Pavia
Polityk
LânItaalje
RegioLombardije
ProvinsjePavia
BoargemasterMassimo Depaoli
Sifers
Ynwennertal71.297 (2013)
Oerflak62 km²
Befolkingsticht.1150 / km²
Hichte77 m
Oar
TiidsôneCET UTC+1
SimmertiidUTC+2
Offisjele webside
Gemeente Pavia
De Ticino yn Pavia

Pavia is in stêd yn de Italjaanske regio Lombardije. It is de haadstêd fan de provinsje Pavia. Pavia leit yn de Poflakte, 25 kilometer besuden Milaan. De rivier Ticino streamt troch de stêd, in stikmannich kilometers foardat er in de Po útmûnet.

Yn de tiid fan it Romeinske Ryk hjitte de stêd, lykas als de rivier Ticinum. Doe't nei de delfal fan dat ryk ferskate Germaanske folken de kontreien ynfoelen waard de stêd fan strategysk belang. Under de namme Papia wie Pavia fan de 7e iuw ôf oan de haadstêd fan de Longobarden. De stêd krige yn de 14e iuw in universiteit. Yn dy perioade waard de dom ek boud.

Hjoeddedei is Pavia ien fan de yndustriële sintrums op de Poflakte, spesjalisearre yn ûnder mear fiedingsmiddelen, gemy en tekstyl. Yn de Enoteco regionale is in permaninte útstalling fan winen út Lombardije ynrjochte. Acht kilometer fan de stêd ôf leit it Certosa di Pavia, in bekend kartuzerkleaster mei in protte let-romaanske en goatyske keunstúterings.

Foto's

Berne yn Pavia

  • Girolamo Cardano (24 septimber 1501), wittenskipper
  • Francesco Corbetta (1615–1681), gitaarfirtuoas, learaar en komponist
  • Tranquillo Cremona (1837–1878), keunstskilder
  • Claudia Muzio (1889–1936), operasjonger
  • Carlo M. Cipolla (1922–2000), ekonomysk histoarikus

Stoarn yn Pavia

Sjoch ek

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.