Pearl Harbor | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Michael Bay | |
produsint | Michael Bay Jerry Bruckheimer | |
senario | Randall Wallace | |
kamerarezjy | John Schwartzman | |
muzyk | Hans Zimmer | |
filmstudio | Touchstone Pictures Jerry Bruckheimer Films | |
distribúsje | Buena Vista Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Ben Affleck Josh Hartnett Kate Beckinsale | |
byrollen | Cuba Gooding jr. Tom Sizemore Jaime King Ewen Bremner Alec Baldwin | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 21 maaie 2001 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske hist. oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Japansk) | |
spyltiid | 183 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $140 miljoen | |
opbringst | $449,2 miljoen | |
prizen | 1× Oscar |
Pearl Harbor is in Amerikaanske romantyske histoaryske oarlochsfilm út 2001 ûnder rezjy fan Michael Bay, mei yn 'e haadrollen Ben Affleck, Josh Hartnett en Kate Beckinsale. It ferhaal, op basis fan in senario fan Randall Wallace, giet oer twa piloaten fan 'e Amerikaanske Loftmacht dy't fereale reitsje op itselde fanke. De foarfallen fine plak tsjin 'e eftergrûn fan in sterk fiksjonalisearre ferzje fan 'e Japanske oanfal op Pearl Harbor en de Doolittle Raid. De film wie in grut súkses yn 'e bioskopen, mar krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. Der wie benammen krityk op 'e plot, de dialooch, it tempo en ferskate lekken en brekken op it mêd fan historisiteit. Pearl Harbor waard yn 2002 nominearre foar twa Golden Globes en fjouwer Oscars, en wûn de Oscar yn 'e kategory bêste lûdsmontaazje.
Plot
Yn 1923 boartsje op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Tennessee twa jonkjes, Rafe McCawley en Danny Walker, tegearre yn it wrak fan in âld dûbeldekkerfleantúch, wêrby't se sabeare yn 'e Earste Wrâldoarloch de soldaten fan it Keizerryk Dútslân befjochtsje. Se binne inoars bêste freonen en beide dreame se derfan om piloat te wurden.
Yn jannewaris 1941, as de Twadde Wrâldoarloch al oan 'e gong is, binne Rafe en Danny allebeide earste luitenant en piloat by de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften, de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht. Se binne yndield by in ienheid dy't ûnder befel stiet fan majoar Jimmy Doolittle. Evelyn Johnson is in legerferpleechster dy't Rafe in medysk ûndersyk ôfnimme moat wêrby't er by wize fan eachûndersyk letters op in kaart oan 'e wand oplêze moat. Dat slagget him lykwols net om't er lêsblyn is. Hy smeekt har om him net ôf te keuren, en om't se him oantreklik en sjarmant fynt, strykt se de hân oer it hert. Ut dy moeting komt yn 'e folgjende wiken in relaasje fuort.
Underwilens hat Rafe in oanfraach yntsjinne om as frijwilliger talitten te wurden ta it Eagle Squadron, in ôfdieling fan 'e Britske Royal Air Force dy't bestiet út Amerikaanske piloaten dy't as frijwilliger meifjochtsje wolle tsjin 'e Luftwaffe yn 'e Slach om Ingelân. Majoar Doolittle fertelt him dat er as sadanich akseptearre is. Om't Danny him oars ek as frijwilliger oanmeld hawwe soe, en om't Rafe him beskermje wol, makket er Danny wiis dat er troch syn superieuren nei it Eagle Squadron oerpleatst wurdt. As Rafe en Evelyn, dy't no smoarfereale opinoar binne, mei de oare piloaten en ferpleechsters in jûn yn New York út te dûnsjen geane, fertelt er har dat er de oare deis ôfsette sil nei Ingelân. Deselde jûns kriget Red Winkle, ien fan 'e oare piloaten, in relaasje mei Betty Bayer, ien fan Evelyn har kammeraatskes, in jong ferpleechster dy't noch mar santjin jier is en liigd hat oer har leeftyd om yn it leger te kinnen.
