Pepergea | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 100 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 3,15 km², wêrfan: - lân: 2,92 km² - wetter: 0,24 km² | |
Befolkingsticht. | 69 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8396 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 50' N 6° 3' E | |
Lokaasje Pepergea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
Side De Blesse-Pepergea | ||
Kaart | ||
Pepergea is in doarp súdlik fan Wolvegea by de A32 yn de gemeente Weststellingwerf. Pepergea is ien fan de lytste doarpen fan de gemeente. In buorren hat it doarp net en de measte hûzen steane frij fan inoar oan de Pepergeawei. Under de himrik heart ek in part fan 'e buorskip Oerbuorren.
Pepergea hat 100 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Namme
De namme fan it doarp is yn 'e rin fan de tiid net in soad feroare. Neffens in 17e-iuwske kopy waard it doarp yn 1399 Pepergae neamd. Yn in Latyske tekst fan 1510 wie it Pepergo, in fariant dy't ek yn 1408 yn in dokumint stie.[3] Yn âlde geskriften wurdt de namme fan it berteplak fan Pieter Stuyvesant, in gûverneur-generaal fan Nij-Amsterdam, it hjoeddeiske New York, skreaun as Peperghoe.
Men soe tinke kinne dat de namme komt fan de speserij piper, mar om't gjin keppeling lein wurde koe mei dat krûd, waard der nei in oare ferklearring socht. It die dêrby bliken dat yn it ferline it wurd peper yn guon plakken yn 'e folksmûle foar “mattebiis” brûkt waard. Dat gewaaks groeit oan 'e wetterkant, wêrûnder de Linde dy't bylâns Pepergea streamt. Biis waard tapast by it byn- en flechtwurk om stuollen te matsjen of it frisseljen fan tassen en kuorren. Mei de tafoeging gea (= lânstreek) soe dêrom de namme safolle as lânskip fan bizen of bizestreek betsjutte.
Neffens Karel F. Gildemacher ferwiist 'Peper' nei it sompige lân, dêr't Pepergea ûntstie. Troch û.o. it ôfgraven fan turf waard it gebiet sa wiet, dat it hiele doarp yn 'e 17e iuw hast in kilometer opskowe moast.[4]
Skiednis
De oarspronklik oan Nikolaas wijde tsjerke waard yn 1537 yn letgoatyske styl boud op in nije plak. Mooglik waard Pieter Stuyvesant dêr yn 1611 of 1612 noch troch syn heit doopt, mar om 't de doopregisters net bewarre bleaun binne is dat net wis. Nei in brân oan it begjin fan de 19e iuw waard de tsjerke oan de âlde toer en op itselde plak werboud. Yn 2001 waard de tsjerke sletten foar tsjerketsjinisten.
Om 1865 waard útein set mei de oanlis fan it spoar tusken Swol en Ljouwert. Dat spoar spjalte it doarp yn twaën. Jierren letter waard besletten it diel dat westlik fan it spoar lei tenei by De Blesse yn te dielen. De spjalting waard ein jierren 1980 nochris fersterke mei de oanlis fan de A32 tusken De Blesse en Pepergea.
Oant 5 jannewaris 1941 hie Pepergea in eigen treinstasjon dat op 15 jannewaris 1868 yn gebrûk nomd waard. Stasjon Pepergea waard neist passazjiersferfier brûkt foar it eksportearjen fan rotan út Noardwâlde. Yn de jierren 1970 waard it stasjon ôfbrutsen. Tsjintwurdich is it stee oanjûn troch in trafostasjon fan de Nederlânske Spoarwegen.
Mienskip
Pepergea docht in soad yn 'e mande mei it oanbuorjende doarp De Blesse. Sa ha de doarpen tegearre in doarpsferiening Pleatslik Belang De Blesse-Pepergea, dy't op 10 desimber 1864 oprjochte waard, en ek in mienskiplike feestkommisje en flagge. De fiertaal is meast Stellingwerfsk.
Tsjerke
- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Pepergea.
Befolkingsferrin
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2009 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 378 | 370 | 328 | 286 | 150 | 60 | 60 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 93 | 90 |
Pieter Stuyvesant
- De Wikipedy hat ek in side Pieter Stuyvesant.
De bekendste ynwenner dy't Pepergea ea hân hat, is Pieter Stuyvesant, fanwegen syn houten skonk ek wol Piter Poat neamd. Hy wie de stifter fan it hjoeddeiske New York en de Boppewynske Eilannen. Fuort by de westlike tagong fan it doarp stiet ta syn neitins in monumint, in swerfstien wêrop it model fan it schip stiet wêrmei't er nei Amearika sylde. Skean foar de tsjerke oer stie om 1600 hinne de pastorije dêr't Piter Stuyvesant berne is en in grut part fan syn jeugd trochbrocht.
It besjen wurdich
- Monumint ta neitins oan Pieter Stuyvesant.
- De 16e-iuwske tsjerke datearret fan 1537 en hat foar in doarpstsjerke in opfallend hege toer.
- De dûbele spoarbrêge oer De Linde út 1923-1924 is in ryksmonumint.
- Noardlik fan yn'e himrik leit it natoergebiet Catspoolder mei de fûgelsjochhutte Catskieker
- Grûnwettermeter by de Lindefallei.
Ynfrastruktuer
Pepergea leit oan de A32 tusken Wolvegea en Stienwyk en is fan dy plakken ôf oeer de snelwei goed berikber.
Strjitten
Boppewei, Bûtenwei, Domeinenwei, Ingelskesteech, Heidewei, Oerbuorren, Pepergeawei.
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
wizigje |