Pas-de-Calais

Lokaasje fan it departemint Oise (read) yn Frankryk.
flagge wapen
polityk
soarte gebietdepartemint
lân Frankryk
regio Hauts-de-France
haadplakArras
grutste plakCalais
departemintsnûmer62
sifers
ynwennertal1.466.743 (2018)
oerflak6.671 km²
befolkingstichtens220 / km²
oar
stifting1790
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten50°57′ N 1°51′ E
websidepas-de-calais.fr

Pas-de-Calais is in Frânsk departemint yn de regio Hauts-de-France. De namme fan it departemint ferwiist nei it Nau fan Calais.

Skiednis

Kaart fan it departemint Pas-de-Calais yn de regio Hauts-de-France

Pas-de-Calais is ien fan de 83 departeminten, dy't oprjochte waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje.

Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint Pas-de-Calais by de regio Nord-Pas-de-Calais, dy't yn 2016 yn de regio Hauts-de-France opgyng.

It gebiet fan Pas-de-Calais komt foar it grutste part oerien mei it histoaryske greefskip Arteezje.

Geografy

It departemint grinzget yn it westen en noardwesten oan It Kanaal en de Strjitte fan Dover, yn it noardeasten oan it departemint Nord en yn it suden oan it departemint Somme. De gemeenten Boursies, Doignies en Mœuvres foarmje in eksklave fan it departemint Nord yn it departemint.

Karakteristyk foar it gebiet wiene de minen en swiere yndustry. Troch it sluten fan minen en oare bedriuwen hat Pas-de Calais te krijen mei in relatyf hege wurkleazens en in soad sosjale problematyk.

Wichtige rivieren yn it departemint binne de Authie, Canche, Ternoise, Liane, Sensée, Scarpe, Deûle, Lys en Aa.

De kust bestiet fral út strân, mar hat ek in pear kliffen: de krytrots Cap Blanc-Nez fan 134 meter en de 45 meter hege Cap Gris-Nez fan sânstien. Oan de oare kant fan it wetter lizze de kliffen fan Dover. It heechste punt fan Pas-de-Calais is de Mont Anor mei in hichte fan 271 meter.

Bestjoerlike yndieling

It departemint Somme is ûnder te ferdielen yn 7 arrondisseminten, 39 kantons en 890 gemeenten

Arrondissemint Ynwenners 01.01.2018 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten
Arras 249.1962.259,651108357
Béthune 293.034712,224118104
Boulogne-sur-Mer 158.258640,50247474
Calais 157.185598,802634263
Lens 368.212353,121.043950
Montreuil 111.5191.330,72845164
Saint-Omer 129.339819,95158589
Departemint Pas-de-Calais 1.466.7436.714,9621839890

Befolkingsûntwikkeling departemint Pas-de-Calais sûnt 1962

Jier196219681975198219901999200820152018
Ynwenners1.366.2481.397.0991.402.2951.412.4131.433.2031.441.5681.459.5311.472.6481.477.743
Boarnen: Cassini en INSEE

Stêden

De grutste gemeenten yn it departemint neffens ynwennertal binne:

Calais, stedhûs
Stêd Ynwennertal Arrondissemint
Calais72.929Calais
Arras41.555Arras
Boulogne-sur-Mer40.664Boulogne-sur-Mer
Lens31.606Lens
Liévin30.423Lens
Hénin-Beaumont25.917Lens
Béthune25.193Béthune
Bruay-la-Buissière21.851Béthune
Avion17.583Lens
Carvin17.399Lens
 
Departeminten fan Frankryk
Flagge fan Frankryk

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten
971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.