Penninc
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeûnbekend
nasjonaliteit Flaamsk
etnisiteit Flaamsk
wurk
taalMidnederlânsk
sjenreridderromans
perioadeMidsiuwen
bekendste
  wurk(en)
De Roman van Walewein
jierren aktyf13e iuw
offisjele webside
n.f.t.

Penninc wie in de (nei't men oannimt) "artystenamme" (dy't skynber ferwiist nei jildkrapte) fan in trettjinde-iuwsk Flaamsk skriuwer en dichter.

Penninc is inkeld bekend fan ien roman yn fersen, de Arthurleginde De Roman van Walewein, ek wol bekend as De Jeeste van Walewein en het Schaakbord. Penninc foltôge syn wurk net, mar heakke op likernôch trijefearns ôf. Tradisjoneel gie men derfan út dat dat wie om't er kaam te ferstjerren, dêr't er syn wurkplan noch by oerdroegen hawwe soe oan syn opfolger Piter Vostaert.

Yn 'e oan 'e roman tafoege epilooch beskrobbet Vostaert Penninc lykwols fanwegen it feit dat er syn wurk net ôfmakke hat, en dat soe er dochs grif net dien hawwe as de man hommels ferstoarn wie. Sadwaande is der ek wol spekulearre dat it wurk Penninc op 'en doer te mânsk waard of dat er morele beswieren krige tsjin 'e bluodderige gefjochtssênes of de seksuële moraal fan 'e roman. Hoe dan ek, De Roman van Walewein is ien fan 'e meast oarspronklike Midnederlânske ridderromans, al griep Penninc sûnder mis werom op in langere tradysje fan Arthurromans mei lyksoartige ferhalen.

Bûten dit iene wurk is der hoegenamt neat oer Penninc bekend; út 'e tekst kin men wol opmeitsje dat er yngeand bekend wie mei sawol de Britske as de kontinintale Arthurlegindes en dêrnjonken ek mei de Aldfrânske ridderromans, de chansons de geste. It kin suver net oars, of Penninc moat mear skreaun hawwe, mar dêrfan is dan neat oerlevere, of alteast net ûnder dy namme.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.