De oare deis set Rafe ôf nei Ingelân, dêr't er opnommen wurdt yn it Eagle Squadron. Hy blykt in tige kundich piloat te wêzen en wint al mei gauwens it respekt fan syn Britske wjergaders. Underwilens wurde Danny en de oare jonge piloaten út syn ienheid, en ek Evelyn en de oare jonge ferpleechsters, allegearre stasjonearre op Hickam Field, de legerbasis dy't fuort njonken it Marinestasjon Pearl Harbor leit, ûnder de reek fan Honolulu, op it Hawaiïaanske eilân Oahu. Dêr giet it libben syn kalme gonkje, yn skril kontrast mei de wanhopige striid dy't Rafe yn brieven oan Evelyn beskriuwt. Red Winkle skrabet al syn moed byinoar en freget Betty om mei him te trouwen; se ferlove harren en meitsje plannen foar in brulloft oer twa jier, as Betty njoggentjin wêze sil.
Inkele moannen nei't Rafe ôfset is nei Ingelân, komt it berjocht dat er by in loftgefjocht boppe It Kanaal delsketten en yn see delkommen is. De RAF nimt oan dat er dea is. Sa't Rafe him foar syn ôfreis op it hert drukt hie, bringt Danny persoanlik it skriklike nijs oan Evelyn oer. Neitiid bringe sy beiden mear tiid mei-inoar troch. It begjint as in foarm fan mienskiplike rouferwurking, mar it slacht al rillegau om yn wat oars. Danny merkt dat er foar Evelyn falt. Evelyn hat ek gefoelens foar Danny, mar pakt der ôfgryslik mei om, mei't se de oantins oan Rafe net ûntrou wêze wol. Pas as har kammeraatskes har oanfiterje om wurk fan Danny te meitsjen, om't se net har libben lang allinne en yn rou bliuwe kin, jout se ta oan har gefoelens. Nei't Danny har meinommen hat foar in ûnautorisearre flecht yn syn P-40 Warhawk, bedriuwe se de leafe yn ien fan 'e loadsen op it fleanfjild.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Evelyn en Danny binne skokt as op 'e jûn fan 6 desimber 1941 Rafe yn Pearl Harbor ferskynt, dy't út see rêden is troch Frânske fiskers en doe in skoft ûnderdûkt sitten hat yn beset Frankryk ear't er nei Ingelân ûntkomme koe. As Rafe ûntdekt dat syn faam en syn bêste freon ûnder syn ôfwêzigens in relaasje krigen hawwe, is er poer. Hy set mei de oare piloaten ôf nei in pleatslike bar dêr't er himsels bedrinke wol. Danny folget him lykwols en de beide mannen krije slaanderij, mar ûntkomme tegearre yn ien auto as de militêre plysje arrivearret. Neitiid falle se op it strân yn 'e auto yn 'e sliep.
Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 set de Keizerlike Japanske Marine útein mei de Oanfal op Pearl Harbor, in ferrassingsbombardemint dat de Amerikaanske Pasifyske Float yn ien klap útskeakelje moat. De slachskippen yn 'e haven fan Pearl Harbor rinne swiere skea op en ytliken wurde ta sinken brocht. Oan board fan 'e USS West Virginia bemannet de negroïde kok Dorie Miller in stik loftdoelgeskut (in aksje wêrfoar't er letter as earste swarte it Navy Cross takend krije sil). Rafe en Danny wurde wekker fan 'e eksploazjes en wylst de Japanners alle fleantugen fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften op 'e gruttere fleanfjilden ferneatigje, hastigje se har nei Wheeler Field, in fleanfjild foar fleantugen dy't neisjoen of reparearre wurde moatte. Dêr witte se mei twa P-40's yn 'e loft te kommen, wêrnei't se tegearre teminsten seis Japanske fleantugen delsjitte. Nei ôfrin fan it bombardemint helpe Rafe en Danny yn 'e haven om 'e bemanning fan 'e kapseisde USS Oklahoma te rêden, mar de help komt te let foar de bemanning fan 'e USS Arizona, dy't fêstsit yn it ûnderstboppest sinkende skip.
