stifte troch kaptein James Stirling. It waard it bestjoersintrum fan Swanrivier Koloanje.
Yn Perth binne de fabriken fan twa Australyske automerken festige. Teffens hat Perth twa Australyske Football-teams.
Berne yn Perth
- John Winter (3 desimber 1924), heechspringer
- Stan Lazaridis (16 augustus 1972), fuotballer
- Tim Minchin (7 oktober 1975), komyk
- Michael Petković (16 july 1976), fuotballer
- Heath Ledger (4 april 1979), akteur
- Kym Howe, (12 april 1980), atlete
- Ryan Bayley (9 maart 1982), baanhurdfytser
- John Steffensen (30 augustus 1982), sprinter
- Sally Foster (13 april 1985), swimster
- Eamon Sullivan (30 augustus 1985), swimmer
- Gemma Ward (3 novimber 1987), fotomodel
- Daniel Ricciardo (1 july 1989), autokûreur
- Tommaso D'Orsogna (29 desimber 1990), swimmer
- Blair Evans (3 april 1991), swimster
Gallery
- The Foundation of Perth 1829 troch George Pitt Morison. In histoarysk korrekte werjefte fan de offisjele stiftingsseremoanje.
- St Georges Terrace yn Perth, 1968.
- Utwreidzjend Perth, 2011.
- Barrack Street
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Perth, Australia fan Wikimedia Commons. |