De Grutte Oseaan, Stille Oseaan of Pasifyske Oseaan, eartiids Stille Súdsee neamd, is in wrâldsee dy't tusken East-Aazje, Noard- en Súd-Amearika en Austraalje leit. De oseaan grinzet yn it noarden oan de Noardlike Iissee en yn it suden oan de Súdlike Oseaan. De Stille Oseaan is de grutste oseaan op ierde. Dy beslacht in oerflak fan 165,2 miljoen km², koartsein 32% fan it ierdoerflak; mei de seeën om de Stille Oseaan hinne beslacht de wettermassa 35% fan it ierdoerflak.
Geografy
De neikommende lannen lizze yn dizze oseaan:
- Nij-Seelân
- grutte eilângroepen :
- Polyneezje (yn it midden, mei Frânsk Polyneezje en Tahity; ek Hawaï en Peaske-eilân hearre by Polyneezje),
- Melaneezje (yn it westen, Nij-Guinea heart der ek wol by), en
- Mikroneezje (yn it noardwesten).
- oare eilannen:
- Clipperton (Frankryk)
- Kokoseilân (Kosta Rika)
- Desventaduros (Sily)
- Galapagoseilannen (Ekwador)
- Isla Guadalupe (Meksiko)
- Juan Fernández-archipel (Sily)
- Maria Theresa en Ernest-Legouvé (Frankryk, der is gjin wissichheid oer it bestean fan dy eilannen)
- Revillagigedo-eilannen (Meksiko)
- Rocas Alijos (Meksiko)
Wetter
De temperatoeren fan it wetter yn 'e Stille Oseaan lizze om de 0 °C yn 'e poalgebieten oant sa'n 29 °C by de evener hinne. De sâltens fan it wetter is op alle poalhichten oars. It wetter by de evener is minder sâlt as op oare plakken, fanwege tefolle ekwatoriale presipitaasje. Om de poalen is it wetter net sa sâlt, omdat dêr net folle ferdamping fan it seewetter is.
De streamrjochting fan it wetter fan de Stille Oseaan rint oer it generaal mei de wizers fan de klok mei op it noardlik healrûn, op it súdlike healrûn krekt oarsom.
Klimaat
Allinnich de lannen dy't fier fan de oseaan ôf lizze hawwe gjin ynfloeden fan it Stille Oseaanklimaat. Binnen it oseaangebiet binne der fiif skiften fan klimaatgebieten:
- de evenredige westlike sône,
- de passaatsône,
- it Moessongebiet,
- it orkaangebiet en
- de stiltegurdel.
De mylde westlike sône wurdt, yn it noarden en it suden, skaaimerkt troch dúdlike seizoensferskillen wat de temperatoer oanbelanget. Deunby de evener, dêr't de measte eilannen lizze, waait in passaatwyn dy't it hiele jier foar in ridlik konstakte temperatoer (21 - 27 °C) noed stiet.
It moessongebiet leit yn 'e westlike Stille Oseaan tusken Japan en Austraalje yn. Skaaimerk fan dat klimaatgebiet is de wyn dy't winterdeis fan it kontinintale binnenlân nei de oseaan waait en simmerdeis de oare kant op waait. De measte tyfoans komme foar yn it gebiet tusken Japan, de sintrale Filipinen en eastlik Mikroneezje.
Der binne twa wichtige stiltegordels yn de oseaan, ien by de westkust fan Midden-Amearika en de oare by de evener yn de westlike Stille Oseaan. Beide gebieten binne bekend om de wiete loften en stadige winen út alle rjochtingen wei.
Geology
De Andesytline foarmet de wichtichste regionale swette yn de Grutte Oseaan. It skiedet it djippere stollingsstiente fan it sintrale Pasifyske bekken fan de kontinintale gebieten mei soerhâldend stollingsstiente dy't foar in part ûnder it wetter leit.
Atlantyske Oseaan - Yndyske Oseaan - Noardlike Iissee - Stille Oseaan - Súdlike Oseaan |