Underwilens hastigje Evelyn en de oare ferpleechsters har nei it legerhospitaal dêr't se wurkje, Tripler Army Hospital. Underweis wurde se besketten troch Japanske fleantugen en ienris yn it hospitaal arrivearre, moatte se earst de al oanwêzige pasjinten rêde troch se by de finsters wei te heljen, dêr't troch Japanske bombardeminten de ruten út blaasd wurde. Neitiid wurdt it hospitaal oerstreamd troch in stoartfloed oan ferwûnen. Evelyn rêdt ien ofsier it libbe troch in finger yn it gat yn syn halsslachier te stopjen, sadat er net deabliedt foar't de dokter oan him ta is. Uteinlik wurdt se troch in dokter nei bûten ta stjoerd om 'e triaazje te dwaan en derfoar te soargjen dat inkeld noch pasjinten binnenbrocht wurde dy't in kâns hawwe om har ferwûnings te oerlibjen. Dêr wurdt it stoflik omskot fan in ferpleechster by har brocht, dy't troch de Japanners deasketten is wylst hja it terrein fan 'e basis oerstiek yn 'e rjochting fan it sikehûs. It blykt Betty Bayer te wêzen.
De oare deis hâldt presidint fan 'e Feriene Steaten Franklin D. Roosevelt syn Day of Infamy-taspraak foar de radio en freget it Amerikaanske Kongres om in oarlochsferklearring út te furdigjen tsjin it Keizerryk Japan. De oerlibbenen fan it bombardemint wenje in betinking by foar de mear as 2.400 deaden. Koarte tiid letter wurde Danny en Rafe beiden oerpleatst nei de Feriene Steaten, dêr't se wer ûnder harren âlde kommandant Jimmy Doolittle komme te tsjinjen, dy't ûnderwilens promovearre is ta luitenant-kolonel. Foar't se ôfsette, seit Evelyn tsjin Rafe dat se swier is fan it bern fan Danny, mar se freget him dat foar Danny geheim te hâlden. Se fertelt it him inkeld om út te lizzen wêrom't se by Danny bliuwe sil, ek al is hy, Rafe, dejinge fan wa't se altyd wier hâlde sil.
Nei't se oankommen binne yn Kalifornje, wurde Danny en Rafe foar harren aksjes ûnder de Oanfal op Pearl Harbor beide promovearre ta de rang fan kaptein. Doolittle fertelt dat er befel krigen hat in geheime misje te plannen, dy't tige by tige gefaarlik wêze sil. Danny en Rafe biede harrensels dêr daliks foar oan, en jouwe har by de oare frijwilligers, ûnder wa ek harren maten Red Winkle en Gooz Wood. It folgjende fearnsjier oefenje Rafe, Danny en de oaren mei spesjaal oanpaste B-25 Mitchells fan it leger dêr't se mei leare moatte op te stiigjen fan in fleandekskip. Der wurdt harren ferteld dat se yn ferjilding foar de Oanfal op Pearl Harbor in bombardemint op 'e Japanske haadstêd Tokio útfiere sille. Yn april wurde se oan board fan it fleandekskip de USS Hornet útstjoerd foar dy oanfal (dy't nei de befelfierend ofsier bekend komme sil te stean as de Doolittle Raid).
