Partituerside (út de opera William Ratcliff, fan César Cui)

De partituer (fan it Italjaanske partitura, "yndieling") is de hantlieding foar de dirigint by de útfiering fan in muzykstik troch in orkest. Yn de partituer binne - foar sa fier mooglik - de tinzen fan de komponist omset yn lêsbere blêdmuzyk, al of net mei tekstuele tafoegings. Yn de partituer steane alle partijen ûnderinoar syngroan op de maatbalke oanjûn sadat de dirigint foar alle partijen tagelyk sjen kin wat op in bepaald stuit de bedoeling is.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.