Pasop is in buorskip yn de gemeente Westerkertier. It leit tusken Enumatil en Midwolde.
De buorskip leit yn in gebiet dat eartiids bestie út in grut Feankompleks. By it ôfgraven fan de turf ûntstienen op mear plakken petgatten. Guon dêrfan binne hielendal tichtgroeid wêrtroch't it lânskip dat fanâlds hielendal iepen wie no in mear besletten karakter hat.
Namme
De namme ferwiist nei it Latynse wurd pascua of pascere, wat dan tsjut op de (mienskpilike) greiden dy't hjir destiids wiene (fergelykje: kompaskuum).
In oare mear populaire, mar minder plausibele ferklearring fan de namme, is dat dy ferwiist nei in tol dy't der eartiids stien hat. De tolbaas soe passanten dy't besochten de tol ûngemurken foarby te gean lûd taroppen hawwe: "Pas op".
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.