Pauline Krikke | ||
Algemien | ||
Berne | 9 maaie 1961 | |
Berteplak | Snits | |
Partij | VVD | |
Politike funksjes | ||
1994-2001 | Gemeenteriedslid yn Amsterdam | |
1996-2001 | Wethâlder yn Amsterdam | |
2001-2013 | Boargemaster fan Arnhim | |
2015-2017 | Lid Earste Keamer | |
2017-2019 | Boargemaster fan De Haach |
Pauline Christine Krikke (Snits, 9 maaie 1961) is in Nederlânsk bestjoerder en politika fan Frysk komôf. Fan 17 maart 2017 oant en mei 6 oktober 2019 wie se boargemaster fan De Haach. Earder wie se boargemaster fan Arnhim (2001-2013). Hja is lid fan de VVD
Jonkheid en stúdzje
Pauline Krikke waard yn 1961 berne yn Snits en se folge in bibleteekoplieding oan de Frederik Muller Akadeemje oan de Hegeskoalle fan Amsterdam en se studearre rjochten oan de Frije Universiteit fan Amsterdam. Dat hat se net dienmakke. Hja wie as studint belutsen by de Studinteferiening foar Ynternasjonale Ferhâldings en wie warber yn in jongere-organisaasje fan de Feriene Naasjes.
Polityk
Hja waard kampanjelieder foar de VVD yn Amsterdam, foarsitter fan de permaninte skoutingskommisje fan de VVD en rjochte yn 1986 in eigen bedriuw op foar it ferlienen fan tsjinsten op it mêd fan kampanjefieren, kongressen, en eveneminten.
Yn 1994 waard se keazen yn de gemeenterie fan Amsterdam. Twa jier letter waard se beneamd ta wethâlder foar ekonomyske saken, loft- en seehaven. Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 1998 krige sede portefúlje foar Ekonomyske Saken en Wurkgelegenheid, en Bouwe, Wenje en Ekonomy.
Boargemaster fan Arnhim
Yn septimber 2001 waard se boargemaster fan de Gelderske haadstêd Arnhim. Yn april 2007 joech de gemeenterie syn goedkarren ta it fannijs beneamenfan har as boargemaster. Yn oktober 2012 makke se buorkundich dat se gjin tredde termyn as boargemaster fan Arnhim woe. Hja gie op 1 july 2013 ôf en waard op 19 augustus 2013 opfolge troch Herman Kaiser fan it CDA. As har halswurk gou it sluten fan de ruteprostitúsje yn it Spijkerkwartier yn 2006.
Earste Keamer
Nei de Earste Keamerferkiezings fan 26 maaie 2015 waard se lid fan de VVD-Earste Keamerfraksje oant 7 maart 2017.
Boargemaster fan De Haach
Op 6 febrewaris 2017 droech de gemeenterie fan De Haach har foar om boargemaster fan dy gemeente te wurden as opfolger fan har partijgenoat Jozias van Aartsen. De ministerrie naam dy foardracht oer, wêrnei't se op 17 maart 2017 ta boargemaster beneamd waard.
Opskuor en ûntslach
Yn jannewaris 2019 krige se swier krityk fanwegen har rôl as boargemaster by it út de hân rûn freugdefjoer op it strân yn Skeveningen by âld-en-nij fan 2018-2019. Hja hie in soad bestjoerlike fouten makke by it tastean fan freugdefjoer yn Skeveningen en Duindorp. De Undersyksrie foar Feiligens stelde in ûndersyk yn nei it barren en de rôl fan Krikke.
Op 3 oktober 2019 brocht de rie syn raport út. Dêrút bliek dat ôfspraken oer feiligens ûndúdlik wiene en net goed op papier stiene. Boppedat waard it kovenant dat it grûnwurk fan de ôfspraken wien, nea nei it nije bestjoer fan de stifting, dy't it freugdefjoer organisearret, stjoerd. Trije dagen nei it ferskinen fan it raport frege se har ûntslach oan as boargemaster fan De Haach.
Underskieding
Pauline Krikke waard by har ôfskied as boargemaster fan Arnhim beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.