Paulus de Boskkabouter (yn it oarspronklike Nederlânsk: Paulus de Boskabouter) is in skepping fan de Nederlânske striptekener Jan van Oort dy't yn 1946 ûnder pseudonym fan Jean Dulieu (= Frânske oersetting fan syn namme) it earste Paulustekentelsje makke yn Het Vrije Volk. De rige waard al rillegau in súkses en waard ek as boek publisearre. Letter kaam der ek in radioharkspulsearje en in telefyzjepopperige.
De boekjes waarden ûnder oaren yn it Dútsk, Ingelsk, Sweedsk en Japansk oerset. Yn 2018 ferskynde der in oersetting fan in ferhaal fan Paulus de Boskkabouter, mei as titel Et Ynstroeperke, yn it Skylgerske dialekt fan it Frysk.[1]
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.