Parys
Polityk
Lânflagge fan Frankryk Frankryk
RegioÎle-de-France
Sifers
Ynwennertal2.220.445 ynwenners (2014)
Oerflak105,4 km²
Befolkingsticht.20.980 km²
Stêdekloft12.405.426 ynwenners (2014)
Hichte33 m. (28–130 m.) boppe seenivo
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten48°52′ N, 2°19′ E
Offisjele webside
www.paris.fr

Parys (Frânsk: Paris) is de haadstêd en grutste stêd fan Frankryk. Tagelyk is it de haadstêd fan de regio Île-de-France, de regio mei de measte ekonomyske aktiviteit fan Frankryk. De bynamme fan Parys is de Ljochtstêd (la Ville Lumière). De romantyske reputaasje fan Parys ferklearret foar in part dat elts jier 30 miljoen besikers nei de Frânske haadstêd tôgje. De rivier de Seine snijt de stêd yn twa-en mar beide parten binne middels stikmannich brêgen en in wiidweidich metrosysteem mei mekoar ferbûn.

De Stêd Parys hat 2.220.445 (2014) ynwenners, de stêdekloft Parys wurdt bewenne troch 12.405.426 minsken (2014).

Geografy

Hichtekaart fan it stedsgebiet.

Parys leit yn it noarden fan Frankryk, sa'n 300 kilometer súdlik fan Brussel. De stêd is ûnderdiel fan de regio Île-de-France.

It stedsgebiet hat in oerflak fan 105,4 fjouwerkante meter. Dat komt oerien mei de grutte fan de gemeente Achtkarspelen. De stêdekloft strekt him út oer 14.518 fjouwerkante meter. Dat beslacht sawat in tredde fan Nederlân. De stêd leit sa'n 65 meter boppe seenivo. De heuvel Montmartre is mei syn 129 meter it heechste natuerlike punt yn it stedsgebiet.

De Seine ferbynt Boergonje mei It Kanaal. De river streamt fan it súdeastlike diel fan it stedsgebiet mei in bocht nei it súdwesten, om dêrnei in slinger nei it noarden ta te meitsjen. Parys is ûntstien op de eilannen fan de Seine. De Île de la Cité is it âldste stik fan Parys. By de yndieling fan it stedsgebiet wurdt in ûnderskied makke tusken Rive Droite (Parys op 'e rjochterigge) en Rive Gauche (Parys op 'e linkerigge).

Klimaat

Parys hat in seeklimaat. De trochsneed temperatuer fan oer it hiele jier is 10,8 graad celsius de trochsneed delfal is oer it hiele jier 649,6 millymeter. De waarmste moanne is july mei 18,4 graad celsius de kâldste is jannewaris mei gemiddeld 3,5 graad celsius. De measte delfal falt yn de maaiemoanne mei gemiddeld 65,0 millymeter. Augustus is mei in trochsneed fan 43,0 millymeter rein de drûchste moanne. Sûnt 1873 wurde der yn Parys regelmjittich meteorologyske mjittingen dien. De leechst fêststelde temperatuer wie -23,9 graad celsius op 10 desimber 1879. De waarmste dei wie 40,4 graad en waard op 28 july 1947 yn it Parc Montsouris metten.

Gemiddelden Jan. Feb. Mar. Apr. Maa. Jun. Jul. Aug. Sep. Okt. Nov. Des.
Maksimale temperatuer (°C) 6,9 8,2 11,8 14,7 19,0 21,8 24,4 24,6 20,8 15,8 10,4 7,8
Minimale temperatuer (°C) 2,5 2,8 5,1 6,8 10,5 13,3 15,5 15,4 12,5 9,2 5,3 3,6
Reinfal yn (mm) 53,7 43,7 48,5 53,0 65,0 54,6 63,1 43,0 54,7 59,7 51,9 58,7
Reindagen 10,2 9,3 10,4 9,4 10,3 8,6 8,0 6,9 8,5 9,5 9,7 10,7

Skiednis

De bestoarming fan de Bastille wie it begjin fan de Frânske Revolúsje.

