Passau
Passau mei de Sint-Stafanusdom
FlaggeWapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Beieren
RegierungsbezirkNiederbayern
Sifers
Ynwennertal52.803 (31-12-2019)
Oerflak69,57 km²
Befolkingstichtens759 /km²
Hichte312 m. boppe seenivo
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidepassau.de

Passau (lat. Batavium, Batava of Passavia) is in kreisfreie universiteitsstêd yn it súdeasten fan de Dútske dielsteat Beieren. De stêd leit oan de grins mei Eastenryk op it plak dêr't de rivieren de Donau, de Inn en Ilz byinoar komme, dêrom hat de stêd de bynamme Dreiflüssestadt. Alhoewol't de Inn de breedste fan de trije is, wurdt de rivier fierder dochs de Donau neamd, om't dy it langst is fan de trije.

De namme Passau is ôflaat fan de Latynske namme fan in Nederlânske hiersoldatenienheid yn it Bataafske leger.

Bonifatius makke de stêd yn 739 ta biskopsstêd. Biskop Pilgrim fan Passau soe de oantrún jûn ha ta it skriuwen fan it Nibelungenliet. 600 jier lang bleau Passau in selsstannich biskoplik prinsdom.

De stedsbrannen yn 1662 en 1680 ferneatigingen grutte dielen fan de stêd. In soad gebouwen waarden neitiid troch Italjaanske boumasters yn barokke styl wer opboud. Sûnt 1803 heart Passau ta de dielsteat Beieren.

Mei likernôch 53.000 ynwenners is Passau nei Landshut de op ien nei grutste stêd fan it regierungsbezirk Niederbayern.

It besjen wurdich

  • De Sint-Stefanusdom (Domplatz). It eastlik koer en it dwersskip binne goatysk en tusken 1407 en 1530 boud; it westlike diel fan de domtsjerke is nei in brân yn Italjaansk barokke styl weropboud (1678). Yn de tsjerke stiet it grutste piipoargel fan 'e wrâld.
  • Riedhûs (1393)
  • Alde residinsje (Zengergasse; gebouwen út ferskillende perioades)
  • Nije residinsje (Residenzplatz; ûntstien tusken 712-1730).
  • De fêsting "Oberhaus"
  • De fêsting "Niederhaus"
  • Simmerslot Freudenhain (noardlike kant Donau; simmerslot fan de prinsbiskoppen)
  • Hillich Krústsjerke mei it kleaster Niedernburg (eastlik fan de Domberg oan de Jezuitengasse; oarspronklik romaanske tsjerke, tusken 1860 en 1865 werom brocht yn romaanske foarmen)
  • Sint-Michaeltjerke (Schustergasse; earder jezuïtentsjerke)
  • Sint-Severinustsjerke (Innstadt, romaanske tsjerke, tsjintwurdich tsjerkhôfkapel)
  • Marije-Helptsjerke (Mariahilfberg, beafeartstsjerke en abdij op de súdlike kant fan de Inn)

Musea

  • Oberhausmuseum (Oberhaus 125)
  • Dommuseum (Residenzplatz)
  • RömerMuseum Kastell Boiotro (Ledergasse 4, argeologysk museum)
  • Glasmuseum Passau (Schrottgasse)
  • Museum Moderner Kunst (Bräugasse 17)
  • Dackelmuseum Kleine Residenz (Große Messergasse 1; museum foar leafhawwers fan tekkels)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.