Pepyn de Koarte (714, Jupille - 24 septimber 768, Saint-Denis) wie fan 751 oant syn dea kening fan de Franken.
Kening
Pepyn wie de soan fan Karel Martel en Rotrude (690-724). Pepyn hie yn 751 de legermacht yn it Frankyske ryk, en brûkte dy macht om de paus en de Frankyske eallju te twingjen him as kening fan de Franken te erkennen.
Famylje
Yn 740 troude Pepyn mei Berta mei de Grutte Fuotten. Trije fan harren bern binne opgroeid:
- Karel de Grutte, 2 april 742 - 28 jannewaris 814.
- Karloman, 751 – 4 desimber 771.
- Gisela, 757 – 810.
Doe't Pepyn yn 768 ferstoarn waarden syn beide soannen keningen fan de Franken.
Namme
Der wurdt no tocht dat de namme de Koarte in oersetflater is. Letterlik moat it de Lytse west hawwe. Dat wie dan yn de sin fan Lytse Pepyn, jonger as Jonge Pepyn, Pepyn fan Herstal, dy wer jonger wie as Alde Pepyn, Pepyn fan Lannen.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.