It is de bedoeling dat de bommesmiters nei harren bombardemint fan Tokio rjocht troch fleane sille om úteinlik yn Sina te lânjen. De misje komt yn 'e swierrichheden as de USS Hornet al mear as 600 seemyl foar de Japanske kust troch de Japanners ûntdutsen wurdt, wylst it de bedoeling wie dat de B-25 Mitchells pas 400 seemyl út 'e kust wei opstiigje soene. Troch de ekstra ôfstân is it ûnwis oft se Sina wol helje kinne. Nei it bombardemint fan Tokio bliuwe de fleantugen fan Rafe en Danny byinoar. Se witte sûnder slimme skea út it loftrom fan Japan te kommen en beskikke krekt oer genôch brânstof om Sina te heljen. Rafe syn fleantúch makket dêr in needlâning yn in rysfjild, wêrnei't hy en syn bemanning yn in fjoergefjocht mei in Japanske militêre patrûlje ferwikkele reitsje. Se wurde rêden troch Danny, dy't de patrûlje mei syn boardkanonnen útskeakelet wylst er oerfljocht en in eintsje fierderop in needlâning makket.
As der mear Japanners opdaagjen komme, wurde sawol Rafe-en-dy as Danny en syn bemanning finzen nommen. De Amerikanen brekke lykwols los en witte alle Japanners te deadzjen, mar dêrby rekket Danny deadlik ferwûne as er Rafe mei syn eigen lichem beskermet. Wylst er yn it stjerren leit, fertelt Rafe him dat er heit wurdt. Mar mei syn lêste siken antwurdet Danny dat net hy, mar Rafe heit wurdt. Koarte tiid letter wurde de Amerikanen fûn troch Sineeske soldaten, dy't harren nei feilichheid liede. Rafe bringt Danny yn in deakiste mei werom nei Pearl Harbor, dêr't er weriene wurdt mei Evelyn.
Yn in epilooch fan 'e film libje Danny en Evelyn, dy't ûnderwilens troud binne, nei de oarloch op in boerespultsje yn Tennessee, dêr't se mei harren jonge soan Danny it grêf fan syn biologyske heit besykje. Neitiid nimt Rafe syn styfsoan mei foar in flecht yn it âlde dûbeldekkerfleantúch dat foarhinne eigendom wie fan Rafe syn heit.
Rolferdieling
- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
earste luitenant Rafe McCawley | Ben Affleck |
earste luitenant Danny Walker | Josh Hartnett |
Evelyn Johnson | Kate Beckinsale |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
sersjant Dorie Miller | Cuba Gooding jr. |
sersjant Earl Sistern | Tom Sizemore |
Betty Bayer | Jaime King |
earste luitenant Red Winkle | Ewen Bremner |
luitenant-kolonel Jimmy Doolittle | Alec Baldwin |
earste luitenant Billy Thompson | William Lee Scott |
earste luitenant Anthony Fusco | Greg Zola |
earste luitenant Gooz Wood | Michael Shannon |
twadde luitenant Joe McKinnon | Matthew Davis |
Barbara | Catherine Kellner |
Sandra | Jennifer Garner |
Martha | Sara Rue |
kaptein Harold Thurman | Dan Aykroyd |
presidint fan 'e Feriene Steaten Franklin D. Roosevelt | Jon Voight |
admiraal Husband E. Kimmel | Colm Feore |
admiraal Isoroku Yamamoto | Mako Iwamatsu |
majoar Jackson | Leland Orser |
luitenant Jack Richards | Kim Coates |
matroas Joe (de bokser) | Andrew Bryniarski |
kaptein-luitenant-op-see Minoru Genda | Cary-Hiroyuki Tagawa |
generaal George Marshall | Scott Wilson |
admiraal Chester W. Nimitz | Graham Beckel |
minister fan Marine Frank Knox | Tom Everett |
skout-by-nacht Frank Jack Fletcher | Tomas Arana |
kaptein-op-see Mervyn S. Bennion | Peter Firth |
fise-admiraal William F. Halsey | Glenn Morshower |
admiraal Raymond A. Spruance | Madison Mason |
kaptein-op-see Marc Mitscher | Michael Shamus Wiles |
majoar Newman | Ted McGinley |
de jonge Rafe McCawley | Jesse James |
luitenant Zenji Abe | Yuji Okumoto |
de jonge Danny Walker | Reiley McClendon |
generaal Nishikura | John Fujioka |
Ian | Tony Curran |
RAF-majoar | Nicholas Farrell |
