Pedro Subercaseaux
keunstner
Pedro Subercaseaux as muonts
Pedro Subercaseaux as muonts
persoanlike bysûnderheden
echte nammePedro León Maximiano María
   Subercaseaux Errázuriz
nasjonaliteit Sileensk
berne10 desimber 1880
berteplakRome
stoarn3 jannewaris 1956 (74 jier)
stjerplakSantiago de Chile
etnisiteit Baskysk
Frânsk
wurkpaad
wurksum askeunstskilder, yllustrator, muonts

Pedro León Maximiano María Subercaseaux Errázuriz (Rome, 10 desimber 1880 - Santiago de Chile, 3 jannewaris 1956) wie in Sileensk geastlike en keunstskilder, dy't bekend waard fan syn yllustraasjes by de Sileenske en Argentynske skiednis.

Libben en wurk

Subercaseaux Errázuriz wie in soan fan ambassadeur en skilder Ramón Subercaseaux Vicuña en Amalia Errázuriz Urmeneta.

Fan 1906 ôf wurke Subercaseaux Errázuriz ûnder de skûlnamme Lustig as karikaturist foar it tydskrift Zig Zag. Yn 1913 wurke er as yllustrator foar it tydskrift Pácifico Magazine.

Yn 1907 boaske er oan Elvira Lyon Otaegui fan wa't er yn 1920 op in reis nei Jeropa skiede om geastlike wurde te kinnen. Yn 1925 stalde er yn Ingelân in sammelbân gear oer Fransiskus fan Assisy mei eigen akwarellen en gedichten fan de Deenske dichter Johannes Jørgensen. Yn 1938 gie er mei de opdracht om in Benediktinekleaster yn Santiago te stichtsjen werom nei Sily.

Pedro Subercaseaux waard beïerdige op it hôf fan it Monasterio Benedictino de la Santísima Trinidad de Las Condes yn Santiago.

Galery

Pedro Subercaseaux Errázuriz skildere yn 't foarste plak wurk mei in religieuze ynhâld en heldemotiven út de skiednis fan Argentinië en Sily.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.