Parma | ||
Oersjochfoto fan de âlde binnenstêd | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Emylje-Romanje | |
Provinsje | Parma | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 198,292 (oktober 2020) | |
Oerflak | 260 km² | |
Befolkingsticht. | 676 ynw/km² | |
Hichte | 55 m | |
Offisjele webside | ||
Parma – offisjeel webstee | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Parma yn Itaalje
|
- Dizze side giet oer de Italjaanske stêd Parma. Foar oare betsjuttings, sjoch: Parma (betsjuttingsside).
Parma is in stêd yn de Poflakte yn de Italiaanske regio Emylje-Romanje. De stêd hat 198.292 ynwenners [1].
Parma is in yndustrystêd dy 't foaral fan belang is foar de itenswareyndustry. Oan 'e stêd binne produkten as de Parmezaanske tsiis en parmaham ferbûn.
Parma foarme tegearre mei Piacenza iuwenlang in hartochdom (Hartochdom Parma en Piacenza), dêr 't nammen oan ferbûn binne as Margareta fan Parma en Alexander Farnese, de hartoch fan Parma, dy't yn de skiednis fan de Nederlannen in wichtige rol spile hawwe. De hjoeddeiske hartoch fan Parma is prins Carlos de Bourbon de Parme, soan fan prinses Irene fan de Nederlannen en prins Carel Hugo.
Bekende Parmezanen wiene de operakomponist Giuseppe Verdi, dy't yn de buert fan de stêd berne waard en nei wa't it pleatslike fleanfjild neamd is, de dirigint Arturo Toscanini en de filmregisseur Bernardo Bertolucci.
Galery
- Palazzo del Governatore
- Baptisterium.
- Palazzo del Giardino
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Wikipedy:NL
|