Amerikaansk ofsier | Michael Milhoan |
Takeo Yoshikawa (spion) | Seth Sakai |
Danny syn heit | William Fichtner |
Rafe syn heit | Steve Rankin |
B-25-boardskutter fan Rafe McCawley | Eric Crhistian Olsen |
B-25-boardskutter fan Danny Walker | Sean Faris |
Produksje en distribúsje
Produksje
Pearl Harbor waard regissearre troch Michael Bay nei in senario dat skreaun wie troch Randall Wallace. Bay produsearre de film sels ek, y.g.m. Jerry Bruckheimer, foar de studio's Touchstone Pictures en Jerry Bruckheimer Films. Pearl Harbor hie in drege preproduksje, mei't Bay, en yn mindere mjitte Bruckheimer, oer in budget fan $208 miljoen beskikke woene, wylst Disney, de memme-ûndernimming fan Touchstone, dat bot oer de meuch gie. Bay woe ek op grafyske wize de ferskrikkings fan 'e oarloch sjen litte en hie der gjin belang by om, sa't Disney woe, in film te meitsjen dy't benammen rjochte wie op jongfolwoeksenen. Dy ûnienichheden holden de hiele preproduksjefaze oan, en Bay rûn ferskate kearen lulk fuort út gearkomsten mei de studiobazen fan Disney. Uteinlik waard it budget fêststeld op $140 miljoen.
Opnamen
Om 'e atmosfear fan it foaroarlochske Marinestasjon Pearl Harbor sa goed mooglik te rekreëarjen, fûnen de opnamen fan 'e film plak op it Hawaiïaanske eilân Oahu. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Schwartzman. In grut tal echte Amerikaanske militêren dy't yn Hawaiï stasjonearre wiene en in protte leden fan 'e pleatslike befolking waarden ynset as figuranten. Ek waard gebrûk makke fan 'e hjoeddeistige fasiliteiten fan 'e Amerikaanske Marine op Oahu.
Foar de sênes mei de fleandekskippen waard filme oan board fan 'e USS Lexington (in museumskip yn 'e haven fan Corpus Christi yn Teksas) en ek binne yn 'e film de fleandekskippen de USS Hornet en de USS Constellation en it slachskip de USS Texas te sjen. Yn 'e Baja Studios op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko waard foar it filmjen fan skaalmodellen in filmset brûkt dy't earder ek tsjinst dien hie foar de opnamen fan 'e film Titanic (1997). Dêr waard û.m. it kapseizen en sinken fan ferskate slachskippen filme.
Distribúsje
De distribúsje fan Pearl Harbor waard fersoarge troch Buena Vista Pictures, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. De film gie op 21 maaie 2001 op it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaiï yn premiêre, wêrnei't er op 25 maaie 2001 yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. De soundtrack fan Pearl Harbor, mei de filmmuzyk fan Hans Zimmer, ferskynde op 22 maaie 2001. De film sels waard op 4 desimber 2001 útbrocht op VHS-keapfideo en dvd. Yn 2002 waard fan Pearl Harbor ek in director's cut-ferzje útbrocht, dy't likernôch in minút ekstra materiaal befette.
Historisiteit
Pearl Harbor wie kontroversjeel om't de makkers oan 'e iene kant nochal wat frijheid nommen hiene mei it gefoelige histoaryske materiaal, wylst der oan 'e oare kant frijwat flaters yn 'e film sieten, yn 'e foarm fan ynkonsekwintheden en anagronismen. It National Geographic Channel produsearre in dokumintêre mei de titel Beyond the Movie: Pearl Harbor, wêryn't de ûnhistoaryske plotpunten en flaters opsomme waarden. Ien fan 'e meast neamde ûngerjochtichheden yn 'e film wie dat it personaazje fan Ben Affleck, in ofsier yn 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften, him oansleat by de Britske Royal Air Force om yn 'e Slach om Ingelân te fjochtsjen. Dat is ûnmooglik, om't it Amerikaanske militêren strang ferbean wie om yn 'e kriichsmacht fan in oare lân te tsjinjen. (Guon Amerikaanske boargers sleaten har wol by de RAF oan.)
