Parregea | |
---|---|
Himrik fan Parregea yn de eardere gemeente Wûnseradiel | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Fryslân |
Gemeente | Súdwest-Fryslân |
Sifers | |
Ynwennertal | 485 (2021)[1] |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 1' 6" NB, 5° 28' 44" EL |
Webside | Side Parregea en Hieslum |
Parregea is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de Warkumer Trekfeart. Oant 2011 lei Parragea yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It doarp hat likernôch 485 ynwenners (1-1-2021). Midden troch Parregea rint de Warkumer Trekfeart, dy't groeven is yn 1609. De brêge oer de feart is it mulpunt fan it doarp. Oan de westkant fan it doarp leit no de N359. Mar oant 1879 lei nei it westen de Parregeaster Mar. Parregea wie dêrmei in fiskersdoarp.
Utbuorrentsjes ûnder Parregea binne Aambuorren, Angterp, Yndyk, Monebuorren en Suderein.
Aambuorren soe in oantinken wêze oan it Aamegaslot, Suderein is in rige huzen by de trekfeart lâns.
Mienskip
Parregea hat noch in eigen kristlike doarpsskoalle, De Paadwizer, dy't ek iepen stiet foar bern mei oare leauwensoertsjûgings. Hast alle bern út Parregea, Hieslum en Dedzjum, en ek út Ferwâlde en Gaast, geane hjir nei skoalle.
Parregea hat mei Hieslum ien feriening foar Doarpsbelang. It doarpshûs hjit De Gearhing dy't ek troch skoallen en ferienings brûkt wurdt. By de iisbaan stiet jeugdhonk Us Jister. Alle jierren is der in feest: Parpop.
Yn Parregea stiet in brânwachtkazerne dy't part is fan de Feilichheidsregio Fryslân.
Tsjerke
De tsjerke fan Parregea is de Sint-Jehannes de Dopertsjerke dy't út de fjirtjinde iuw komt en wijd is oan Jehannes de Doper. Hy bestiet foar it grutste part út giele kleastermoppen. De toer is in sealtektoer.
Ferienings
- Oranjeferiening
- Follybalferiening
- Badmintonferiening
- Gymnastykferiening
- Jongereinfuotbal Parregea
- Toulûkferiening; traint lykwols yn It Heidenskip
- Winter Wille - iisbaanferiening
- Excelsior - kristlik harmony-orkest
- Hallelujah - kristlike sjongferiening
- Hikke fan de daam - gesellichheidskoar
- 't Bruine Café - biljerten
Befolking
Strjitten
Aaltsjemarwei, Angterperleane, Ferwâlderpaad, Freark Faberwei, Horstwei, Tsjerkebuert, Trekwei, Tynjestrjitte, Waubertstrjitte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|