Peins
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal245 (1 jannewaris 2023)
Oerflak4,06 km², wêrfan
- lân: 4,03
- wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht.64 ynw./km²
Oar
Koördinaten53° 12' N 5° 35' E
Offisjele webside
Side 'Us Peins'
Kaart
Peins (Waadhoeke)
Peins

Peins is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Peins leit noardeastlik fan Frjentsjer en Skalsum, noardwestlik fan Skingen, súdwestlik fan Slappeterp en besuden Rie. De doarpskearn fan Peins leit om de Sint-Gertrudistsjerke, benammen oan de Doarpsstrjitte, en Master Frankstrjitte. Tegearre mei Boer, Sweins, Ried en Skalsum foarmet Peins it Frjentsjerter Fiifgea.

Op 1 jannewaris 2023 hie Peins 245 ynwenners.

Skiednis

Gertrudistsjerke
Himrik fan Peins yn de eardere gemeente Frjentsjerteradiel

Peins is in âld doarp dat ûntstie op in terp. It doarp ûnstie al foar de 1200. Aldere farianten fan Peins binne (Pesinghe), Pewenzee (1275), Peijnse (1406), Peynsera Gae (1422), Peijns en Peyns (sûnt 1480), Peyns en sûnt de 16 iuw ek Peins (of Peyns).[1]

De hjoeddeiske Gertrudistsjerke is 14e iuwsk, mar resten fan tufstien bewize dat it gebou der al earder stie. De âlde sealtektoer is yn 1902 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeiske tuorke.

It doarp hie yn de 15e iuw twa stinzen: de Tammingastins en de Aesgemastins.

Sûnt 2018 leit Peins yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).

Mienskip

It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomt yn Us Doarpshûs. Dorpskrante 't Roeke-each ferskynt tsien kear yn 't jier. De S.J. Boersma Stifting set him yn foar it yn stân hâlden fan in jeugdbibleteek.

Peinzers wurde tradisjoneel goatlingskrabers neamd.[2]

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Sint-Gertrudistsjerke (Peins).

De eardere herfoarme Gertrudistsjerke wurdt út en troch noch brûkt troch de PKN-gemeente en is tsjintwurdich eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Yn 1913 stifte de Grifformearde Tsjerke fan Frjentsjer it evangelisaasjegebou Rehoboth. Rehoboth waard yn 2018 sletten en ferkocht.[3] Tsjerklik foarmet protestantsk Peins ûnderdiel fan de PKN-gemeente Rie-Skingen.[4]

Skoalle

In eigen skoalle hat Peins net. De bern fan Peins geane nei de iepenbiere skoalle 'De Oanset' yn Rie.

Ferienings

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Brêge Skalsumerfeart

Befolkingsferrin

Jier1840195419591964196919742005200820092013
Ynwenners168342344329316309270278282265
Jier20152020
Ynwenners255255

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Berne yn Peins

Strjitten

Doarpsstrjitte, Master Frankstrjitte, Potterslân, Riedsterwei, Skalsumerwei, Slappeterpsterwei, Sweinserwei, Tsjerkestrjitte.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [ Friese plaatsnamen. Alle steden, dorpen en gehuchten. dr. K.F. Gildemacher, side 288 (2007)
  2. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker.
  3. Gereformeerde Kerken, 23 novimber 2018
  4. Side PKN Rie-Skingen
De Waadhoeke
Stêd:
Frjentsjer
Doarpen en útbuorrens:
AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp
Buorskippen:
AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part)DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypHouten BaaiumDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumStêd-NiksSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.