Yn 52 f.Kr. ferovere Julius Caesar Parys, dat troch de Romeinen Lutetia Parisiorum neamd waard. De stêd hat syn namme te tankjen oan de Parisii, in folk dat him fêstige hat op de eilannen yn 'e Seine. Dat wie strategysk in goeie set, boppedat wienen der hannelspaden by de Seine lâns. Dat wie gaadlik foar in goede wolfeart.

Yn 'e maitiid fan 451 waard Parys oanfallen fan Attila de Hun. De Parisii en it famke, Genoveva of Geneviève, waard letter patroanhillige fan de stêd, kearden de oanfallen fan de Hunnen op. It belis en de oanfallen fan de Hunnen mislearren en se moasten werom nei Orléans.

Yn 'e 13e iuw waard it sompige lân fan de oare ouwer rjochts fan de Seine drûchlein. Yn 'e 13e iuw waard ek útein set mei de bou fan it Louvre en de Notre-Dame.

Fan 1420 ôf waard Parys beset troch de Ingelsen. Doe't de besetting dien wie, begûn de striid om it bouwen op 'e nij. Dat is werom te sjen oan de Pont Neuf en de tunen fan Lúksemburch (les jardins du Luxembourg).

Bou fan de Eiffeltoer yn augustus 1888.

Op 14 july 1789 wie de bestoarming fan de Bastille, dêr't de Frânske Revolúsje mei begûn.

Wilens de hearskippij fan Napoleon III waard Parys yngeand ferboud troch Georges-Eugène Haussmann. Yn Parys wennen in protte mynwurkers in lytse huzen. Alle stêdsdielen waarden sljochte, en dêrnei wie der plak foar de brede boulevards, avenues en grutte pleinen waarden op 'e nij oanlein. Dat wie better foar it tafersjoch op de ynwenners fan Parys. De meast ferneamde avenue is de Avenue des Champs-Élysées. De huzen hawwe suver allegear in lichte kleur, omdat se fan kalkstien boud binne. Yn 'e kriten om Parys hinne wie der kalkstien by 't soad.

De faaks minste dei yn de skiednis fan Parys hat 28 maaie 1871 west, doe't goed 20.000 ynwenners deaden binne by in opstân, de Kommune fan Parys.

Wilens de Earste Wrâldkriich bleau Parys frij fan it Dútske hear, de Dútsers kamen net by Parys.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard Parys yn 1940 wol troch de Dútsers ferovere. Op 25 augustus 1944 waard Parys befrijd. De Alliearden hawwe dat de Frânsen sels dwaan litten.

De Olympyske Simmerspullen 1900 en de Olympyske Simmerspullen 1924 waarden beide yn Parys holden. Yn 1914 soe it Universele Esperantokongres yn Parys plakfine, behindere troch de Earste Wrâldkriich. Yn 1932 en 1950 waarden de kongressen op 'e nij holden.

Yn Jeropa en de wrâld hat Parys altyd in sintrum fan kultuer west.

Toeristyske plakken

Te hôf brocht yn Parys: byldhouwer Constantin Brâncuşi.

Ekonomy

It sakesintrum La Défense.

Parys is it ekonomyske sintrum fan Frankryk en de stêdekloft is ien fan de grutsten fan Europa. De stêd is wiid ferneamd as moadestêd dêr't bedriuwen fêstige binne op it mêd fan klean, juwielen, rûkersguod ensafh. Der wurde ek gemyske produkten, auto's, fleanmasines, elektryske apparaten en farmaseutyske produkten makke. De swiere yndustry leit oer it generaal net binnen de stedsgrinzen, mar mear om de stêd hinne. Suver alle wichtige Frânske bedriuwen hawwe in haadsit yn Parys. Gauris binne dat bedriuwen út de tsjinstesektor en finansjele ynstellings. De belangrykste Frânske beurs, de CAC 40, is yn Parys fêstige. Yn earder tiden lei it ekonomyske swiertepunt fan de stêd oan de rjochterigge fan de Seine (Rive Droite); it belang dêr fan is lykwols sûnt de santiger en tachtiger jierren fan de 20e iuw minder wurden. Hjoed de dei binne de stedsdielen La Défense en de Montparnasse de plakken dêr't saken dien wurde. In tredde part fan it Frânske BYP nimt de regio Parys foar syn noed. De wurkleazens is net heger as leger as de Frânske trochsneed, hoewol't it tal wurkplakken yn Parys sûnt de njoggentiger jierren fan de 20e iuw in fearnspart minder wurden is. It minderjende tal wurkplakken rint lykop mei de ferhuzing fan (yndustriële) bedriuwen dy't har sûnt dy tiid bûten de stedsgrinzen fêstige ha. De measte TV- en radiostjoerders as ek de grutste mediakonserns („Vivendi Universal“, „Groupe Lagardère“, „Groupe TF1“) fan it lân hawwe harren haadsit yn Parys. Fierders is de stêd it plak dêr't ferskate ynternasjonale deiblêden mei betsjutting skreaun wurde („Le Figaro“, „Le Monde“, „Libération“) en Parys is in stêd dêr't ferskate grutte ynternasjonale útjouwers fêstige binne.