Sa mooglik noch mear argewaasje joech it feit dat de Slach om Ingelân yn 'e film yn 'e earste moannen fan 1941 blykber noch geande is, wylst dat diel fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn it echt yn oktober 1940 einige. Pynlik wie de sêne wêryn't toand wurdt hoe't Japanske fleantugen it sikehûs en de medyske stêf fan 'e Amerikaanske basis mei opsetsin ûnder fjoer nimme, hoewol't de Japanners it marinehospitaal yn it echt gewurde lieten en der mar ien lid fan 'e medyske stêf by de oanfal op Pearl Harbor omkaam, doe't er him dwers oer it terrein fan basis hastige om op syn post te kommen.
Der wie ek in protte krityk op 'e ferfanging fan wiere, histoaryske persoanen troch fiktive personaazjes om it ferhaal geriivjen, in praktyk dy't troch Amerikaanske oarlochsfeteranen omskreaun waard as "misbrûk fan 'e dichterlike frijheid". De rol fan 'e personaazjes fan Affleck en Josh Hartnett ûnder de oanfal op Pearl Harbor komt frijwol oerien mei de echte dieden fan 'e twadde luitenanten George Welch en Kenneth M. Taylor, dy't mei harren P-40 Warhawks yn 'e loft wisten te kommen en tegearre teminsten seis Japanners delskeaten. Taylor, dy't yn novimber 2006 ferstoar, neamde de film "in stik rotsoai" en "ferwrongen".
De slimste krityk wie der op 'e punten yn 'e film dêr't de makkers wiere histoaryske foarfallen nei eigen goedfinen oanpast hiene, sûnder lykfol hokker oare reden as fergrutting fan 'e dramatyk. Sa ûntfong admiraal Husband E. Kimmel, de kommandant fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, it rapport dat der by de yngong fan 'e lagune Pearl Harbor in Japanske dwerchûnderseeër ta sinken brocht wie, pas nei't it bombardemint al begûn wie. Ek ûntfong er de earste warskôging út Washington, D.C. dat der wolris in Japanske oanfal komme koe, pas ferskate oeren nei ôfrin fan it bombardemint.
In oar, soartgelikens foarbyld is de sêne folgjend op 'e oanfal op Pearl Harbor, wêryn't presidint Franklin D. Roosevelt in bombardemint op Japansk grûngebiet easket ta ferjilding en admiraal Chester W. Nimitz en generaal George Marshall úthâlde dat soks net mooglik is, hoewol't se dêr yn it echt krekt fûleindige foarstanners fan wiene. As noch minder beoardiele waard wat dêrnei bart: as Roosevelt, dy't yn dat diel yn syn libben troch polio ferlamme en oan in rolstoel klústere wie, stean giet om sjen te litten dat alles mooglik is as jin it mar wolle. Dat barde yn it echt nea en waard troch kritisy fan 'e film ôfdien as poere stimmingmakkerij. It selde jildt foar de sêne wêryn't de Japanske admiraal Isoroku Yamamoto oer de oanfal op Pearl Harbor seit "Ik bin bang dat we inkeld in sliepende reus wekker makke hawwe." Dy útspraak waard troch Michael Bay kopiëarre út 'e film Tora! Tora! Tora!, út 1970, mar der bestiet gjin skyn fan bewiis dat Yamamoto dat echt sein hat.
