Paul van Ostaijen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
fakgebiet | literatuer, Poëzy | |
berop | poëet, skriuwer, politikus | |
lân | Belgje | |
geslacht | man | |
berne | 22 febrewaris 1896 | |
berteplak | Antwerpen | |
stoarn | 18 maart 1928 | |
stjerplak | Belgje, Miavoye[*] |
Leopold Andreas (Paul) van Ostaijen (Antwerpen, 22 febrewaris 1896 – Miavoye-Anthée, 18 maart 1928) wie in Belgysk dichter en proazaskriuwer.
Biografy
Van Ostaijen wie in soan fan in Nederlânske heit en in Flaamske mem. Op de middelbere skoalle waard er as in probleemgefal beskôge. Yn july 1913 waard er lang om let fan skoalle stjoerd en waard er betsjinner op it stedhûs fan Antwerpen. At de Earste Wrâldkriich útbrekt, flechtet van Ostaijen mei syn famylje nei Nederlân, mar doe't Antwerpen yn Dútske hannen kaam wie, gie er werom en pakte er syn wurk op it stedhûs wer op. Rillegau waard er in bekende figuer yn it Antwerpske útgeanslibben. De dichter krige de bynamme fan Meneer 1830, omdat er as dandy neffens de moade fan dy tiid oer de Meir en de De Keyserlei yn Antwerpen flanearre.
Paul van Ostaijen wie in warber flamingant. Yn novimber 1917 waard er feroardiele ta trije moannen finzenis omdat er de franskiljonske kardinaal Mercier dy't yn Antwerpen wie om dêr in grutte prosesje te hâlden, útfluitsje doar. It Dútske bestjoer besleat lykwols dat er de sel net yn hoechde. Nei de Earste Wrâldkriich flechte er nei Berlyn om't er benaud foar arrestaasje wie. Hy rekke dêr yn in djippe geastlike krisis. Yn Berlyn krige er ek kunde oan literators en keunstners fan it dadaïsme en ekspresjonisme. Hy begûn doe ek mear proaza te skriuwen.
Nei't er yn 1921 út ballingskip werom wie yn Belgje en yn Brussel in keunstgalery iepene hie, krige er te lijen fan tuberkuloaze. Hy stoar op 18 maart 1928 oan de gefolgen dêrfan yn it sanatoarium fan Miavoye-Anthée yn de Ardennen. Hy waard earst yn dit doarpke te hôf brocht, mar waard letter fannijs beïerdige op it Antwerpske Schoonselhof. Op 8 novimber 1972 kaam er definityf op it earepark te lizzen. Van Ostaijen's 'suvere lyryk' waard postúm útjûn ûnder de titel Nagelaten gedichten.
De Tsjechyske dichter Ivan Wernisch wie sa ûnder de Yndruk fan "it sjeny van Ostaijen"[1] dat er Nederlânsk learde om syn wurk oersette te kinnen (titel Tanec gnómů, 'Dûns fan de gnomen', yn 1990.)[2]
Wurk
Dichtbondels
- Music Hall (1916) (dekadintisme)
- Het Sienjaal (1918) (humanitêr ekspresjonisme)
- Bezette Stad (1921) (typografysk ekspresjonisme)
- Het eerste boek van Schmoll (1928) ('poésie pure')
- Feesten van Angst en Pijn (skreaun yn 1921, postúm publ.) (kalligrafysk ekspresjonisme)
- Nagelaten gedichten (1928) (organysk ekspresjonisme) mei û.o. Melopee
Oare publikaasjes
- De trust der vaderlandsliefde (1925, grotesken)
- Gebruiksaanwijzing der lyriek (poëtikale lêzing, 1926)
- Het bordeel van Ika Loch (1926, grotesken)
- Vogelvrij (1928, grotesken)
- De bende van de stronk (1932, grotesken)
Sitaten
- «Poëzie = woordkunst. Poëzie is niet: gedachte, geest, fraaie zinnen, is noch doctoraal, noch dada. Zij is eenvoudig een in het metafysiese geankerd spel met woorden.»
- «Dichtkunst mededeling van gedachten! Waarom niet: dichtkunst een berijmde moraalkodeks! Een timmerman moet een goede tafel maken. Niet een zedelike tafel, niet een … ethiese tafel. Zo de dichter.»
- «Ik ben twee-en-dertig haast en ben nog niet getrouwd. Zal ik dan op alle punten een toonbeeld moeten zijn van de integriteit eens kunstenaars? Zal ik dan in alle vakken van de kunst de eerste prijs halen?»
- «Bezette Stad was een vergif, als tegengif gebruikt. Het nihilisme van Bezette Stad kureerde mij van een oneerlijkheid, die ik eerlijkheid waande, en van buitenlyriese hoge-borst-zetterij. Daarna werd ik een doodgewoon dichter, dit is iemand die gedichtjes maakt voor zijn plezier, zoals een duivenmelker duiven houdt. Ik maak geen aanspraak op de medalje van burgerdeugd.
Priuwke
Zelfmoord des Zeemans
De zeeman
hij hoort de stem der Loreley
hij ziet op zijn horloge
en springt het water in
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paul van Ostaijen fan Wikimedia Commons. |