Paulus Akkerman
skriuwer
Paulus Akkerman
Paulus Akkerman
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonymPaul fen Nijenborn
nasjonaliteitNederlânsk
berne13 juny 1908
berteplakAldeboarn
stoarn24 septimber 1982
stjerplakDrachten
etnisiteitFrysk
wurk
taalFrysk
sjenreKoart ferhaal, roman, toaniel, kabaret
perioade20e iuw
prizenKFFB Romanpriisfraach, Rely Jorritsmapriis, Gysbert Japicxpriis
jierren aktyf1936 -

Paulus Akkerman (Aldeboarn, 13 juny 1908 - Drachten, 24 septimber 1982) wie bakker fan berop en Frysk folksskriuwer fan protestantsk-kristlike sinjatuer.

Libben

Hy wie in soan fan Otte Sijes Akkerman (1872-1957) en Antje Harmsma (1871-1965). Syn heit hie as jongfeint al namme makke as folksdichter en foardrager. Ek syn âldere broer Sijas Paulus Akkerman wie skriuwer.
Akkerman groeide op yn Aldeboarn en hat yn Akkrum de u.l.o.-skoalle ôfmakke, dêrnei waard er bakker. Hy troude mei Riemke Feenstra, se krigen sân bern. Lange jierren hat Paulus Akkerman by de Centrale Bakkerij yn Marrum wurke en dêrneist hiene hy en syn frou ek noch in winkel yn dat doarp. Doe't de Centrale Bakkerij ophold hat Akkerman in jiermannich besocht fan syn pinne te libjen. Hy skreau foar ûnderskate kranten en blêden en gong der faak op út om lêzingen te hâlden oer syn wurk as skriuwer, mar in bestean foar syn húshâlding koe er der net mei beskreppe. Dêrom is er yn 1965 noch kassier woarn fan de Raiffeisenbank op Skiermuontseach en dat oan syn pinsjoen ta bleaun. Nei syn pensjonearring hat er him mei syn frou yn Drachten nei wenjen set.

Paulus Akkerman debutearre yn 1925 yn it Friesch Dagblad mei koarte stikjes yn de rubryk 'Fan it Selskip'. Under it pseudonym Paul fen Nijenborn publisearre hy syn earste fers 'Krystnacht' yn Sljucht en Rjucht en syn earste roman 'As de bern great wurde', dat as earste yn de rige fan de yn 1934 oprjochte Kristlik Fryske Folksbibleteek ferskynde. Syn lettere romans ferskynden allegearre ûnder eigen namme.

Akkerman heart ta de produktyfste skriuwers fan de tweintichste iuw yn Fryslân. Hy hat tweintich romans, in tal berneboeken en in soad koarte ferhalen op syn namme brocht (meast bondele krantestikken). Dêrnjonken hat er ek harkspullen, toaniel- en kabaretteksten skreaun.

Neffens Tineke Steenmeijer-Wielenga skreau Akkerman minder as de 'echte KFFB-skriuwers' neffens 'in resept'. Akkerman wie yn in grifformeerde húshâlding grutbrocht; hy libbe ek wol út in rjochtsinnich-kristlike libbensoertsjûging wei, mar as auteur hied er it mier oan 'opsetlike tapassingen'. 'Ik skriuw nei it libben en as de frommens der net yn sit, lis ik dy der ek net op', hat er wolris sein. Hy hie grutte bewondering foar skriuwers lykas Reinder Brolsma en Ulbe van Houten, mar hat nea besocht om dy yn har wurk nei te folgjen. Hy woe syn eigen paad gean en koe nei syn betinken net oars skriuwe as sa't er it die.