Ferfier

Dikekaart.
Fleanferkear

Parys hat trije ynternasjonale fleanfjilden: Aéroport d'Orly, Aéroport Roissy-Charles-de-Gaulle en Aéroport de Paris Beauvais Tillé. Aéroport d'Orly en Aéroport Roissy-Charles-de-Gaulle binne mei-inoar ferbûn troch in direkte spoarferbining.

Rails en bussen

De stêd hat in wiidweidich metronetwurk mei 16 linen en oer langte fan mear as 200 kilometer. De metro slút oan op de RER-treinen, dy't it sintrum mei de foarstêden ferbine. De tram rydt yn de hiele stêdekloft oer fjouwer linen. De bussen yn Parys ride ûnder it bedriuw RATP. De seis grutte treinstasjons fan Parys binne Gare du Nord, Gare de l'Est, Gare de Lyon, Gare d'Austerlitz, Gare Saint-Lazare en Gare Montparnasse. Grutte treinstasjons yn de omkriten fan Parys binne Marne-la-Vallée - Chessy (TGV-stasjon Disneyland Resort Parys) en it treinstasjon op it fleanfjild Charles de Gaulle.

Sneldiken

Fierders is Parys in sintrumplak foar Frânske sneldiken. Om de stêd hinne leit in 35 kilometer lange rûnwei mei 8 banen, de Boulevard Périphérique.[1] It ferkear yn de stêd is ornaris bekend as hiel drok en stadich. De Place Charles de Gaulle (eardere namme Place d'Etoile), dêr't tolve diken by de Arc de Triomphe gearkomme, is romroft om syn ferkearsgaos. Fan de Boulevard Périphérique ôf hawwe ferskate útritten in transferium (ek wol P+R of 'Parc relais' neamd).

Polityk en bestjoer

It Stedshûs fan Parys by nacht.

Parys is it 75e departemint fan Frankryk. It gebiet fan it departemint komt foar in grut part oerien mei de grinzen fan de gemeente Parys.

Parys hat tweintich bestjoerlike stedsdistrikten (arrondisseminten), elk mei in demokratysk keazen arrodissemintsried. Mei-inoar binne der 517 arrondissemintsriedsleden. Ut harren fermidden wurde de 163 leden fan de Ried fan Parys (conseil de Parys) keazen. De leden fan de Ried fan Parys kieze de boargemaster fan Parys. Sûnt maart 2001 is Bertrand Delanoë de boargemaster fan Parys. Ferneamde âld-boargemasters wienen Jean Tiberi (1995-2001) en Jacques Chirac (1977-1995).

De Ried fan Parys is tagelyk gemeenterie en departemintsried, it foech fan beide bestjoeren ranet gear yn ien ried.

Formeel hat Parys 20 kantons dêr't de grinzen lykop rinne mei dy fan de gemeentlike arrondisseminten. Alle arrondisseminten hawwe in eigen ried en boargemaster en wurde yn ferkiezingstiid brûkt as kiesdistrikten. Elk arrondissemint hat fjouwer Quartiers (wiken).

Parys hat Rome as iennichste partnerstêd. Dêrneist hat Parys tsientallen susterstêden.

Keppeling om utens

Commons Commons: Parys – foto, fideo en harktriemmen


It sintrum fan Parys by nacht.
It sintrum fan Parys by nacht.


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Paris mit dem Auto
 
Departeminten fan Frankryk
Flagge fan Frankryk

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten
971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.