De Peijmawyk is in wyk yn de gemeente Smellingerlân. De wyk rint fan wei De Feart besuden Drachtster Kompenije nei it noardeasten nei De Skieding (N358).
It is ien fan de hiele soad wiken dy't yn noardeastlike rjochting rinne en yn de tiid fan de feanterij groeven binne. In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.
De namme Peijmawyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Peijmawijk.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.