It skriuwerskip fan Akkerman kin karakterisearre wurde as dat fan in (swak) realistyske folksskriuwer fan protestantsk-kristlike sinjatuer mei grutte kennis fan it fermidden fan syn romanpersonaazjes. Hy kin de minsken skerp en raak typearje. Ut al syn wurk sprekt in myld gefoel foar humor. Psychologysk dolt er net djip en syn romans misse it histoarysk perspektyf, syn wrâldbyld is statysk. Der sit wol in soad tragyk yn, mar net folle drama en syn stofkar is er frijwat beheind. Syn helden binne de lytse wrotters, boeren, komelkers, skippers en winkellju, minsken sûnder folle aventoer en dêrtroch oerhearsket in wat ferfeelsume, mistreastige sfear. Dêrfoaroer steane lykwols kwaliteiten as in geef taalgebrûk, ryk idioom en in styl dy't in libbene ôfwikseling biedt fan dialogen en beskriuwing. De rykdom skûlet benammen yn de wize fan sizzen. Akkerman skriuwt yn in folksaardige praatstyl dy't autentyk oandocht.

As taalkundich ûnderstiper wurke er yn it ramt fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting (1966-1978) mei oan 'e fertaling fan 'e apokrife bibelboeken Jezus Sirach en Ester (Gryksk).

Wurk

Romans

  • 1936 : As de bern great wirde
  • 1941 : De erven fan Freark Japiks Hindrikje
  • 1943 : De soargeleaze (2de pr. 1944)
  • 1946 : It Freark Jabiksfolk (2de pr.1970; 3de pr. 1994)
  • 1949 : Hessel Ypma (2de pr.1976; 3e pr. 1993; 1999 as Grutletterboek útjûn; 4e pr. 2011)
  • 1950 : Wankend ljocht (2e pr.1969)
  • 1954 : De maitiid fan it libben
  • 1956 : In man allinne (2e pr.1982)
  • 1960 : Fan it anker slein
  • 1964 : De lêste fan de Kampenaers
  • 1965 : Doarp sûnder takomst
  • 1965 : Sybrand en syn sikretaris
  • 1965 : Ek mar minsken (2e pr.1977)
  • 1966 : Each om each
  • 1968 : It roer út hannen
  • 1972 : In haven bisyld
  • 1976 : Fan alle wâllen
  • 1977 : De koetsekralen (set yn in grutte letter)
  • 1981 : Wurde as in bern (2e pr.1982)
  • 1986 : It riedsel fan Trijebulten

Ferhalebondels

  • 1953 : Just, jawol (Piper en sâlt út Frysk en Frij)
  • 1959 : Just, jawol (2de diel)
  • 1961 : Krystforhalen
  • 1965 : Ek mar minsken (2de pr. 1977)
  • 1968 : Foar de lins: kar út de forhalen yn de "Leeuwarder Courant" oktober 1965-maeye 1968
  • 1969 : Dat sadwaende
  • 1975 : Lytse optocht (forhalen)
  • 1979 : Sa en net oars (forhalen)
  • 1988 : De bêste Fryske ferhalen fan Paulus Akkerman (gearstald troch Freark Dam)

Ferskaat

  • 1995 : Wat wie 't wat (njoggentich kursyfkes, fan 1963-1978 publisearre yn it Frysk Deiblêd)

Prizen

  • 1955 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De brânstifter)
  • 1959 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Ien misstap)
  • 1962 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De smjunt)
  • 1962 : KFFB Romanpriisfraach foar: De lêste fan de Kempenaers
  • 1964 : KFFB Romanpriisfraach foar: Earm fan geast
  • 1964 : KFFB Romanpriisfraach foar: Doarp sûnder takomst
  • 1967 : KFFB Romanpriisfraach foar: It roer út hânnen
  • 1969 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Yn it net fortiisd)
  • 1970 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: It offerlaem)
  • 1971 : Gysbert Japicxpriis (foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende)
  • 1972 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Yn 'e wachtkeamer)

Literatuer

  • 1993 : T. Steenmeijer-Wielenga yn Hessel Ypma (út de rige Fryske Klassiken) in artikel oer Paulus Akkerman, oer skriuwer, boek en útjeften
  • 1994 : T. Steenmeijer-Wielenga yn It Freark Jabiks Folk (út de rige Fryske Klassiken) in artikel oer skriuwer, boek en útjeften
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.