De ôfbylding fan 'e planning, útfiering en neisleep fan 'e Doolittle Raid, ta einbeslút, is ien fan 'e meast histoarysk ynkorrekte dielen fan 'e film. Los fan lytse oanpassings fan 'e wurklikheid en it ek hjir wer ynfoegjen fan 'e beide haadpersoanen yn it plak fan wiere, histoaryske piloaten, wurdt folslein bûten beskôging litten dat behalven Tokio ek oare Japanske stêden bombardearre waarden. It ûnbidige spoar fan ferwoastging dat it bombardemint yn 'e film lûkt, is nearne op basearre mei't de Doolittle Raid yn wurklikheid net mear as minimale skea oanrjochte en foar de Japanners, dy't har feilich waand hiene, benammen in psychologyske klap wie. En it gefjocht oan 'e ein fan 'e film, tusken de bemanning fan ien fan 'e B-25 Mitchells en in Japanske patrûlje yn beset Sina, is nea bard en troch Bay folslein út 'e tomme sûgd.
Op it mêd fan anagronismen moat yn it foarste plak neamd wurde dat in protte fan 'e marineskippen dy't yn 'e film te sjen binne, eins fan folle letter datum binne. No kin dat de makkers net bot oanrekkene wurde, om't der op in pear museumskippen nei hast gjin marineskippen út 1941 mear besteane. Mar se hiene wol wat mear besykje kind om 'e brûkte skippen troch tapassing special effects (eat dêr't by ûntploffings net foar skromme waard) op 'e juste skippen lykje te litten. Fierders fleane der yn 'e film ferskate types fleantugen om foarôfgeande oan it jier dat se yntrodusearre waarden, lykas de dûbeldekker oan it begjin fan 'e film, yn 1923, in Boeing-Stearman Model 75 dy't pas yn 'e twadde helte fan 'e 1930-er jierren foar kommersjeel gebrûk beskikber kaam, en in Dútske Focke Wulf 190, dy't yn 1940 meidocht oan 'e Slach om Ingelân, hoewol't er pas yn 1941 yn gebrûk nommen waard.
Oare foarbylden fan anagronismen binne in matroas mei in pakje Marlboro Light-sigaretten yn 'e bûse, dy't pas yn 1972 op 'e merk kamen, en it shot fan it Amerikaansk Ministearje fan Oarloch, dat dúdlik de gevel fan it Kapitoal sjen lit, wylst it ministearje yn 1941 húsfêste wie yn it War Department Building yn 'e wyk Foggy Bottom (en dêrom ek gauris sa neamd waard).
In foarbyld fan in steurende ynkonsekwintheid is de akteur Michael Milhoan, dy't it earst yn byld komt as in majoar fan it Amerikaanske Leger dy't admiraal Kimmel advisearret oangeande de ferdigening fan Oahu. Op 'e moarn fan 'e oanfal is er lykwols ynienen de befelfierend ofsier fan in radarstasjon, dy't oansprutsen wurdt as "luitenant", mar de ynsinjes fan in kaptein draacht.
Untfangst
Pearl Harbor krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 11/2 fan 5 stjerren en skreau: "Pearl Harbor is in film fan twa oeren dêr't trije oeren foar útlutsen binne, oer hoe't de Japanners op 7 desimber 1941 in ferrassingsoanfal útfierden op in Amerikaanske trijehoeksferhâlding. It sintrale diel fan 'e film is 40 minuten fan oerstallige special effects, omjûn troch in leafdesferhaal fan ferbluffende banaliteit. De film is regissearre sûnder elegânsje, fisy of orizjinaliteit, en hoewol't jo miskien regels dialooch sitearje kinne as jo út 'e bioskoop komme, sil dat net wêze om't jo de tekst bewûnderje." Ebert hie ek krityk op it loopke dat de film naam mei de histoaryske feiten: "Der is gjin gefoel foar skiednis, strategy of kontekst; neffens dizze film foel Japan Pearl Harbor oan om't de Feriene Steaten de Japanske oalje-oanfier ôfsniene en se noch mar foar oardel jier foarrie hiene. Soe it begjinnen fan in oarloch de brânstofproblemen oplosse? Hiene se miskien ek ymperialistyske plannen? Dêroer seit de film neat."
