Paulus Potter, troch Bartholomeus van der Helst

Paulus Potter (Inkhuzen, doopt 20 novimber 1625 - Amsterdam, begroeven 17 jannewaris 1654) wie in Nederlânsk keunstskilder út de Gouden Iuw.

Libben

Hy waard berne yn Inkhuzen en learde it skildersvak fan syn heit Pieter Symons. Potter. Syn mem hiet Aechtie Pouwels en wie in telch út in rike famylje. Har broer wie ek keunstskilder. Neidat syn mem stoarn wie luts de eks-frou fan Pieter Codde by harren yn. Syn heit makke in skoftke goudlear yn in pân oan de ein fan de Sint Antoniesbreestrjitte, mar rekke yn finansjele problemen.

Yn 1646 waard Potter lid fan it Amsterdamske Gilde. Hy wenne ek in tal jierren yn De Haach yn in atelier oan de Dunne Bierkade 17, njonken Jan van Goyen. Potter waard yn 1649 lid fan it pleatslike gilde. Yn De Haach learde hy syn frou kennen, de dochter fan in arsjitekt. Troch syn kreaze foarkommen waard Potter yntrodusearre by de bopperein. Under oaren leden fan it Hûs fan Oranje kochten wurk fan him.

Yn 1651 fierde it hof lykwols in proses tsjin Potter, omdat hy gjin nij skilderij ôflevere. Amalia van Solms hie in skilderij kocht mei in "pisjende ko", mar immen rette it har ôf, omdat it ûnderwerp ûnfoechsum wie. Yn 1652 ferfear Potter nei Amsterdam op útnoeging fan Nicolaes Tulp, die al mear skilderijen fan him hie. Hy joech Potter de opdracht in libbensgrut ruterportret fan syn soan Dirck Tulp te meitsjen, troch it oerskilderjen fan de holle op in wurk dat earst foar in oar bestimd wie. Potter stoar 28-jier âld oan tuberkuloaze.

Wurk

De Bolle. ± 1647. Oaljeferve op doek. 235,5 x 339 sm

Potter hat sa'n 100 skilderijen neilitten, de measte op lyts formaat. Neist skilderijen makke hy ek in lyts oantal etsen. Oarspronklik skildere hy histoarjestikken, lykas syn heit. Hy waard lykwols ferneamd as bisteskilder, want hy skildere benammen it fee yn it Nederlânske lânskip. Hy skildere realistysk, mei in soad omtinken foar de hûd, de útdrukking en de hâlding fan de bisten. Hy bylde de bisten bytiden ôf fanút in leech stânpunt, wêrtroch't se goed útkamen tsjin de loft. Potters ferneamdste skilderij is De bolle út 1647. Dit mânske skilderij (2,25 by 3,40 meter) hinget yn it Mauritshûs yn De Haach. Potter brûkte meardere foarstúdzjes foar dit wurk. It liket oft de bolle út trije ferkillende stânpunten wei skildere is.

Neist fee (kij, hynders en bargen hat hy in ienhoarn skildere, mar ek in liuw en in kamiel. Dizzze hat er nei alle gedachten sjoen yn in bistetún fan de Oranjes. Der is ek in oantal portretten fan hûnen bekend.

Skilderstyl

Hynders yn it lân

De wurken fan Paulus Potter hearre ta de Barokke skilderkeunst. Hy is ien fan de âlde Hollânske masters.

Musea

De wurken fan Potter binne yn ferskate musea, ûnder oare yn:

Paulus Potterstrjitten

Bûten Potters berteplak Inkhuzen binne der ek yn Amersfoart, Arnhim, Amsterdam, Bunschoten, De Haach, Dimter, Ede, Eindhoven, Ynskedee, Grins, Heemstede, Horst (Limburch), IJmuiden, Ljouwert, Nymwegen, Nijverdal, Rijssen, Rotterdam, Schiedam, Utert, Woerden, Wolvegea, Zoetermeer en Sutfen strjitten nei Paulus Potter neamd. Nieuwegein hat in Paulus Potterhage.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paulus Potter fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.