Pedro Bissonette
persoanlike bysûnderheden
echte nammePedro Aloysius Bissonette
nasjonaliteit Amerikaansk
berne1944
berteplakyn it Pine Ridge Reservaat
   (Súd-Dakota)
stoarn17 oktober 1973
stjerplakPine Ridge (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
aktyf asminskerjochte-aktivist
jierren aktyf19671973

Pedro Bissonette (folút: Pedro Aloysius Bissonette; yn it Pine Ridge Yndianereservaat (Súd-Dakota), 1944Pine Ridge (Súd-Dakota), 17 oktober 1973) wie in Amerikaansk minskerjochte-aktivist fan etnysk Yndiaansk komôf, dy't opkaam foar de rjochten fan 'e Lakota. Hy waard yn 1973 fermoarde troch in agint fan it BIA dy't neitiid bewearde dat er him ferset hie tsjin syn arrestaasje.

Libben

Bissonette waard yn 1944 berne yn it Pine Ridge Yndianereservaat yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, as de soan fan aktiviste Gladys Bissonette. Fan 'e twadde helte fan 'e jierren sechstich ôf wied er aktyf as minskerjochte-aktivist, wêrby't er opkaam foar de rjochten fan syn folk, de Oglala-Lakota. Dêrta rjochte er û.m. de Oglala Civil Rights Organization (OSCRO) op.

Yn 1972 waard Dick Wilson stampresidint fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota. Dat wie in alkoholistyske dranksmokkelder, dy't dy't as setbaas fan it federale regear yn Washington, D.C. fungearre en mei syn autoritêre manear fan dwaan grutte opskuor yn it reservaat feroarsake. Hy waard troch de OSCRO beskuldige fan machtsmisbrûk, korrupsje en fysike mishanneling fan syn politike tsjinstanners. Noch it jiers dat er oan 'e macht kommen wie, besochten Bissonette en syn meitstanners om Wilson út syn funksje te ûntheft te krijen fia in formele ôfsettingsproseduere, mar dat besykjen mislearre troch Wilson syn slûchslimmens, de ûnderlinge ferdieldheid fan syn tsjinstanners en om't de Amerikaanske oerheid, yn 'e foarm fan it ynfloedrike Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), fjouwerkant efter Wilson stean bleau.

Yn 1973 naam Bissonette diel oan 'e ferneamde Besetting fan Wounded Knee. Dêrby waard it plakje Wounded Knee, dêr't yn 1890 it lêste ferset fan 'e Lakota tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking yn bloed smoard wie, troch sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging ynnommen. Under lieding fan Dennis Banks, Carter Camp en Russell Means waard Wounded Knee dêrnei 71 dagen lang (fan 27 febrewaris oant 8 maaie) beset holden, wêrby't de aktivisten in belegering troch de FBI en de United States Marshals Service trochstiene. Hjirby kamen twa aktivisten om, wylst twa plysjeminsken ferwûne rekken.

Op 27 augustus 1973 waard Bissonette yn Rapid City oppakt foar 'lestichfallen fan in plysjeman yn funksje'. Der waard him in straf ûnder betingst oanbean as er ynformant foar de oerheid wurde woe, en oars, sa waard him te kennen jûn, koed er in lange finzenisstraf ferwachtsje. Bissonette wegere lykwols mei te wurkjen en by de dêropfolgjende rjochtsaak ferwiisde de rjochter de oanklachten tsjin him nei de foddekoer.

Nei syn frijlitting kearde Bissonette werom nei it Pine Ridge Reservaat, dêr't Wilson noch altyd oan 'e macht wie en syn tsjinstanners it libben soer makke. Bissonette soe dêr tsjûgje yn 'e rjochtsaak tsjin Dennis Banks en Russell Means, foar harren rol yn 'e Besetting fan Wounded Knee, earder dat jiers. It fermoeden is dat men benaud wie dat Bissonette yn 'e rjochtseal in boekje iepen dwaan soe oer de metoaden dy't Wilson mei goedkarring fan 'e Amerikaanske oerheid ynsette om syn tsjinstanners de mûle te snuorjen, en sa grutskalige korrupsje en machtsmisbrûk oan it ljocht brocht hawwe soe yn 'e Amerikaanske nasjonale media.

Ear't dat barre koe, waard Bissonette op 17 oktober te Pine Ridge deasketten troch in BIA-agint, dy't neitiid úthold dat Bissonette him tsjin syn arrestaasje ferset hawwe soe. De reden foar syn oanhâlding wie dat er in man in terwinkel jûn hie dy't him misledige hie, mooglik presiis om dy reäksje út te lokjen. Hoewol't ûndersyk letter oantoande dat Bissonette mei in gewear deasketten wie fan minder as 60 sm ôfstân, waard nimmen ea foar de moard ferfolge. Bissonette waard 29 jier en leit begroeven op it Red Cloud Cemetery yn Pine Ridge.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.