Yn The New York Times skreau A.O. Scott: "Frijwol eltse regel fan it senario falt de akteurs út 'e mûle mei it leaden rinkkinkjen fan útlis, ôfwiksele mei minne dialooch út komeedzjesearjes." De krante USA Today joech de film 2 fan 4 stjerren en skreau: "Skippen, fleantugen en wetter ûntbrâne en botse yn Pearl Harbor, mar dat is dan ek it iennichste dat dat docht yn ien fan 'e sufste românses yn oarlochstiid ea ferfilme." Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone murk op: "Affleck, Hartnett en Beckinsale – in Britske aktrise sûnder ek mar ien inkele regel tekst dy't it wurdich is om har oannimlike Amerikaanske aksint te brûken – binne oantreklike akteurs, mar se kinne dizze beskimmele trijehoeksferhâlding gjin libben ynblaze."
Yn Time hie ek Richard Schickel krityk op 'e trijehoeksferhâlding yn 'e film: "It ferget in protte geduld fan in publyk om sitten te bliuwen troch al it getreuzel hinne. It meie dan aardige jongelju wêze, mar se gripe inoar bepaald net gek fan hertstocht fêst. It is krekt as witte se dat se ienris diel útmeitsje sille fan 'e Grutste Generaasje en wolle se [net ien] oanstjit jaan." Owen Gleiberman yn Entertainment Weekly wie positiver, en joech de film as sifer in 71/2. Hy hie fral lof foar de sênes oer de oanfal op Pearl Harbor. Neffens Andrew Sarris, dy't skreau foar de The New York Observer, gie Pearl Harbor net sasear oer de Twadde Wrâldoarloch, mar oer films oer de Twadde Wrâldoarloch. Hy fûn ek dat dêr neat mis mei wie.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Pearl Harbor in leech goedkarringspersintaazje fan 24%, basearre op 192 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Pearl Harbor wol de Titanic fan 'e oarlochsfilms wêze, mar it is net mear as in flauwe românse dy't smoarfol sit mei bespotlik minne dialooch. De fjirtich minuten duorjende aksjesênes [oer de Oanfal op Pearl Harbor] binne lykwols spektakulêr." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Pearl Harbor in goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 35 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Pearl Harbor brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $198,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $250,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $449,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $140 miljoen betsjut dat in winst fan $309,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Pearl Harbor de op fiif nei meast opbringende film fan 2001. It wie ek de op twa nei meast opbringende romantyske dramafilm aller tiden, dy't inkeld ûnderdie foar Titanic en Ghost. Nei't Pearl Harbor op 4 desimber 2001 beskikber kommen wie op VHS-keapfideo en dvd, giene der allinnich al yn 'e earste wike yn 'e Feriene Steaten mear as 7 miljoen eksimplaren fan 'e film oer de toanbank, ter wearde fan $130 miljoen.
Prizen
Pearl Harbor waard yn 2002 nominearre foar de Golden Globes foar bêste orizjinele liet (There You'll Be fan Diane Warren) en bêste orizjinele filmmuzyk (Hans Zimmer), mar wûn net ien fan beiden. By de Oscars waard de film nominearre foar fjouwer prizen, wêrûnder dy foar bêste orizjinele liet (There You'll Be), bêste fisuele effekten (Eric Brevig, John Frazier, Ben Snow en Ed Hirsh) en bêste lûd (Greg P. Russell, Peter J. Devlin en Kevin O'Connell). Pearl Harbor wûn de Oscar foar bêste lûdsmontaazje (George Watters II en Christopher Boyes). De film wûn ek de MTV Movie Award foar bêste rige aksjesênes foar de werjefte fan 'e Oanfal op Pearl Harbor. Fierders waard Pearl Harbor nominearre foar njoggen Golden Raspberry Awards foar de minste prestaasjes op it mêd fan film.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |